Rouboerd

Ut Wikipedy
Dit ynterieur fan de Nije Tsjerke yn Delft mei de ferdwûne rouboerden fan de Oranjes lit sjen hoe oerladen de Nederlânske tsjerken yn de 18e iuw wiene.
Dit rykfersierde 18e iuwske rouboerd is ynspirearre troch de wapenkast en toant ek de wapens fan de foarâlden (de kertieren) en in typysk vanitas motyf; de deadsholle mei flearmûswjukken

In rouboerd is in swartferve houten boerd mei namme, titel en wapenskyld fan in ferstoarne pommerant. Op it meastentiids rútfoarmige boerd waard faak de bertenamme en de stjerdatum oanjûn. De skilder is net altyd bekend bleaun. De roubuorden waarden op de gevel fan it stjerhûs ophongen en waarden dan letter oan de muorren ophongen fan de tsjerke dêr't de ferstoarne beïerdige waard.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste roubuorden wienen sober útfierd, mear as namme, wapen en it (Latynske) wurd OBIIT (ferstoarn) mei in meastal yn Romeinske sifers skreaun jiertal wie der net op te sjen.
Yn de 17e iuw waard de heraldyk riker en op 18e iuwske roubuorden sjogge wy folle symboalen fan de dea, de ivigens en de fergonklikens: deadshollen, flearmûswjukken, ourobouros, bonken, al as net fleugele sânglêzen, útdôve fakkels, seines, omkearde toartsen en brutsen pylders yllustrearje de dea en biede it each in wolkomme ôflieding by al te lange preken.
Oars as op moderne grêfstiennen wenst is waarden der nea bibelteksten by op setten. Wie it rouboerd fan de generaasje dy't de Republyk fan de Nederlannen stifte hie noch sober fan foarm en beskildering, harren ryk wurden bern en pakesizzers keazen foar hyltyd gruttere en kostberder foarmjûne roubuorden. Op byldhouwurk en ferguldsel waard net besunige en se pronken mei de wapens fan de foarâlden en harren heraldyske rangkroanen. No kamen dizze ryk wurden keaplju en reginten net út âlde, ta it dragen fan wapens berjochtige, famyljes. Yn in oantal gefallen waard ek foarâlden sûnder wapen dêrom efterôf noch in fraai eagjend wapenskyld jûn wêrby't men faak wapendieren fan oare famyljes mei deselde namme "liende".

Der binne gjin grutte ferskillen tusken de roubuorden fan manlike en froulike ferstoarnen oan te wizen. Faak, mar net altyd, brûkte in frou in rútfoarmich of ovaal wapenskyld. Typysk foar in widdo is it brûken fan in om it skyld knope cordelière.

De regearing fan de Bataafske Republyk seach de roubuorden mei har aadlike pretinsjes as in symboal fan de âlde, omfiersmiten, stannemaatskippij en ferbea yn 1798 alle ôfbylden fan wapenskylden. Dy heraldyske ornaminten wienen ommers yn striid mei de út Frankryk oernommen leus " Liberté, Égalité, Fraternité" en tûzenen prachtich skildere buorden waarden op ûnthjit fan de oerheid ta brânhout kapt. Se tsjûgje ommers fan iuwenâlde ûngelikensens dêr't gelikens it politike programma wie.
Troch tafal, of omdat in lokale bestjoer himynsette foar de roubuorden bleauwen dizze soms bewarre lykas yn de tsjerke fan Midwolde dêr't de fraaie 17e en 16e iuwske roubuorden fan de famylje Von Inn und Knyphausen bewarre bleaun binne.
Ek yn Hegebeintum binne in soad prachtige roubuorden, it giet om de bewenners fan de tichtby lizzende Harsta state, bewarre bleaun. Oare plakken mei in soad roubuorden binne Aldegea, Bûtenpost, Driezum, Friens, Smelle Ie, Sweins en guon yn Damwâld, Goutum, Gytsjerk, Hallum, Kimswert, Makkum, Snits, Warkum en Wolvegea.

Doe't de Frânske revolúsje úttjirge wie, wie de tradysje fan it ophingjen fan de wapenbuorden suver fergetten. Hjir en dêr yn Nederlân hawwe benammen adellike famyljes dochs oant yn ús tiid wapenbuorden meitsje litten en ophongen. Wapenbuorden binne in grutte boarne fan kennis foar de heraldyk. It ôfbylde rútfoarmige rouboerd mei it wapen fan de Belgyske Roomsk-Katolike pryster Mgr. de Kesel lit de oerladen roubuorden fan de 18e iuw efter him en is yn de suvere foarmen en kleuren fan de 18e iuw beskildere. It ôfbylde biskopswapen mei de typyske griene prelatehoed mei twa kear seis griene ôfhingjende kwasten is in foarbyld fan tsjerklike heraldyk.
Neffens tsjerklik rjocht, sa skriuwt Bruno Bernard Heim bestienen der foar " leke-wapens mar trije oanspraken op de talitting fan wapens yn tsjerken; it rjocht fan patronaazje, begraffenis en skinking. Heim beneidrukt dat ek it brûken fan wapens fan net-geastliken op grêven op begraafplakken en yn tsjerken "ûnderwurpen is oan it katolike kanonike rjocht".

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Auteur Hessel de Walle jout yn syn boek Friezen uit vroeger eeuwen ûnder oaren in oersjoch fan de teksten fan sa goed as alle roubuorden út Fryslân. Op 'e webside fan 'e auteur binne oanfollingen en wizigingen te finen: Friezen uit vroeger eeuwen