Springe nei ynhâld

Sânglês

Ut Wikipedy
Sânglês

In sânglês of sânrinner is in ynstrumint om de tiid te mjitten. It bestiet út twa glêzen reservoirs dy ’t mei in smelle ferbining mei elkoar ferbûn binne. Yn it boppeste reservoir sit sân dat troch de swiertekrêft troch it smelle kanaal falt, en in bepaalde tiid nedich hat om kompleet fan it boppeste nei it ûnderste reservoir te gean. Dêrnei kin it sânglês omdraaid wurde wêrnei ’t it proses opnij begjint.

It sân is meastentiids fyn sân, mar der waard ek wol mealde aaiskilen of meald moarmer brûkt. At ’t it sân presys in oere nedig hat om hielendal nei ûnderen te fallen, wurdt sprutsen fan in ‘oerglês'. It Ingelske wurd foar sânglês is ek hourglass, likefolle oft it trochrinnen fan al dat sân in oere duorret.

Yn de seefeart waard eartiids, fan de 14e iuw ôf, it sânglês brûkt om de snelheid yn knopen te mjitten. Ek de tiid fan de dei koe op see byholden wurde, wêrby ’t elke dei opnij begûn waard as de sinne op it heechste punt stie. De tiid waard mjitten yn glêzen: nei 30 minuten wie it sânglês trochrûn en waard it glês omdraaid. Op de heale oeren waard de skipsbel dan ien kear let; op de heule oeren twarres.

Yn sommige âlde tsjerken stiet in sânglês op de preekstoel. Koart nei de reformaasje holden dominees derfan om tige lang oan it wurd te bliuwen. Se preken bytiden samar oardel oere oan ien stik wei troch, ta fertriet fan in soad taharkers. De synoade fan Dordrecht yn 1574 besleat doe dat in preek maksimaal in oere duorje mocht. Op talleaze preekstuollen ferskynden doe sânglêzen, ûnder mear noch te sjen yn de tsjerken fan Wemeldinge, Groede, Renesse en Bloksyl. Sânglêzen fan 15 sekonden waarden yn it ferline gauris brûkt troch dokters en ferpleechkundigen om immens polsslach te mjitten.

Tsjintwurdich wurde se bytiden noch brûkt by spuljen, of by it koaitsjen fan aaien. Yn de sauna wurde ek noch gauris sânglêzen brûkt.

It sânglês wurdt assosearre mei tiid en is werom te finen yn in soad ôfbylden dy ’t te krijen hawwe mei de fergonklikheid fan it libben (vanitas). As sadanich komt it symboal ûnder mear foar op begraafplakken as ien fan de grêfsymboalen en ek binnen de frijmitselerij. It motyf is ek faak werom te finen op allegoaryske skilderijen en stillibbens út de Hollânske Renêssânse. Meagere Hein (in personifikaasje fan de dea) wurdt faak ôfbylde mei in sânglês yn de hân. It sânglês wurdt ek ôfbylde op pirateflaggen.

By kompjûters wurdt de kursor soms yn in sânglês feroare, oan oan te jaan dat de kompjûter dwaande is.