Springe nei ynhâld

Sauna

Ut Wikipedy
In moderne sauna.

In sauna is in lytseftich apart gebou of in romte yn in grutter gebou, ûntwurpen om te fungearjen as in plak dêr't minsken drûge of wiete hjittens ûndergean kinne. It kin ek in gelegenheid wêze dêr't ferskate sokke fasiliteiten beskikber binne foar iepenbier gebrûk.

De sauna komt oarspronklik út Finlân, in lân dat in echte saunakultuer hat, en dêr't frijwol eltse wente fan in eigen lytse sauna foarsjoen is. De lânseigen Yndiaanske folken fan Midden-Amearika hawwe in eigen foarm fan 'e sauna, de temazcal. Ek de swithutte of sweat lodge fan 'e Noardamerikaanske Yndianen is besibbe oan 'e sauna.

Der besteane tsjintwurdich twa soarten sauna's: tradisjonele sauna's, dêr't streekrjocht de lucht opwaarme wurdt, en ynfrareadsauna's, dêr't objekten lykas stiennen of stikken houtskoal opwaarme wurde, dy't dan de lucht opwaarmje. De temperatuer yn in moderne drûge sauna kin oprinne oant boppe de 100º C, wat inkeld ferdroegen wurde kin om't de luchtfochtichheid keunstmjittich tige leech holden wurdt; as der mear wetter yn 'e lucht sitte soe, soe dat by sa'n temperatuer begjinne te sieden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.