Hessel de Walle

Ut Wikipedy
Hessel de Walle
Foar it Alvestêdebrechje
Foar it Alvestêdebrechje
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hessel de Walle
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1958
berteplak Dokkum
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt selsstannich database konsultant
jierren aktyf 1980-er jierren – no
offisjele webside
www.walmar.nl

Hessel de Walle (Dokkum, 1958) is in Frysk skriuwer.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Walle is berne yn Dokkum en studearre yn 1983 ôf as Skandinavist en Frisist, mar gie oan 'e slach as database konsultant. Yn 1985 en 1986 sette er foar de Afûk twa boeken oer út it Deensk: Lasse Taksy hâldt der mei op en Strieën Tarzan. Yn 2001 begûn er yn gearwurking mei de Grêfskriftekommisje oan 'e opset fan in database foar Fryske memorabilia. Yn 2007 ferskynde syn boek Friezen uit vroeger eeuwen mei mear as 7.000 teksten fan ynskripsjes fan memorabilia.

Sûnt 2008 binne dy Fryske memorabilia - útgroeid nei mear as 10.000 - nei te gean op syn webside: www.walmar.nl/inscripties.asp. Op deselde side is ek in oersjoch te finen fan in grut tal Fryske famyljewapens dy't op dy memorabilia werom te finen binne: www.walmar.nl/wapens.asp.

Sûnt 2019 publisearet De Walle boeken oer de Twadde Wrâldoarloch. Yn novimber 2019 ferskynde De Mannen van de Overval. Twa jier letter folge troch Piet Oberman De man en de mythe. Op kommendeweis (april 2024) is Vrouwen van het Friese verzet: gevecht op vele fronten.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

oersettings fan berneboeken
  • Kirkegaard, Ole Lund, 'Strieën Tarzan, Ljouwert, 1985 (Afûk), ISBN 9062732753.
  • Johansson, Magnus, Lasse Taksy hâldt der mei op, Ljouwert, 1986 (Afûk), ISBN 9062733409.
proaza
  • Walle, Hessel de, Friezen uit vroeger eeuwen, Frjentsjer, 2007 (Van Wijnen), ISBN 9789051942866.
  • Walle, Hessel de, De Mannen van de Overval, Dokkum, 2019 (Wijdemeer), ISBN 9789492052599.
  • Walle, Hessel de, Piet Oberman. De man en de mythe, Dokkum, 2022 (Wijdemeer), ISBN 9789492052872.
  • Walle, Hessel de, Vrouwen van het Friese verzet: gevecht op vele fronten, 2024 (Wijdemeer), ISBN 9789083344843

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: