Springe nei ynhâld

Frisistyk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Frisist)

Frisistyk is de wittenskip dy't de Fryske taal en kultuer bestudearret. Ien dy't him dwaande hâldt mei dy wittenskip is in frisist.

Undersyk rjochtet him ûnder oaren op de bestudearring fan it Ald- en Midfrysk, histoaryske en moderne leksikografy, histoaryske en moderne taalkunde, de skiednis fan 'e Fryske nammekunde en de histoaryske en moderne dialektology. Dêrneist wurdt der ûndersyk dien op it mêd fan taalsosjology en sosjolingwistyk, wat foar 't neist ek te krijen hat mei de status fan it Frysk as minderheidstaal. It ûndersyk kin him ek rjochtsje op de moderne taalûntwikkelingen of taalferoaringen binnen de Fryske talen.

De prefester Everwinus Wassenbergh (1742-1826) fan de universiteit fan Frjentsjer wie de earste dy't him op akademysk nivo ynsette foar ûndersyk en stúdzje nei it Frysk. Syn wurk wie de oantrún foar mear ûndersyk en stúdzje yn de 19e iuw.[1] Foar de oprjochting fan de Fryske Akademy wienen yn de 19e iuw en iere 20e iuw it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse en it Frysk Genoatskip foar Skiednis, Kultuer en Taalkunde de twa belangrykste organisaasjes dy't op wittenskiplik nivo dwaande wienen mei it Frysk. De Fryske Akademy waard nei jierren fan oerlis oprjochte yn 1938. It Frysk as universitêre oplieding begûn mei private dosintskippen wêrfan de earste yn 1896 oan 'e Ryksuniversiteit Utert. Yn 1930 kaam der in lektoraat Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Yn de tritiger en fjirtiger jierren kamen de earste folweardige learstuollen oan de universiteiten. Yn Dútslân krige de universiteit fan Kiel yn 1950 syn Nordfriesische Wörterbuchstelle (it "Noardfrysk Wurdboekynstituut"). De earste perfesters Frysk oan de universiteiten yn Dútslân kamen yn de sechtiger en santiger jierren.

Universiteiten en ynstituten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it Frysk Ynstitút oan de Grinzer universiteit wurdt ûndersyk dien nei it Frysk en der is in akademyske oplieding mei de namme Stúdzje Fryske Taal en Kultuer. Oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert (NHL) wurde learareopliedingen op bachelor en master nivo jûn. Sawol by de Grinzer universiteit as by de NHL leit it swiertepunt fan ûndersyk en stúdzje by it Westerlauwersk Frysk, dêrneist wurdt der sydlings ek omtinken jûn oan it Noardfrysk en Sealterfrysk. De Fryske Akademy (FA) yn Ljouwert is in ynstitút dat sûnt 1938 wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en mienskip. De FA fersoarget fia bysûndere learstuollen yn Leien en Amsterdam universitêr ûnderwiis en ûndersyk op it mêd fan de Fryske taal- en letterkunde en de midsiuwske skiednis fan Fryslân. Dêrneist publisearret de FA ferskillende wurdboeken foar it Frysk út lykas it Wurdboek fan de Fryske Taal en it Frysk Hânwurdboek. De Fryske Akademy publisearret ek wurdboeken fan de ferskillende Fryske dialekten en oare taalkundige wurken.

Yn Dútslân binne der oan universiteiten fan Kiel en Flinsboarch prefesters foar it Frysk. Oan de universiteit fan Kiel wurdt de stúdzje Friesische Philologie oanbean en mei de kartoteek fan de Noardfryske dialekten wurde dêr wittenskiplike wurdboeken foar de ferskillende Noardfryske tongslaggen gearstald. By de stúdzje Fryske filology stiet it Noardfrysk sintraal, dêrneist is der ek omtinken foar it Westerlauwersk Frysk en Sealterfrysk. Yn Flinsboarch wurde kursussen Noardfrysk jûn op masternivo foar studinten dy't it ûnderwiis yn wolle. Oan de universiteit fan Aldenboarch is in learstoel dy't der diels foar it Sealterfrysk is. It Nordfriisk Instituut is it wittenskiplik ynstitút foar de Noardfryske taal en kultuer en jout publikaasjes yn de ferskillende Noardfryske tongslaggen út. Yn it plak Alkersum op it eilân Feer is de 'Ferring Stiftung' as wittenskiplik ynstitút foaral dwaande mei it Frysk fan de eilannen Amrum en Feer en hat in eigen bibleteek mei stúdzjeromten.

Relatyf in protte frisisten dogge wittenskiplik wurk oan universiteiten. De grutste wurkjouwers binne de universiteiten fan Grins en Kiel en de Fryske Akademy yn Ljouwert. Bûten in wittenskiplike karriêre wurkje frisisten ek as dosint yn de ferskillende Fryske taalgebieten. Foarbylden fan oare beropsfjilden dêr't frisisten ek yn wurkje kinne binne bygelyks de media en yn Fryske taalynstituten lykas it Nordfriisk Instituut en de Afûk.

Ferneamde frisisten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Theodor Siebs (1862-1941) wie de grûnlizzer foar de moderne frisistyk. Hy hold him mei dwaande mei alle trije Fryske talen en hat ferskate taalwittenskiplike boeken skreaun. Pieter Sipma (1872-1961) wie de earste lektor Frysk oan de Grinzer universiteit, ûnderhold taalkundige kontakten yn de oare Fryslannen, en skriuwe wittenskiplike wurken. Tony Feitsma (1928-2009) promovearre cum laude op it Midfrysk fan Gysbert Japiks, hat foar trije universiteiten wurke, en hat in protte wittenskiplike publikaasjes op har namme. De út Sweden ôfkomstige Nils Århammar (1931) hat him as frisist benammen talein op it Noardfrysk. Hy hat ferskillende literêr-wittenskiplike wurken skreaun en ferskillende taalkundige publikaasjes oer de Noardfryske dialekten. Hy wie de earste prefester „Frysk en syn didaktyk“ oan de Flinsboarger universiteit, sadat doe foar it earst yn Dútslân leararen Frysk universitêr oplaat wurde koene. De út de Feriene Steaten ôfkomstige Marron Fort (1938) wurke fan 1983 oant 2003 by de universiteit fan Aldenboarch, dêr't hy ûndersyk die nei it Sealterfrysk en in wurdboek publisearre. Philippus H. Breuker (1939) wie heechlearaar Fryske Taal- en Letterkunde en wurke by de Fryske Akademy yn Ljouwert. Hy hat talrike bydroegen skreaun oer de literatuerskiednis en ferskillende oare publikaasjes dy't fan belang binne foar de frisistyk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haadstik 6: De Wassenbergh-skoalle út 'Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse'