Springe nei ynhâld

Nils Århammar

Ut Wikipedy
Nils Århammar
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nils Århammar
nasjonaliteit Sweedsk
Dútsk
berne 7 augustus 1931
berteplak Katrineholm (Sweden)
stoarn 10 jannewaris 2022
stjerplak Niebüll (Noard-Fryslân)
etnisiteit Sweedsk
wurkpaad
berop/amt taalkundige
aktyf as publisist, wurdboekskriuwer
jierren aktyf 19662021
bekendste
  wurk(en)
Die Amringer Sprache
Die Syltringer Sprache
Die Sprachen der Insel Föhr
prizen Hans-Momsen-Preis 2014
offisjele webside
n.f.t.

Nils Århammar (Katrineholm, 7 augustus 1931 - Niebüll, 10 jannewaris 2022)[1] wie in Sweedske taalkundige, dy't him spesjalisearre hat yn 'e frisistyk, en him benammentlik dwaande holden hat mei de Noardfryske taal.

Århammar studearre germanistyk yn Uppsala, Múnster, Keulen en Marburch. Begjin jierren sechstich late er as wittenskipsassistint foar de Nordfriesische Wörterbuchstelle, oan 'e Universiteit fan Kiel, de stúdzje nei it gebrûk fan 'e Noardfryske dialekten Fering en Öömrang op 'e eilannen Föhr en Amrum. Neitiid krige er in oanstelling oan 'e Marburger universiteit, dêr't er yn 1966 lektor Sweedsk waard.

Yn 1968 waard oan Århammar de fuortsetting fan 'e gearstalling fan it wittenskiplike Hilgelânsk wurdboek (Helgoländer Wörterbuch) tabetroud. Yn 1974 waard er oansteld ta lektor Germaanske filology mei bysûndere ferantwurdlikheid foar it Frysk en it Nederdútsk. Yn 1976 waard er beneamd ta perfester Frysk en Goatysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Yn 1988 waard er oansteld as de earste en oant noch ta iennichste perfester Frysk en Fryske didaktyk oan 'e Universiteit Flinsboarch, sadat doe foar it earst yn Dútslân leararen Frysk universitêr oplaat wurde koene. Mei dizze learstoel yn Flinsboarch wie tagelyk it direkteurskip fan it Noardfrysk Ynstitút, te Bredstedt, ferbûn. Nei syn emeritaat, yn 1996, hat Århammar him tegearre mei syn frou Ritva op it wurk oan it noch altyd net foltôge Helgoländer Wörterbuch talein.

Århammar stoar yn jannewaris 2022 Niebüll yn 'e âldens fan 90 jier.

  • 1966: Nordische Lehnwörter und lexikalische Stützung im Nordfriesischen
  • 1969: Die Amringer Sprache – Die Amringer Literatur, yn: Hansen, Margot; Hansen, Nico (ed.), Amrum – Geschichte und Gestalt einer Insel
  • 1967: Die Syltringer Sprache – die Syltringer Literatur (werútjefte 1975)
  • 1975: Die Sprachen der Insel Föhr: Föhrer Friesisch (Fering) und Plattdeutsch
  • 1979: Scripta Frisica: tinkbondel foar Arne Spenter (1926-1977)
  • 1984: Miscellanea Frisica: In Nije Bondel Fryske Stúdzjes = Een Nieuwe Bundel Friese Studies = A New Collection of Frisian Studies
  • 1993: Skriiw fresk; Schriw frasch; Skriiv friisk: Texte aus einem friesischen Literaturwettbewerb 1989/90
  • 1996: A Frisian and Germanic miscellany: published in honour of Nils Århammar on his sixty-fifth birthday
  • 2001: Handbuch des Friesischen – Handbook of Frisian studies (tegearre mei Horst Haider Munske et al.)
  • 2001: Aspects of Language: Studies in Honour of Mario Alinei

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oud-hoogleraar Fries Nils Århammar (90) overleden. Ljouwerter Krante, 11 jannewaris 2022