Philipps Universiteit Marburg

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Philipps Universiteit Marburg
'Philipps-Universität Marburg'
Siegel Uni Marburg.png
Latynske namme SCHOLA MARPVRGENSIS
Motto
Plak Marburg
Lân Dútslân
Oprjochte 1 july 1527
Type Ipenbiere universiteit
Presidint Katharina Krause
Tal studinten 25.700 (2013)
Tal meiwurkers 4.530 (358 binne perfesters, 2012)
Webside webside
De Alde Universiteit
Ofdieling ekonomyske stúdzjes
Ofdieling psychology

De Philipps-Universiteit Marburg (Dútsk: Philipps-Universität Marburg) is in universiteit yn de Dútske stêd Marburg (72.000 ynwenners, Hessen). Mei goed 25.000 studinten en sa'n 4.500 meiwurkers is it in middelgrutte universiteit yn Dútslân. Sa'n 12% fan de studinten komt út it bûtelân.

De universiteit is ferneamd nei syn oprjochter, lângreve Filips I fan Hessen. Yn 1527 wie it de earste protestantske universiteit fan de wrâld.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 july 1527 waard de universiteit oprjochte en hoe doe 11 perfesters en 84 studinten. Yn 1529 wie dêr it petear oer it nachtmiel tusken Maarten Luther, Ulrich Zwingli en Philipp Melanchthon.

  • 1609: Johannes Hartmann wurdt professor foar Gymiatry (ek wol iatrogemy), de earste farmakologysk-medisinaal oriëntearre learstoel yn de gemy yn de wrâld.
  • 1650: it lân Hessen-Kassel jout Marburg as festiging fan heger ûnderwiis op.
  • 1653: op 24 juny wurdt de universiteit fannijs iepene.
  • 1866: de Philipps-Universiteit wurdt mei de ynliving fan Hessen in keninklike Prusyske universiteit.
  • 1887: de mylpeal fan 1000 studinten wurdt berikt.
  • 1908: de earste froulju wure talitten.
  • 1909: de mylpeal fan 2000 studinten wurdt berikt.
  • 1920: Marburger studinten dogge mei oan it delslaan fan de revolúsjonêre beweging in Türingen, dy't op de Kapp-putsch fan maart 1920 folge.
  • 1929: de ekonoom Wilhelm Röpke wurdt professor foar politike ekonomy.
  • 1933: beropsferbod foar Röpke dy't dêrnei nei Turkije emigrearret; Hermann Jacobsohn (professor Yndo-Germaanske talen) makket der in ein oan.
  • oant 1936: opheffing fan studinteferienigs; Gleichschaltung.
  • sûnt 1960: útwreiding fan de universiteit.
  • 2012: iepening fan it earste Dútske partisipaasje-skiekundemuseum, it "Chemicum", dat jonge minsken oantrune wol om een karriêre yn de wittenskip te begjinnen.

Alumny[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dosinten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Universiteiten yn Dútslân
Baden-Württemberg

Heidelberch - Freiburg - Karlsruhe - Konstanz - Mannheim - Hohenheim - Stuttgart - Tübingen - Ulm - Zeppelin Universiteit yn Friedrichshafen

Beieren

Augsburg - Bamberg - Bayreuth - Katholische Universität Eichstätt-Ingolstadt - Erlangen-Nuremberg - Ludwig Maximilian Universiteit München - Bundeswehr Universiteit München - Technyske Universiteit fan München - Ukrainische Freie Universität München - Passau - Regensburg - Würzburg

Berlyn

Frije Universiteit fan Berlyn - Humboldt Universiteit fan Berlyn - Technyske Universiteit fan Berlyn - Universität der Künste Berlin

Brandenboarch

Brandenburg Universiteit fan Technology - Frankfurt an der Oder - Potsdam

Bremen

Universiteit fan Bremen

Hamboarch

Universiteit fan Hamboarch - Hamboarch Universiteit fan Technology - HafenCity Universität Hamburg - Helmut Schmidt Universiteit

Hessen

Darmstadt - Frankfurt am Main - Giessen - Kassel - Marburg

Leechsaksen

Braunschweig - Göttingen - Hannover - Hildesheim - Lüneburg - Oldenburg - Osnabrück - Vechta

Meklenboarch-Foarpommeren

Greifswald - Rostock

Noardryn-Westfalen

Aachen - Bielefeld - Bochum - Bonn - Keulen - Dortmund - Duisburg-Essen - Düsseldorf - Hagen - Münster - Paderborn - Siegen - Witten/Herdecke - Wuppertal

Rynlân-Palts

Kaiserslautern - Koblenz-Landau - Mainz - Speyer - Trier

Saarlân

Universiteit fan Saarlân

Saksen

Chemnitz - Dresden Freiberg - Leipzig

Saksen-Anhalt

Clausthal -Halle-Wittenberg - Magdeburg

Sleeswyk-Holstein

Flensburg - Kiel - Lübeck

Tueringen

Erfurt - Ilmenau - Jena - Weimar