Nachtmiel
It Nachtmiel is yn de protestantske tsjerken ien fan de twa sakraminten, dêrfan't de oare de doop is. Under it Nachtmiel wurdt it lijen en stjerren fan Jezus Kristus betocht troch it iten fan brea en it drinken fan wyn. It Nachtmiel liket op de Eucharisty yn de Roomsk-katolike tsjerke, mar der binne wichtige ferskillen en opfettingen oer it ritueel.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kristenen leauwe dat it Nachtmiel troch Jezus ynsteld waard op de jûn dat er troch syn dissipel Judas ferret waard en dêrnei oppakt en ûnderfrege waard troch de Sanhedrin. Hy iet, neffens protestantske opfetting, tegearre mei syn dissipels gewoan ûnsuorre brea en dronk gewoane wyn en fertelde harren it tenei dwaan te bliuwen om him te betinken. Neffens de protestantske opfetting hie it mear in symboalysk doel. It fieren mei brea en wyn waard ornaris dien yn ierkristlike mienskippen by gearkomsten en letter yn tsjerketsjinsten. Yn dy earste gemeenten foarme it Nachtmiel, neffens protestantske opfetting in part fan in gruttere miel.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fieren fan it Nachtmiel is foar dyjingen dy't belidenis fan harren leauwen yn Jezus Kristus, dy't troch syn dea en opstanning harren fan harren sûnden rêden hie, dien hawwe foar God en Syn gemeente. It Nachtmiel jout in ferbining mei God en oare leauwigen. Yn de measte protestantske tsjerken, sa as yn de herfoarme en grifformearre tsjerken wurdt ornaris meidien nei't men in iepenbiere belidenis yn it leauwe ôflein hat. Yn oare tsjerken kin in elts dy't meidwaan wol, meidwaan. It Nachtmiel wurdt gauris dien mei it dêrfoar ornearre nachtmielguod, sa as bygelyks in nachtmieltsjelk.