Rynlân-Palts

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Rynlân-Palts
Flagge Wapen
Vlag van Rijnland-Palts Wappen von Rijnland-Palts
Lokaasje yn Dútslân
Rijnland-Palts
Basisgegevens
Haadstêd Mainz
Oerflakte 19.853,44 km²
Befolking 4.093.903 (31 desimber 2019)
Befolkingstichtens 206 ynw./km²
Distrikten
Districten van Rijnland-Palts

Rynlân-Palts (Dútsk: Rheinland-Pfalz) is ien fan de 16 bûnslannen (federale steaten) fan Dútslân. It is 19,846 km² grut en hat likernôch fjouwer miljoen ynwenners. De haadstêd is Mainz. Rynlân-Palts waard oprjochte yn 1946 as de Rynpalts (Rheinpfalz); de namme 'Rynlân-Palts' waard yn 1947 ynfierd.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rynlân-Palts grinzet oan Noardryn-Westfalen, Hessen, Baden-Wuertemberch, Frankryk, Saarlân, Lúksemboarch en Belgje.

De Ryn rivier is in wichtich part fan it lânskip, it foarmet in natoerlike grins mei Baden-Wuertemberch en Hessen en streamt fierder troch it noarden fan de Rynlân-Palts. Oan beide kanten fan de Ryn binne geberchtes mei in protte histoaryske plakken.

Yn it noarden binne lofts fan de Ryn it Eifel- en Hûnsrêch-geberchte, en rjochts fan de Ryn leit it Westerwâld en Taunusberchte. It gloaiende lânskip mei syn boskgebiet yn it suden wurdt ek wol it Paltserwâld neamd.

De twadde yn grutte is de wichtige rivier de Mûzel. By de Mûzel en benammen yn it súd-easten binne wynfjilden, de wynfjilden yn it súd-easten wurde meiïnoar ek wol de Dútske-Wynrûte neamd.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1 jannewaris 2000 wie Rynlân-Palts te ferdielen yn trije Regierungsbezirken: Koblenz, Trier en Rynhessen-Palts. Dy bestjoerslaach is doe opheft en sûnt is it bûnslân bestjoerlik allinne noch ûnder te ferdielen yn lânkringen en kringfrije stêden.

  1. Ahrweiler
  2. Altenkirchen
  3. Alzey-Worms
  4. Bad Dürkheim
  5. Bad Kreuznach
  6. Bernkastel-Wittlich
  7. Birkenfeld
  8. Cochem-Zell
  1. Donnersbergkreis
  2. Eifelkreis Bitburg-Prüm
  3. Germersheim
  4. Kaiserslautern
  5. Kusel
  6. Mainz-Bingen
  7. Mayen-Koblenz
  8. Neuwied
  1. Rhein-Hunsrück-Kreis
  2. Rhein-Lahn-Kreis
  3. Rhein-Pfalz-Kreis
  4. Südliche Weinstraße
  5. Südwestpfalz
  6. Trier-Saarburg
  7. Vulkaneifel
  8. Westerwaldkreis

Op de kaart stean 12 stêdekloften ôfbylde:

  1. Frankenthal
  2. Kaiserslautern
  3. Koblenz
  4. Landau
  5. Ludwigshafen
  6. Mainz
  7. Neustadt (Weinstraße)
  8. Pirmasens
  9. Speyer
  10. Trier
  11. Worms
  12. Zweibrücken

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Rynlân-Palts
Flagge fan Rynlân-Palts
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise
Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte
Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken

 
Dútslân
Flagge fan Dútslân
Baden-Wuertemberch - Beieren - Berlyn - Brandenburch - Bremen - Hamburch - Hessen - Meklenburch-Foarpommeren - Nedersaksen - Noardryn-Westfalen - Rynlân-Palts - Saarlân - Saksen - Saksen-Anhalt - Sleeswyk-Holstein - Tueringen