Landau in der Pfalz
Landau in der Pfalz | ||
![]() | ||
Rathausplatz | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
Stedsyndieling | 8 Ortsteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 48.341 (31.12.2023) | |
Oerflak | 82,94 km² | |
Befolkingsticht. | 583 ynw./km² | |
Hichte | 142 m | |
Oar | ||
Postkoade | 76829, 76857 | |
Koördinaten | 49° 11' N 8° 7' E | |
Offisjele webside | ||
www.landau.de | ||
Kaart | ||
Landau in der Pfalz (yn it lokale dialekt: Landaach) is in kreisfreie Stadt en it bestjoerssintrum fan it Landkreis Südliche Weinstraße yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Kwa oerflak is Landau mei 82,94 km² de tredgrutste stêd fan 'e Palts, nei Kaiserslautern en Neustadt an der Weinstraße. As der ek rekken holden wurdt mei it ynwennertal dan moat Landau ek de stêden Speyer en Ludwigshafen am Rhein noch foar gean litte. De stêd leit oan 'e Dútske wynrûte eastlik fan it Paltserwâld, it grutste oaniensletten bosk fan Jeropa.
Sûnt 1990 is Landau in universiteitsstêd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Twadde Wrâldkriich hearde de stêd tegearre mei Mannheim mei syn foar de oarlochsfiering wichtige yndustry ta de meast bombardearre plakken fan Súd-Dútslân. Mear as 80% fan 'e binnenstêd waard troch de 124 bombardeminten op 'e stêdekloft ferwoastge. Njonken de befolking fan 'e stêd hiene ek de likernôch 50.000 bûtenlânske twangarbeiders swier te lijen fan it oarlochsgeweld.
Sûnt de midsiuwen wennen der joaden yn Landau, dy't yn 'e Palts benammen yn 'e wynhannel warber wiene en de grutste joadske mienskip fan 'e Palts foarmen. De measten fan 'e likernôch 600 minsken tellende joadske mienskip ferlieten Landau al yn 1933. De joaden dy't bleanen waarden yn 1940 nei Gurs yn Súd-Frankryk ôffierd. Harren monumintale synagoge op 'e hoeke fan 'e Friedrich-Ebert-Straße/Reiterstraße út de jierren 1880-1882 waard op 9 novimber 1938 yn 'e jiske lein. Yn 'e Kaufmannsgassestiet it Frank-Loebsche-Haus, dat yn 'e 19e iuw troch Zacharias Frank, de oerpake fan Anne Frank, kocht waard en yn 'e oarloch troch de nazy's as joadehûs oanwiisd waard. It Frank-Loebsche-Haus jout tsjintwurdich ûnderdak oan in útstalling oer de joadske skiednis fan Landau en de ferfolging fan 'e Paltser Sinty.[1]
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De âlste dielen fan it Altes Kaufhaus oan it Rathausplatz datearje út de 15e iuw.
- It teäter oan 'e Mahlastraße is in Jugendstil-monumint út de jierren 1905-1907 fan 'e arsjitekt Hermann Goerke.
- De protestânske Stiftskirche is de grutste goatyske tsjerke fan 'e Palts en waard yn 'e 14e iuw boud. Yn 'e tsjerke binne fresko's bewarre bleaun.
- De katolike Stadtpfarrkirche St. Maria út 1908-1910 mei dûbele tuorren waard yn katedrale styl boud en is mei de Gedächtniskirche fan Speyer it tredgrutste tsjerkegebou yn de Palts.
- De midsiuwske Katharinenkapelle wurdt hjoeddedei troch âldkatoliken en in ûnôfhinklike protestantske mienskip brûkt.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Landau fan Wikimedia Commons. |
![]() |
Rynlân-Palts | ![]() |
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis | ||
Kreisfreie Städte Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken | ||
![]() ![]() ![]() |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|