Mainz
Mainz | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 217.123 (31-12-2020) |
Oerflak | 97,73 km² |
Befolkingstichtens | 2222 /km² |
Hichte | 92-113 m |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Dielsteat | ![]() |
Oar | |
Stifting | 10 f.Kr. |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 50°0′0″N 8°16′16″E |
Webside | www.mainz.de |
Mainz is de haadstêd en grutste stêd fan de Dútske dielsteat Rynlân-Palts (Rheinland-Pfalz). De stêd leit op de linkerigge fan de Ryn tsjinoer de útrin fan de Main.
De binnenstêd fan Mainz is it besjen wol wurdich, mei as wichtigste monumint de dom fan Mainz, ien fan de trije Romaanske Kaiserdome oan de Ryn.
Mainz hat in mearsidige ekonomy. It stiet bekend as mediastêd troch de setels fan ZDF, SWR en 3Sat. Ek it haadkantoor fan Railion (earder: Deutsche Bahn Cargo) is yn Mainz fêstige. Yn Mainz is ek in universiteit.
Mainz is, op Keulen nei, de stêd dêr't yn Dútslân it karnaval it meast útskroeven fierd wurdt.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mainz hat in lange skiednis, dy't werom giet oant de prehistoarje. Op it plak fan in Keltyske delsetting hawwe de Romeinen harren Moguntiacum stifte. Mainz wie al yn de 8e iuw in bisdom, dêr't de biskop ek wrâldske macht hie: hy waard ien fan de sân karfoarsten yn it Hillige Roomske Ryk. De biskop fan Mainz fierde de earetitel fan Primas Germaniae.
Mainz krige yn 1476 foar it earst in universiteit, mar dizze waard yn de 17e iuw sletten. De tsjintwurdige Johannes-Gutenberg-Universität datearret fan 1946. Hy is neamd nei de ferneamde boekprinter Johannes Gutenberg, dy't fan Mainz kaam.
Yn 1792 waard Mainz ynnaam troch Frânske revolúsjonêre troepen, dy't dêrnei de Mainzer Frijsteat útrôpen. Njoggen moanne letter waard de stêd werom ferovere. Yn de Twadde Wrâldkriich waard in grut part fan de stêd ferneatige. Nei de oarloch moast Mainz by de bestjoerlike weryndieling fan Dútslân de wiken oan de oerside fan de Ryn ôfstean oan Wiesbaden, dat sûntiids grutter is. Nei de oarloch waard de binnenstêd restaurearre, wêrby it midsiuwske strjittepatroan behâlden bleau. Bysûnder is het strjitnammesysteem út 1853: Alle strjitten parallel oan de Ryn hawwe blauwe strjitnammebuorden, de strjitten leadrjocht op de Ryn binne mei reade strjitnammebuordsjes oanjûn.
Yn 1958 wie yn Mainz it Universeel Esperantokongres.
Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Theodor-Heuss brêge oer de Ryn
Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Domtsjerke Sint-Martinus
- Sint-Jehannestsjerke (de âlde dom)
- Kristustsjerke
- Sint-Petrustsjerke
- Sint-Quintinustsjerke
- Sint-Stefanustsjerke
- Augustinertsjerke
- Sint-Ignatiustsjerke
- Karmelitetsjerke
- Kristustsjerke
Net mear besteand:
Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Gutenberg Museum
- Landesmuseum Mainz
- Kunsthalle Mainz
- Naturhistorisches Museum Mainz
- Diozesan Museum
- Römisch-Germanisches Zentralmuseum
- Stadthistorisches Museum
- Fastnachtsmuseum
Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Berne yn Mainz[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Johannes Gutenberg (1397-1468), útfiner fan de boekdrukkeunst
- Franz Bopp (1791-1867), taalkundige
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- (in) Mogontiacum/Mainz Artikel oer Mainz yn de Romeinske tiid
![]() | |
---|---|
Regierungsbezirke Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts Landkreise Kreisfreie Städte |