Sint-Petrustsjerke (Mainz)

Ut Wikipedy
Sint-Piter

St. Peter

Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Mainz
adres Petersstraße 3
koördinaten 50° 0' N 8° 16' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Mainz
patroanhillige Sint-Piter
Arsjitektuer
arsjitekt Johann Valentin Thomann
boujier 1756-1762
boustyl Barok
Webside
Side Sint-Petrusparochy
Kaart
Sint-Petrustsjerke (Rynlân-Palts)
Sint-Petrustsjerke

De Sint-Pitertsjerke (Dútsk: St. Peter) is in barokke roomske tsjerke yn de Dútske stêd Mainz. Oarspronklik wie it de tsjerke fan it al yn de 10e iuw besteande stift "Sint-Petrus foar de Muorren". De oan 'e apostel Piter wijde tsjerke is tsjintwurdich in gewoane parochytsjerke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stift op in gravuere fan Merian Mainz (1646)

Aartsbiskop Freark fan Loataringen rjochte yn it jier 944 noardlik fan de stedsmuorren it stift op. Yn de Tritichjierrige Kriich ferneatigen Sweedske troepen yn 1631 it stift. De doetiidske aartsbiskop liet it stift net wer opbouwe, sadat de kleastermienskip mear as in iuw gjin eigen gebouwen hie. It duorre oant 1749, doe't aartsbiskop Jehan Freark Karel fan Ostein op it tsjintwurdige plak fan de Petrustsjerke in nij stift bouwe liet, net fier fan de yn de Frânske tiid ferneatige slottsjerke Sint-Gangolf en op it plak dêr't earder in oan Marije wijde romaanske parochytsjerke stien hie, dy't al sûnt 1724 net mear brûkt waard.

De bou fan de nije Pitertsjerke duorre fan 1749 oant 1756. Yn it ramt fan de sekularisaasje waard it stift op july 1802 opheft.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Preekstoel

De barokke halletsjerke fan trije traveeën waard neffens plannen fan de hofarsjitekt Johann Valentin Thomann boud. Oant 1762 waard wurke oan de foltôging. De tsjerke bleau mar foar 45 jier in stiftstsjerke, want yn de tiid fan de Frânske besetting waard it stift opheft en de tsjerke as hynstestâl brûkt. Sûnt 1814 waard de tsjerke brûkt as garnizoenstsjerke foar it Prusyske leger en nei dy tiid wie de Petrustsjerke in gewoane parochytsjerke en dat is no noch sa.

Yn augustus 1942 waard by de earste grutte loftoanfal op de stêd Mainz de Sint-Kristoffeltsjerke ferneatige, mar de Petrustsjerke bleau sparre. By it twadde grutte bombardemint op de stêd yn 'e hjerst fan 1944 rekke de tsjerke lykwols swier skansearre. De súdlike toer waard troch in bom rekke en foel op it middenskip, in grut gapjend gat yn ferwulft efterlittend. De noardlike toer, it koer en grutte dielen fan it middenskip bleaune lykwols noch hiel. Op 27 febrewaris 1945 waard de stêd nochris troffen troch swiere bombardeminten. Grutte dielen fan de histoaryske stêd waarden troch brânbommen ferneatige. De Pitertsjerke baarnde hielendal út en hie gjin tuorren mear.

Ynterieur

Nei de Twadde Wrâldkriich folge in provisoaryske renovaasje, sadat de parochy de tsjerke brûke koe foar de fiering fan de misse. Fan it âlde ynterieur wie in soad alhiel ferlern gien; dêrûnder it oargel, de fresko's fan Giuseppe Appiani oer it libben fan de apostel Petrus en it koerstuolte. De rykfersierde preekstoel fan Johann Förster en in pear alters, wêrûnder it krúsalter fan Hans Backoffen út de 16e iuw, binne bearre bleaun.

Yn 1959 waard útein set mei in rekonstruksje fan de tsjerke. De twa tuorren wiene yn 1961 wer foltôge, mar it wurk oan de rekonstruksje fan de tsjerke soe noch oant 1989 duorje. Mei âlde ôfbylden waarden ek de fresko's fan de tsjerke op 'e nij oanbrocht.

Yn in sydkapel fan de tsjerke is it grêf fan de yn Mainz tige populêre pastoar Franz Adam Landvogt (1889-1953).

Klokken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e súdlike toer fan de tsjerke hingje de klokken. Ien klok hat de bombardeminten fan de Twadde Wrâldkriich oerlibbe. Dy klok, de Heilânsklok, hong yn de súdlike toer en stoartte del by it bombardemint fan 1944, mar bleau hiel. De oare klokken dy't yn de noardlike toer hongen binne op 27 febrewaris 1945 ferneatige en binne ferfongen troch yn 1960 en 1961 getten klokken fan Petit & Gebr. Edelbrock.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel is ôfkomstich út de Karmel fan Nijmegen en waard yn 1986 yn de Sint-Petrustsjerke opboud. It ynstrumint waard yn 1954 troch de firma Verschueren boud en yn 1984 ferkocht oan de Pitertsjerke. De firma Heins Wilbrand paste de oarspronklik neoklassisistyske oargelkas oan foar de barokke tsjerke en folle it oargel oan mei in ûnderposityf. Yn 2014 waard it oargel troch de firma Mühleisen skjinmakke, reparearre en fergrutte. Sûnt hat it oargel 41 registers op trije manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.