Nimwegen
Nimwegen Nijmegen | ||
Panorama mei Nimwegen fierderop | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Boargemaster | Hubert Bruls (CDA) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 187.228 (1 jannewaris 2024) | |
Oerflak | 57,60 km², wêrfan 53,62 km² lân en 3,98 km² wetter | |
Befolkingsticht. | 3345 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1e iuw n.Kr. 1230 (stedsrjochten) | |
Ferkearsieren | A15 A73 A783 E31 N325 N326 N324 N326 N842 N844 s100 | |
Postkoade | 6500-6546, 6663 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 51' N, 5° 52' E | |
Waalbrêge | ||
Lizzing fan de gemeente Nimwegen | ||
Offisjele webside | ||
www.nijmegen.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Kaart fan Nimwegen |
Nimwegen, ek wol stavere as Nymwegen, (Nimweechsk: Nimwèège, Nederlânsk en offisjeel: Nijmegen) is in gemeente en de grutste stêd yn de Nederlânske provinsje Gelderlân, mei 187.228 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS). De stêd leit oan de Waal en oan it Maas-Waalkanaal.
De gemeente bestiet njonken de stêd fierder út de eardere doarpen Hatert, Hees en Neerbosch, de nije wyk oan oare kant fan de Waal, Waalsprong, dy't ek de doarpen Lent en 't Zand befettet, en de nije wiken Nimwegen-Oosterhout en Nimwegen-Ressen.
De stêd is part fan de Stedsregio Arnhim-Nimwegen, dy't yn 2011 736.107 ynwenners hie. Fanâlds is de stêd in part fan it Ryk fan Nimwegen.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Latynske namme Noviomagus komt nei alle gedachten fan de Keltyske wurden novio ("nij") en magos ("flakte" of "merk"). De Romeinen latinisearren dat dêrnei as Noviomagus. Hja brûkten dy namme ek wol foar oare stêden. Ta ûnderskaat waard Nimwegen wol Ulpia Noviomagus Batavorum neamd. Yn de tiid fan Karel de Grutte hiet de stêd Numaga. Letter feroare dat stadichoan yn Nieumeghen en Nymegen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aldheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nimwegen is in âlde stêd, de âldste stêd fan Nederlân. De Romeinen bouden in fersterke legerkamp op it plak, om't it strategysk lei, want de heuvels der omhinne joegen in goed útsicht oer de Waal en de delling fan de Ryn hinne. Yn it jier 69 stiften de Bataven, de stamme dy't yn dy omkriten wennen, in doarp tichteby it kamp. Dat doarp waard by de Bataafske Opstân ferneatige. De Romeinen bouden dêrnei in grutter kamp, dêr't Legio X Gemina legere waard. Al rillegau ûntstie der in nij doarp by it kamp. Om it jier 98 hinne krige Nimwegen stedsrjochten fan keizer Trajanus en wie de earste fan twa stêden yn it gebiet fan it hjoeddeistige Nederlân dat in municipium waard.
Yn 103 waard de Legio X Gemina ferpleatst fan Nimwegen nei Vindibona, it hjoeddeistige Wenen, dat in grut ekonomysk neigean feroarsake foar Nimwegen. Sa'n 5.000 minsken ferfearen út de omkriten wei. Yn 104 werneamde keizer Trajanus de stêd ta Ulpia Noviomagus Batavorum (of yn 't koart Noviomagus), dat de oarsprong fan de hjoeddeistige namme is.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de twadde helte fan de fjirde iuw, ferswakke it Romeinske gesach, en Noviomagus waard lang om let part fan it Frankyske Ryk. It ferskynde yn dy tiid ek op de Tabula Peutingeriana. Yn 777 boude Karel de Grutte in palts yn de stêd. Doe't keizer Loadewyk de Fromme yn 830 tydlik ôfset waard, waard er troch syn soan Lotarius I nei Nimwegen stjoerd. Troch syn lizzing oan de Waal bloeide de hannel yn dy tiid ek op.
De machtige keizer Hindrik VI fan it Hillige Roomske Ryk waard yn 1165 berne yn Nimwegen. Syn soan Freark II joech Nimwegen yn 1230 fannijs stedsrjochten en de stêd waard tagelyk in frije ryksstêd en krige deselde rjochten as Aken. Yn 1247 waard de stêd oan it Hartochdom Gelre jûn as ûnderpân foar in liening. Dat behindere de hannel lykwols net, en yn 1364 waard de stêd lid fan it ferbûn fan de Hânze. De stêd wie part fan it Ryk fan Nimwegen, dat ien fan de fjouwwr ûnderkertieren fan Gelre waard.
Keunst bloeide yn dy tiid ek tige yn de stêd. De ferneamde midsiuwske skilders, de bruorren Fan Limboarch waarden berne en hiene harren ûnderrjocht yn Nimwegen.
Iere moderne tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de Nederlânske Opstân kaam de hannel ta in stilstân. Nimwegen waard yn 1591, nei de Spanjerts ferjage waarden, in part fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen en waard dêrtroch winliken in grinsstêd. It waard it toaniel fan ferskate fjildslaggen.
Yn 1678 waard yn de stêd de Frede fan Nimwegen tekene, dêr't besocht waard in ein te meitsjen oan de ferskate krigen en fjildslaggen dy't Jeropa tamtearren. It slagge lykwols net en bewarje de frede foar in lange tiid.
Yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw woeks de befolking fan de stêd en foarmen de fortifikaasjes om de stêd hinne in behindering foar it útwreidzjen fan de stêd. Der wennen tefolle minsken yn de stêd, mar de Nederlânske oerheid woe dy fortikaasjes leaver net ôfbrekke, om't dy sjoen waarden as in wichtich part fan de ferdigening fan Nederlân. Doe't nei de Frânsk-Dútske Kriich fan 1871 bliken die dat âldfrinzige fortifikaasjes út de tiid wiene, waard it belied feroare en waarden de muorren yn 1874 ôfbrutsen. De âlde boarch waard yn 1797 al ôfbrutsen, en de stiennen dêrfan waarden ferkocht.
Moderne tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de ein fan de njoggentjinde iuw en de earste helte fan de tweintichste iuw woeks Nimwegen stadichoan. In spoarbrêge oer de Waal waard yn 1878 boud en yn 1936 waard in brêge foar it dykferkear boud. Yn 1923 waard de Radboud Universiteit Nimwegen stifte, en dêrmei waard Nimwegen in universiteitstêd. Yn 1927 waard it Maas-Waalkanaal groeven.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maaie 1940 waard Nederlân troch Nazy-Dútslân oanfallen, en wie Nimwegen de earste Nederlânske stêd dy't yn Dútske hannen foel. Op 22 febrewaris 1944 waard Nimwegen swier troch Amerikaanske bombardeminten rekke, dat in ûnbidich soad skea yn de binnenstêd feroarsake. It waard ynearsten troch de Alliearden beweard dat it bombardemint in fersin wie en dat Amerikaanske piloaten tochten dat se de Dútske stêd Kleef bombardearre hiene. De Dútsers dêrfoaroer beskuldigen it Nederlânske regear yn ballingskip dêrfan it bombardemint befelle hie. Yn 2005 waard nei in ûndersyk fêststeld dat it om in ûngelok gie troch minne kommunikaasje en trelit yn it loftrom. Goed 750 minsken kamen by it bombardemint om it libben.
Yn septimber 1944 waard de stêd it toaniel fan swiere fjochterijen yn it ramt fan Operaasje Market Garden. It doel fan de Slach om Nimwegen wie om de brêgen oer de Waal yn hannen te krijen foar't se fernield wurde soene. Mei it oermasterjen fan de Waalbrêge koe XXX Corps fan de British Army de 1e Loftlâningsdifyzje yn Arnhim berikke. De brêge waard swier ferdigene troch 300 Dútske troepen oan wjerskanten mei swier anty-tankgeskut en loftferwar, dy't holpen waarden troch de artillery. De Dútsers besochten noch de brêge op te blazen, mar dat waard tefoaren kommen, mooglik troch in pleatslike Nederlânske fersetstrider, Jan van Hoof, dy't neffens sizzen de kabels nei de brêge trochsnien hie. Nimwegen waard toch de Britske Grenadier Guards fan de Guards Pantserdifyzje, en troepen fan de Amerikaanske 82e Loftlâningsdifyzje befrijd yn septimber 1944. De stêd soe letter it begjinpunt fan Operaasje Veritable wurde, dêr't Alliearde troepen de Ryn by oerstutsen en Dútslân ynfalle soene.
Nei de Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fuortendaliks nei de Twadde Wrâldkriich waard by Nimwegen in plak, Kamp Mariënbosch, oanwiisd dy't Dútsers opfange moast dy't út Nederlân wei deportearre waarden. Dat kamp operearre fan 1946 oant en mei 1948
Nei de Twadde Wrâldkriich waard de stêd weropboud en wreide him rap út nei it westen en it súdwesten. De Benedenstad, it part fan de binnenstêd dy't oan de Waal en dus leger leit, wie troch earmoede en oerbefolking sa fertutearze rekke, dat de gemeente de hiele wyk slope litte woe. Troch protesten fan de pleatslike befolking besleat de gemeente de wyk wer op te bouwen mei neikriichske wenten, en liet de strjittepatroan sa't it wie. Sa hold de wyk syn karakter en waard sels yn 1975 beskerme stedsgesicht. Nije wenwiken waarden bewesten en besúdwesten de stêd boud, en ferskate doarpen, sa as Hatert, Hees en Neerbosch waarden opslokt. Om't de Waal in behindering foarme foar útwreiding nei it noarden ta, koe de stêd sadwaande allinnich nei it suden en westen ta útwreidzje. Dêrtroch kaam it sintrum yn it noardeasten fan de stêd te lizzen en kamen guon nijbouwiken wol 7 km fan it sintrum ôf te lizzen. Lang om let besleat de gemeente yn de 1990-er jierren om benoarden de Waal in wyk te bouwen, Waalsprong, dat in Vinex-wyk is. Dêrtroch waarden de doarpen Lent en 't Zand opslokt.
Op 23 febrewaris 1981 bestoarmen ienheden fan de plysje fan Nimwegen en it Nederlânske Leger de Piersonstraat en Zeigelhof yn it sintrum fan Nimwegen, dêr't in hoemannichte kreakers yn in stikmannich pannen húsholden. Hja brûkten 200 plysjebuskes, trije Leopard 1 tanks, trije pantserynfanteryreauwen, in helikopter, 1200 plysjemannen en 750 soldaten, en twongen de kreakers de pannen te ferlitten. De gemeente liet de pannen ôfbrekke, wylst se de mannichte fuortjeie lieten mei gniisgas en CS-gas. Dat feroarsake in gânse opskuor yn de gemeentlike polityk. Wylst de gemeente de kreakers út dy pannen hawwe woe, om't er dêre in parkeargaraazje bouwe woe, woe it grutste part fan de befolking dat der betelbere wenten op dat plak boud waarden.
Nimwegen wurdt hjoed-de-dei troch guon fan polityk rjochts noch wol it "Havana oan de Waal" neamd. It gemeentebestjoer hat foar it grutste part út loftse partijen bestien, sa as GrienLinks, D66, de Sosjalistyske Partij en de PvdA. Bytiden wie Nimwegen de iennichste fan de grutte Nederlânske stêden dy't in folslein lofts gemeentebestjoer hie. De lêste jierren feroare dat justjes. It CDA waard ek populêr, en de hjoeddeistige boargemaster, Hubert Bruls, is lid fan dy partij.
Nimwegen fierde yn 2005 syn twatûzenjierrich bestean. De stêd wurdt as de âldste stêd fan Nederlân sjoen, itjinge bestriden wurdt troch Maastricht.
Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it begjin fan de njoggentjinde iuw telde Nimwegen goed 10.000 ynwenners. Yn 1875 wiene dat der 24.000 en om 1900 hinne 44.000. Yn de tweintichste iuw naam it ynwennertal rap ta. Nei de Earste Wrâldkriich hie de stêd 70.000 ynwenners. Justjes nei de Twadde Wrâldkriich wiene der 110.000 en yn 1971 wiene der al 150.000. Dêrnei sakke it ynwennertal wat om yn 1995 op 147.561 út te kommen. Dêrnei woeks it ynwennertal wer stadichoan.
Tabel fan de ûtwikkeling fan it ynwennertal fan 1995 ôf:[1]
1995 | 2000 | 2005 | 2010 | 2015 | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
147.561 | 152.286 | 158.215 | 163.112 | 170.943 | 172.073 | 173.540 | 175.904 | 176.731 | 177.670 | 177.605 |
Tal ynwenners it stedsdiel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stedsdiel: | 1995 | 2000 | 2005 | 2007 | 2016 |
---|---|---|---|---|---|
Nimwegen-Sintrum | 8.506 | 8.709 | 9.274 | 9.307 | 11.557 |
Nimwegen-East | 30.917 | 30.974 | 32.388 | 32.619 | 34.977 |
Nimwegen-Ald-West | 13.076 | 12.971 | 12.766 | 13.316 | 13.980 |
Nimwegen-Nij-West | 15.792 | 16.093 | 16.401 | 16.200 | 16.775 |
Nimwegen-Midden | 17.220 | 17.859 | 18.150 | 18.113 | 18.925 |
Nimwegen-Súd | 20.749 | 21.934 | 22.795 | 22.528 | 23.406 |
Dukenburg | 25.071 | 23.755 | 23.499 | 23.188 | 22.113 |
Lindenholt | 16.230 | 16.242 | 16.121 | 15.703 | 14.949 |
Nimwegen-Noard | - | 3.715 | 6.790 | 9.986 | 15.408 |
Stedsdiel net bekend | - | 34 | 31 | 2 | 6 |
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nimwegen hat in seeklimaat (CfB). Nimwegen is ien fan de waarmste plakken fan Nederlân, benammen simmerdeis, dêr't de waarmste temperatueren by metten wurde yn de trijehoeke Nimwegen-Roermond-Eindhoven. Troch it ûntbrekken fan berchtmen fan noard nei súd yn Jeropa, kin it waar dêre hurd feroarje, en dêrtroch hat it gebiet in semy-lânklimaat.
Ien fan de noardlikste wynhôven lizze justjes bûten Nimwegen, om Groesbeek hinne, dat justjes besúdeasten de stêd leit.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nimwegen leit oan de súdigge fan de rivier de Waal en leit oan it begjin fan de Nederrynske Heuvelrêch, dy't oant Xanten yn Dútslân ta rint. De stêd sels leit ek op heuvels.
Nimwegen leit 15 km besuden de Gelderske haadstêd Arnhim en leit mar in pear kilometer fan de Dútske grins ôf. Kranenburg, dat justjes oer de grins leit, en oare plakken oer de grins tsjinje, sûnt de grinzen iepene waarden yn it ramt fan it Ferdrach fan Schengen, suver as forinzeplakken fan Nimwegen, om't huzeprizen dêr leger binne. Fierder lizze de Dútske stêden, Kleef 20 km, en Duisburg 78 km fan Nimwegen ôf.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Botanyske Tún Hortus Arcadië
- Grutte of Sint-Stevenstsjerke
- Stedhûs
- de Waach op de Grutte Merk
- Grutte Merk
- Valkhof mei de Barbarossaruïne en de Sint-Nikolaaskapel
- resten fan de âlde stedsmuorre: it Hunnerpark mei de Belvédère en it Kronenburgerpark mei de Krûdtoer
- lytse stikken Romeinske skiednis troch gâns de stêd hinne
- Lange Hezelstraat, de âldste winkelstrjitte fan Nederlân
- midsiuwske bouwurken yn Benedenstad
- Goffertpark
- Concertgebouw de Vereeniging, fan arsjitekt Oscar Leeuw
- De Titus Brandsma Oantinkenstsjerke (earderee Sint-Joazeftsjerke) fan arsjitekt B.J.C. Claase
- De Waalkaai
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fjouwerdagetocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nimwegen is ferneamd om de jierlikse Fjouwerdagetocht fan Nimwegen, dy't op de tredde tiisdei fan eltse july úteinset. Likernôch 40.000 meidoggers út sa'n 70 lannen dogge fjouwer dagen lang mei oan kuiertochten dy't wol 30 oant 50 km lang binne. In oar ferneamd evenemint is it Valkhof Festival.
Leauwe
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei alle gedachten waard der yn de iere sande iuw al in lytse tsjerke boud op it Valkhof. Yn de Tachtichjierrige Kriich foel Nimwegen om barten yn protestantske en katolike hannen oant by it Belis fan Nimwegen (1591) doe't de stêd definityf yn protestantskehannen kaam en it katolisisme yn it iepenbiere libben ferbean waard. Yn de santjinde iuw wie likernôch 40% fan de befolking katolyk en nei de godstjinstfrijheid, dy't yn de Frânske tiid ynfierd waard, groeide dy ta 60%. By it iepenjen fan de Katolike Universiteit Nimwegen yn 1923 wie dat 70% en yn it midden fan de tweintichste iuw al 80%. Fan de 1960-er jierren ôf naam de ûntsjerklikens rap ta, troch ûnder oaren ûnder druk fan de loftse studinteferienings.
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste sportklup yn Nimwegen is fuotbalklup N.E.C. (Nijmagen Eendracht Combinatie) dy't yn it Goffertstadion mei 12.500 sitplakken spilet. De klup spilet yn de Earedifyzje. Fjirder hat de stêd noch in kuorbal-, hockey- en iishockeyklup.
Ekonomy en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De trije wichtichste wurkjouwers yn Nimwegen binne:
- Radboud Universiteit Nimwegen
- De trije sikehuzen yn de stêd: Radboud UMS, Sint-Maartensklinyk en Canisius-Wilhelmina Sikehûs
- Nexperia en Ampleon, semy-konduktorfabrikanten, hawwe harren haadkantoar yn Nimwegen.
Oare bedriowen mei harren haadkertier yn Nimwegen binne: Synthon en Vaxxinova. Bedriuwen sa as Qualcomm, Phototronics Inc en Applied Materials hawwe fêstigings yn de stêd.
Ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nimwegen is ferbûn op it lanlike wegenet troch de A15, A50, A73 mei Arnhim, Fenlo, Duisburg, Eindhoven, De Bosk en Rotterdam. Fierder is de stêd pleatslik ferbûn troch de A325, A326, N324, N325, N326, N842 en N844.
It stedsbusferfier yn de Stedsregio Arnhim-Nimwegen wurdt fersoarge troch Breng, wylst it streekbusferfier troch Arriva, Connexxion en Hermes fersoarge wurde.
Nimwegen hat fiif treinstasjons: Nimwegen, Nimwegen-Dukenburg, Nimwegen-Heyendaal, Nimwegen-Lent en Nimwegen-Goffert. It Sintraal Stasjon Nimwegen is ferbûn oan it intercity-netwurk.
Fierders hat Nimwegen ferbing oer it wetter troch de rivier de Waal en it Maas-Waalkanaal.
Underrjocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nimwegen hat ien universiteit; it Radboud Universiteit Nimwegen. Hy waard yn 1923 stifte en wie de earste katolike universiteit yn Nederlân. It hiet ynearsten de Katolike Universiteit Nimwegen oant 2004 doe't er de hjoeddeistige namme krige. Yn oktober 2018 hie de universiteit 22.142 studinten en 4.921 meiwurkers.
Fierder hat de HAN University of Applied Sciences, dy't ûnderrjocht yn it heger beropsûnderwiis jout, fêstigings yn Nimwegen op mêd fan ûnderwiis en sosjaal wurk, en ek de medyske ôfdieling is dêr fêstige.
It ROC-Nimwegen fersoarget it middelber beropsûnderwiis, en fierders binne der ferskate middelbere en legere skoallen yn de stêd.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferdieling fan de sitten yn de gemeenteried:
Gemeenteriedssitten | |||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Partij | 1974 | 1978 | 1982 | 1986 | 1990 | 1994 | 1998 | 2002 | 2006 | 2010 | 2014 | 2018 | |||
GroenLinks[2] | 4 | 3 | 6 | 5 | 6 | 6 | 8 | 9 | 6 | 8 | 8 | 11 | |||
D66 | - | 2 | 2 | 2 | 5 | 7 | 2 | 1 | 2 | 6 | 7 | 6 | |||
SP | 2 | 2 | 3 | 2 | 2 | 4 | 6 | 6 | 7 | 5 | 8 | 5 | |||
VVD | 6 | 4 | 6 | 4 | 3 | 4 | 5 | 4 | 4 | 4 | 4 | 4 | |||
Nijmeegse Fractie[3] | - | - | - | - | - | - | - | 4 | 2 | 1 | 2 | 3 | |||
PvdA | 12 | 12 | 9 | 16 | 11 | 8 | 8 | 8 | 11 | 8 | 4 | 3 | |||
CDA | 15 | 16 | 13 | 10 | 12 | 9 | 7 | 5 | 5 | 3 | 2 | 2 | |||
PvdD | - | - | - | - | - | - | - | - | - | - | - | 2 | |||
50Plus | - | - | - | - | - | - | - | - | - | - | - | 1 | |||
Gewoon Nijmegen | - | - | - | - | - | - | - | - | 1 | 2 | 2 | 1 | |||
Voor Nijmegen | - | - | - | - | - | - | - | - | - | - | - | 1 | |||
VSP | - | - | - | - | - | - | 1 | 2 | 1 | 2 | 2 | - | |||
De Grienen | - | - | - | - | - | 1 | 2 | - | - | - | - | - | |||
Totaal | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | |||
Opkomst | 56,6% | 53,6% | 52,4% | 57,9% | 54,1% | 54,6% | 57,1% |
Ferneamde ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn Nimwegen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- keizer Hindrik VI fan it Hillige Roomske Ryk (1165–1197)
- Bruorren Limboarch (1385–1416) midsiuwske skilders
- Giovanni Antoniano (ferstoarn 1588), patristike gelearde
- Petrus Kanisius (1521–1597), katolike hillige
- Henriette Pressburg (1788–1863), mem fan Karl Marx
- Sophie Pressburg (1797–1854), beppe fan Anton en Gerard Philips dy't Philips stifte hiene
- Pieter Claude Bijleveld (1828 – 1898), boargemaster
- Carli Biessels (1936–2016), skriuwer
- Eddie Van Halen (1955–2020), rock-muzikant
- Alex Van Halen (berne 1953), rock-muzikant
- Daphne Deckers (berne 1968), model, presintatrise, skriuwer en aktrise
- Margarita of Bourbon-Parma (berne 1972), prinsesse, âldste dochter fan prinsesse Irene
- Saadia Himi (berne 1984), Miss Netherlands Earth 2004
- Amira Willighagen (berne 2004), operasjongster
- Jos Hermens (berne 1950), atleet
- Anne Quist (berne 1957), Olympysk roeister
- Ron de Groot (berne 1960), fuotballer
- Pie Geelen (berne 1972), Olympysk swimmer
- Frank Demouge (berne 1982), fuotballer
- Nacer Barazite (berne 1990), fuotballer
- Frank Boeijen (berne 1957), sjonger
Oare ferneamde ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Titus Brandsma – (1881–1942) heechlearaar filosofy, roomsk-katolyk teolooch en karmelyt.
- Dries van Agt – (berne 1931) politikus
- Nina Simone – (1933–2003) jazz-muzikant
- Edward Ka-Spel – (berne 1954) sjonger fan The Legendary Pink Dots
- Perry Ubeda – (berne 1971) kickbokser
- Karapet Karapetyan – (berne 1982) kickbokser
Susterstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Albany, New York, Feriene Steaten
- Higashimatsuyama, Japan
- Masaya, Nikaragua
- Oulu, Finlân
- Pskov, Ruslân
- Suzhou, Sina
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Gelderlân | |
---|---|
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar | |
· · |