Springe nei ynhâld

69

Ut Wikipedy
Iuwen: 5e fK 4e fK 3e fK 2e fK 1e fK 1e iuw 2e 3e 4e 5e 6e
Jierren: 64 65 66 67 68 69 70 71 72 73 74


Kalinders
Gregoriaanske kalinder 69
LXIX
Ab urbe condita 822
Etiopyske kalinder 61 – 62
Hebriuwske kalinder 3829 – 3830
Hindoekalinders
- Vikram Samvat 124 – 125
- Kali Yuga 3170 – 3171
Juliaanske kalinder
 
69
LXIX
Sineeske kalinder 2765 – 2766

乙辰 – 丙巳

69 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Juliaanske kalinder foar 69.)

  • It Fjouwerkeizersjier. Yn Rome ûntstiet nei de dea fan Nearo in machtsfakuüm.
  • 1 jannewaris - By de wenstige eedsôflizzing op nijjiersdei wegerje de legioenen yn Mogontiacum (Mainz) de eed fan trou oan de nije keizer Galba ôf te lizzen.
  • 3 jannewaris - Yn Keulen roppe de troepen Fitellius ta keizer út.
  • 15 jannewaris - Mei de steun fan 14 leden fan de Praetoriaanske garde fermoardet Oto, in hoveling fan Nearo, keizer Galba en ropt himsels ta keizer út.
  • Grutte dielen fan it westen ferklearje har foar Fitellius, de eastlike provinsjes foar Otho.
  • 14 april - Hoewol't beide keizers leaver ôftrede soenen komt it ta in fjildslach by Cremona. (Earste slach by Bedriacum) Falens wint de slach foar Fitellius dy't oan de oare kant fan de Alpen bleaun wie.
  • 17 april - Otho pleecht selsmoard en lit dêrmei syn supporters in de stiik.
  • 19 april - De Romeinske senaat erkent Fitellius as keizer.
  • Fitellius, dy't benammen de meast Gallyske en Germaanske troepen fan de Ryn fertsjintwurdiget, nimt wraak op syn tsjinstanners yn de Praetoriaanse Garde. Hy ûntslaat grutte oantallen soldaten. Yn it easten docht dat syn oansjen gjin goed.
  • 1 augustus - De troepen yn Aleksanderje roppe Fespasianus ta keizer út.
  • In soad fan de troepen yn Germania wurde nei Itaalje weromroppen. Dit liedt ta in machtsfakuüm en de opstân fan de Batavieren ûnder Klaudius Sivilis
  • 24 oktober - Twadde slach by Bedriakum. Fespasianus ferslaat Fitellius.
  • De gûverneur yn Germania, Markus Hordeonius Flaccus, ferklearret him foar Fespasianus, ta argeweaasje fan syn troepen. It 5e en 15e legioen rebellearje en ferklearje harren foar Fitellius
  • Gallia skiedet him ôf en Sivilis nimt Castra Fetera (Ksanten) yn. Findonissa (Windisch) is de ienige posysje dy't Rome trou bliuwt.
  • 20 desimber - Fitellius wurdt finzen nomd en deamakke.


Jierren: 64 65 66 67 68 69 70 71 72 73 74
Iuwen: 5e fK 4e fK 3e fK 2e fK 1e fK 1e iuw 2e 3e 4e 5e 6e

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: