Springe nei ynhâld

Nijkerk

Ut Wikipedy
Nijkerk

Sintrum fan Nijkerk
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Gelderlân
boargemaster Gerard Renkema (CDA)
sifers en geografy
haadplak Nijkerk
grutste plak Nijkerk
ynwennertal 45.400 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 640 / km²
oerflak 72,04 km²
● wêrfan lân 69,34 km²
● wêrfan wetter 2,7 km²
tal stêden 1
tal doarpen 2
ferkearsieren A1 A28 N301
Spoar fan Utert nei Kampen
skiednis
oprjochte 1413
oar
netnûmer 033
postkoade 3860-3864, 3870-3871
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.nijkerk.eu
Gemeentehûs Nijkerk
De nije, no 'Grutte Tsjerke'
Grifformeard Boargerweeshûs

Nijkerk (Nedersaksysk: Niekark) is in stêd en gemeente yn de provinsje Gelderlân. De gemeente hat 45.400 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en in oerflakte fan 72,05 km², wêrfan 2,53 km² wetter. De stêd stiet by guon noch bekend as doarp, mar hat al sûnt 1413 stedsrjochten. De gemeente bestiet út de kearnen Nijkerk, Nijkerkerveen en Hoevelaken, mei de buorskippen Holkerveen en Driedorp. Nijkerk leit sintraal tusken de Feluwe en de Rânestêd.

Sûnt 2010 is de gemeente Nijkerk oansletten op it gearwurkingsferbân Regio Foodvalley yn 'e mande mei de gemeenten Barneveld, Skerpenseel, Ede, Wageningen, Rhenen, Veenendaal en Renswoude.

De namme komt fan de Nije tsjerke, dy't boud waard neidat de âlde kapel yn 1221 troch in feanbrân ferwoaste wie. Nijkerk hat yn de skiednis in oantal kearen te krijen hân mei rampen. Yn 1421 baarnde de tsjerke ôf. Ek barden der oerstreamings fanút de Sudersee; ûnder oare op 13 - en 14 jannewaris 1916. Omdat Nijkerk sintraal lei tusken it aartsbisdom Utert en it hartochdom Gelre, wie de stêd geregeld wei striidtoaniel, en yn 1412 waard it doarp finaal ferwoaste. Op 27 maart 1413 krige Nijkerk as fergoeding stedsrjochten en frijstelling fan toljild yn Gelre. Yn 1540 baarnde de stêd wer foar it grutste part ôf.

Nijkerk bloeide yn de 18e iuw. De stêd libbe fan tabakstylt, handel, en glêsblazerijen, en wie yn 1795 de grutste stêd fan de Feluwe. Dit is goed te fernimmen oan de arsjitektuer. Yn dy tiid binne in soad hearehuzen boud yn it hjoeddeiske sintrum. Yn Gelderlân wie allinnich Arnhim grutter.

In oantal wyk- en strjitnammen ferwize nei wichtige persoanen yn de skiednis. Foarbylden hjirfan binne Corlaer, de Van Rensselaerstrjitte en de Slichtenhorsterwei dy't neamd binne nei pioniers dy't út Nijkerk wei nei Nij Nederlân lutsen (it hjoeddeiske New York). Fierders de Ds Kuypersstrjitte (neamd nei Gerardus Kuypers (1749-1750), bekend fan de Nijkerkse beroeringen) en de Boargemaster Stamstrjitte, neamd nei boargemaster Stam dy't bekend is fan it fersetwurk yn de Twadde Wrâldoarloch en dy't ek boargemaster fan Dinxperlo west hat. En dan noch de Kardinaal Alfrinkleane, ferneamd nei Kardinaal Alfrink.

Arent fan Corlaer út Nijkerk stifte yn 1662 de Hollânske Koloanje Schenectady yn Nij-Nederlân, no de steat New York yn de Feriene Steaten. Nijkerk ûnderhâldt noch altyd freonskiplike betrekkingen mei de stêd Schenectady.

It sintrum bestiet út in tal winkelstrjitten mei it Grutte Plein. Neist in soad terraskes sit hjir ek de âlde waach fan Nijkerk by it stedsgrêftsje. Der binne in soad winkels en op it Plein is benammen simmerdeis in soad te rêden. Net allinnich toeristen fan de Feluwe komme hjir op ôf mar ek boatsjeminsken dy't yn de jachthaven fan Nijkerk lizze. Krekt bûten it sintrum stiet by de frachthaven oan de Arkerfeart it gemeentehûs fan Nijkerk. De âlde sûkelarjefabryk fan 'De Baronie' is omboud ta in grut meubel- en ynterieursintrum De Havenaer mei as blikfanger de âlde wettertoer. Hjir steane ek de mânske silo's fan Nijkerk dy't fan fierren te sjen binne.

Perioade nei de Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Twadde Wrâldoarloch groeide Nijkerk tige, benammen nei de oanlis fan de A28. It stik lân tusken dizze rykswei en de stêd waard brûkt foar bedriuwsterreinen, lykas de Arkerfeart en Watergoor, wat in soad wurkgelegenheid oplevere. Dat late ta fierdere ekspânsje fan de wenningbou. De earste neioarlochske wenwiken ferriisden: Schulpkamp, de Bruins Slotleane en ienige bebouwing om it sintrum hinne (benammen by de Kommissaris van Heemstrastrjitte en de Havenstrjitte).

Ein jierren fyftich waard begûn oan de eastside fan de stêd. Ut dizze perioade, oant ± 1975 stamme de wiken Beulekamp, Paasbos en Renselaer; yn de lêste wyk waarden foar it earst flats oplevere (van Oldenbarneveltstrjitte). Ein jierren santich begûn mei de wyk Strijland in grut projekt, oanslutend op de wiken Beulekamp en Paasbos. Hjir boude men oant ûngefear 1986, dêrnei waard oan de westkant útwreide.
Ek waarden yn de jierren santich om ferpleechhûs Zilverschoon twa wiken oanlein. As earste in wyk tusken de Bruins Slotleane en de Berecamperwei (in soad strjitten hawwe it wurd "camp" yn de namme). As twadde waard der ek efter fersoargingstehûs Zilverschoon de wyk Hazeveld boud.

Om 1989 begûn de gemeente ten westen fan de rûnwei oan de wyk Corlaer. In grut projekt. Om 1997 starte men it twadde gedielte, Grut-Corlaer, mei de dielplannen Boerderijakkers (1997-2000), De Bogen (2000-2006) en as lêste it dielplan De Terrassen. Sûnt 2007 wurde yn dizze wyk 800 wenten boud. Sûnt dyselde tiid wurde in tal ynwreidingslokaasjes beboud, ûnder oare oan de Oranjeleane en it Molenplein/van Reenenpark. Ek de foarsjenningen binne útwreide. Sa binne der ferskate sportferienings en sûnt inkele jierren alle foarmen fan fuortset ûnderwiis yn it Corlaer Kolleezje.

Takomstfyzje romtlike oardering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op basis fan de ûntwikkelingsfyzje soe Nijkerk yn 2030 trochgroeie kinne nei maksimaal 51.000 ynwenners.

De kommende perioade bout Nijkerk yn de wenwiken De Terrassen en Middellaar (Hoevelaken) en op ferskate ynwreidingslokaasjes. Takomstige wenningbou is mooglik op fjouwer lokaasjes, direkt grinzend oan stêdlik gebiet: Doornsteeg, Luxol, Middelaar East en Plankenburch. It doarp Nijkerkerfean sil ôfboud wurde. De mooglikheden foar nijbou by it doarp sille ûndersocht wurde. Op langere termyn soenen der eastlik fan Nijkerkerfean twa nije doarpen by komme kinne.

Nijkerk hat twa middelbere skoallen:

Bekende ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
· · Berjocht bewurkje