Sutfen (gemeente)

Ut Wikipedy
Sutfen
Zutphen
Overzicht van het nieuwe stadhuis - Zutphen - 20346776 - RCE.jpg
Stedh☼s fan Sutfen
flagge wapen
Flag of Zutphen.svg Coat of arms of Zutphen.svg
lokaasje
NL - locator map municipality code GM0301 (2016).png
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Gelderland.svg Gelderlân
boargemaster Wimar Jaeger (D666)
sifers en geografy
haadplak Sutfen
grutste plak Sutfen
ynwennertal 48.545 (31 jannewaris 2023)
befolkingstichtens 1185 /km²
oerflak 42,93 km²
● wêrfan lân 40,95 km²
● wêrfan wetter 1,98 km²
tal stêden 1
tal doarpen 2
ferkearsieren N314, N319, N345, N346, N348, N826
Steatsline A, Steatsline D
skiednis
oprjochte 2005
foar 2005 Flag of Zutphen.svg Sutfen
Coat of arms of Warnsveld.svg Warnsveld
oar
netnûmer 0575
postkoade 7200-7207, 7230-7232
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.zutphen.nl
1rightarrow.png Dizze side giet oer de gemeente Sutfen. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sutfen (betsjuttingsside).

Sutfen (Nederlânsk en offisjeel: Zutphen) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De haadstêd is de stêd Sutfen. De gemeente hie op 31 jannewaris 2023 48.545 ynwenners (boarne: CBS) op in oerflak fan 42,93 km².

Mei yngong fan 1 jannewaris 2005 fusearre de gemeente Warnsveld mei de gemeente Sutfen. Sût 2001 foarmet Sutfen mank mei de Gelderske gemeenten Apeldoarn, Brummen, Epe, Lochem en Voorst en de Oeriselske geme ente Dimter it gearwurkingsferbân Stêdetrijehoeke of Cleantech-regio. Dat regionale gearwurkingsferbân hat as doel yn 2030 enerzjyneutraal te wêzen en ûntwikkelet meiïnoar oparbeidzjend belied op fysyk (romtlike oardering, wenjen, ferkear ensfth), ekonomysk en sosjaal mêd.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gemeentekaart fan Sutfen

De gemeente leit yn it noardeasten fan de provinsje Gelderlân en is part fan it gearwurkingsferbân Stêdetrijehoeke dêr't sân Gelderske en ien Oeriselske gemeente yn meiwurkje, neamd nei de trije stêden Apeldoarn, Dimter en Sutfen. De gemeente grinzget oan de gemeenten Lochem, Bronckhorst, Brummen en Voorst.

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Sutfen hat de yndieling fan de stêd yn wiken feroare troch wijen gear te foegjen en oare nammen te jaan. Sa is de wyk Noordveen ûntstien wêrûnder de gânse noardlike stêd dêr't ûnder oaren it Deventerwegkwartier en Voorsteralleekwartier falle. Tusken it sintrum en it dorp De Hoven streamt de rivier de Isel;

Hjoeddeistige wykyndieling
Doarpskearnen
  • Warnsveld, eardere selsstannige gemeente, sûnt 1 jannewaris 2005 part fan de gemeente Sutfen, likernôch 9.000 ynwenners.
Buorskippen
  • De Hoven, doarp oan de westkant fan de Isel
  • Bronsbergen, buorskip súdlik fan Sutfen op in rivierdunekompleks oan de Isel
  • Warken, buorskip eastlik fan it doarp Warnsveld

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar