Springe nei ynhâld

Barneveld (gemeente)

Ut Wikipedy
Ede

Sintrum fan Barneveld.
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Gelderlân
boargemaster Jan Luteijn (SGP)
sifers en geografy
haadplak Barneveld
grutste plak Barneveld
ynwennertal 62.649 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 345 / km²
oerflak 176,66 km²
● wêrfan lân 175,90 km²
● wêrfan wetter 0,76 km²
tal doarpen 10
ferkearsieren A1 A30 N301 N344N800 N802 N805
Spoarline Amsterdam-Elten
skiednis
oprjochte 1818
oar
netnûmer 0342, 0577
postkoade 3770-3776, 3780-3781, 3784-3785, 3794, 3886
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.barneveld.nl
Kaart fan in diel fan de gemeente Barneveld yn 1866
Barneveld en omjouwing

Barneveld (Nedersaksysk: Barreveld) is in gemeente yn de provinsje Gelderlân. It haadplak is it plak mei deselde namme Barneveld. De gemeente beslacht in gebiet fan 176,74 km² en hat in ynwenneroantal fan 62.649 (1 jannewaris 2024, boarne: CBS). In ynwenner fan Barneveld wurdt in "Barnevelder" neamd. De gemeente Barneveld ûntstie yn syn hjoeddeistige foarm op 1 jannewaris 1818, doe't de doetiidske gemeente Barneveld fúzjearre mei de gemeenten Garderen en Voorthuizen, dy't yn 1812 fan Barneveld ôfspjalte wiene.

De gemeente Barneveld wurket sûnt 2010 gear mei de gemeenten Rhenen, Wageningen, Veenendaal, Ede, Nijkerk, Skerpenseel en Renswoude yn it regionaal gearwurkingsferbân Regio Foodvalley.

Ynwenners per wenkearn en kearngebiet
1 jannewaris 2021
Plaknamme Nedersaksysk Ynwenners
Barneveld Barreveld 35.095
Voorthuizen Voorthuzen 11.340
Kootwijkerbroek Kootjebroek 5.740
Garderen Garder 2.150
Stroe Stroe 1.670
Terschuur Terschuur/Schuurdaarp 1.505
Zwartebroek Zwartebroek 1.440
De Glind De Gliend 620
Kootwijk Kootwiek/Kodik 275
Achterveld align="leftt"|Achterveld 145
Boarne: CBS

Buorskippen en oare ûnoffisjele kearnen: Essen, Esveld, Garderbroek, Harselaar, Kallenbroek, Moorst (gedieltlik), Wessel en Rekreaasjegebiet Zeumeren.

De gemeente grinzget oan de gemeenten Nijkerk, Putten en Ermelo yn it noarden. De gemeente Apeldoarn yn it easten. De gemeenten Ede, Renswoude, Skerpenseel en Woudenberg yn it suden en de gemeenten Leusden en Amersfoart yn it westen.

De gemeente Barneveld leit foar in grut part yn it sintrale diel fan de Gelderske Fallei. Yn it easten en it noardeasten leit sângrûn fan de Feluwe mei bosken, heidefjilden en yn de buert fan Kootwijk it Kootwijkerzand. De gemeente wurdt fan east nei west trochsnien troch de Barneveldske Beek.

De gemeente hat in hege konsintraasje bargehâlderijen en plomfeehâlderijen. It lânbougebiet bestiet benammen út greide en relatyf in bytsje ikkerlân, útsein oan de râne fan de Feluwe en hjir en dêr ferspraat oer de gemeente.

It oantal hinnen yn de gemeente Barneveld is it grutste fan alle Nederlânske gemeenten: 3,6 miljoen hinnen (2020).

Troch de hege konsintraaje fan (plom)fee hat de gemeente in heech dongoerskot.

Benammen op de oergongssône tusken de Fallei en de Feluwe lizze in bulte campings, de measten tusken Voorthuizen en Garderen.

De gemeente Barneveld hat mei de Barneveldse Krant in deiblêd dat alle dagen ynformearret oer nijs út de gemeente en de regio. Fierders is der it hûs-oan-hûsblêd fan Wegener, Barneveld Vandaag. Dy krante ferskynt trije kear yn de wike.

De lokale omrop fan de gemeente is Radio Barneveld. Dy stjoert út op 93.1 FM op de kabel, 93.5 FM yn de eter en fia it ynternet út.

Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
· · Berjocht bewurkje