Doetinchem (Nedersaksysk: sawol Deutekem as Dörkum) is in stêd en gemeente oan de Alde Isel en leit yn de Achterhoeke, yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De gemeente hat 59.265 ynwenners (31 jannewaris2023, boarne: CBS), en hat in oerflak fan 79,07 km2 (dêr't 0,57 km2 fan út wetter bestiet). Dêrmei is Doetinchem de tichtst befolke gemeente fan de Achterhoeke. De befolking is foar goed fjirtich persint fan protestantske sinjatuer en foar sawat likefolle fan katolike komôf. Foar it oare part bestiet de gemeente út guons dy't net tsjerklik binne of moslims.
Mei BV De Graafschap hat Doetinchem syn eigen betelle fuotbalklup yn de gemeentegrinzen. It stadion De Vijverberg, dat leit yn it súdeasten fan de stêd, húsmannet de Superboeren.
Doetinchem, tsjerke, sjoen fan de winkelstrjitte ôf