Ede (gemeente)
Ede | |
---|---|
Lângoed Hoekelum | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Gelderlân |
boargemaster | René van Hulst (CDA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Ede |
grutste plak | Ede |
ynwennertal | 123.441 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 377 / km² |
oerflak | 318,62 km² |
● wêrfan lân | 318,18 km² |
● wêrfan wetter | 0,44 km² |
tal doarpen | 10 |
ferkearsieren | A12 A30 N224 N304 N310 N781 N801 N804 Spoarline Amsterdam-Elten Spoarline Nijkerk-Ede-Wageningen |
skiednis | |
oprjochte | |
oar | |
netnûmer | 026, 0318, 0342 |
postkoade | 6710-6718, 6720-6721, 6730-6733, 6740-6741, 6744-6745, 6877 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.ede.nl |
Ede ( útspraak, Nedersaksysk: Ee) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân, oan de westkant fan de Feluwe en yn de súdlike Gelderske Fallei. De gemeente hat 123.441 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en omfiemet likernôch 32.000 bunder en yn dat grûngebiet lizze, njonken it haadplak Ede de kearnen Bennekom, Deelen, Ederveen, Harskamp, Hoenderloo (foar in part), De Klomp, Lunteren, Wekerom en in stikmannich útbuorrens en buorskippen. De gemeente Ede wurket gear mei de gemeenten Rhenen, Wageningen, Veenendaal, Barneveld, Nijkerk, Skerpenseel en Renswoude yn it regionaal gearwurkingsferbân Regio Foodvalley.
Op 1 jannewaris 1812 waarden Bennekom, Lunteren en Otterlo fan Ede ôfspjalte en foarmje harren eigen gemeenten, dochs binne op 1 jannewaris 1818 fannijs gearfoege by Ede.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente hat in totaal oan 123.441 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS). Yn 1850 hie de gemeente 9.004 ynwenners en 100 jier letter 45.896. Yn febrewaris 2013 waard de grins fan 110.000 ynwenners helle.
It tal hinnen yn de gemeente Ede is it grutste fan alle Nederlânske gemeenten: 3,6 miljoen hinnen (2020).
Wenplakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wenplak | Ynwenners 2021 |
---|---|
Ede | 76.750 |
Bennekom | 15.270 |
Lunteren | 13.775 |
Ederveen | 3.685 |
Harskamp | 3.545 |
Wekerom | 2.715 |
Otterlo | 2.215 |
De Klomp | 460 |
Deelen | 40 |
Hoenderloo (¹) | 50 |
¹ It grutste part heart by de gemeente Apeldoarn.
Oare kearnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Buorskippen en oare net offisjele kearnen: Doesburgerbuurt, Driesprong, Eschoten, De Ginkel, Hoekelum, Hoog-Baarlo, De Kade, De Kraats, Meulunteren, Mossel, Nederwoud, Nergena, Nieuw-Reemst, Oud-Reemst, Overwoud, Roekel, De Valk, Walderveen en Westeneng
Gea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Ede hat in ferskaat oan lânskippen. Om syn lizzing op de driuwwâlen fan de Feluwe is de bosk, heide, en sânferstowings. Ede en Bennekom ûntstiene op in driuwwâl. Om syn hegere lizzing waarden de plakken gaadlik foar it wenjen. De hege (drûge) heidegeaen foar skiep, legere greide foar it oare fee, mei dêrtusken yn de gebieten dêr't ikkerbou plakfûn. Ynearsten bestie de bewenning út nomaden, likernôch 3000 f.Kr., mar letter ûntstie der in fêste bewenning en doe ûntstiene der bestjoerlike sintrums.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Alde Tsjerke yn Ede
-
Jachthûs Sint-Hubertus yn Nasjonaal Park De Hege Feluwe
-
Ginkelske heide
-
Otterlo
-
Wekerom
-
Gemeentehûs
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ede (Netherlands fan Wikimedia Commons. |
Gelderlân | |
---|---|
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar | |
· · |