Springe nei ynhâld

Walderveen

Ut Wikipedy
Walderveen

Walderveen is in buorskip yn de gemeente gemeente Ede yn Utert.

De buorskip leit yn it uterste noardwesten fan de gemeente yn agrarysk gebiet, lâns de gemeentegrins mei Barneveld. It bestie oarspronklik út 9 pleatsen en in mûne mei mûndershûs.

Walderveen leit op in fanâlds wichtich krúspunt fan wegen: de trochgeande wei fan Barneveld nei Renswoude krúst hjir de Postwei dy't fan Lunteren nei Amersfoort rint.

Walderveen is benammen bekend om de Walderveense mole, in stellingmole út 1895.

Benoarden de mole stiet in yn 1855 boude T-hûsfoarmige hallehûspleats mei in reidtek en in yn 1924 boude stienen skuorre. It foarhûs hat in skylddak en it efterhûs in wolfdak.[1]

Op de hoeke fan de Postwei en de Scherpenzeelsewei stiet it Hearenloazjemint oan de eardere ferbiningswei tusken de Sudersee en de Ryn, dêr't eartiids de postkoets fan Amsterdam oer Arnhim nei Dútslân oer ried. Yn 1859-1860 is dizze ferbiningswei fluorre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.ede.nl/fileadmin/monumentenregister/525.html Pleats is gemeentlik monumint