Elburch (gemeente)
Elburch (Nederlânsk: Elburg) is in gemeente yn de provinsje Gelderlân. Yn 2019 hie de gemeente 23.086 ynwenners en in oerflakte fan 65,95 km². It gemeentehûs, dat iuwenlang yn de âlde stêd fan it haadplak Elburch stie, stiet no yn de wyk Oostendorp, in earder oan de stêd grinzjend buorskip. Elburch krige yn 1233 stedsrjochten, wat as it begjin fan it gemeentlik bestjoer sjoen wurde kin.
Oare kearnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oare kearnen yn de gemeente Elburch:
Sjoch foar de rest fan de gemeente: Doornspijk
Ferkear en ferfioer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De measte wenkearnen yn de gemeente lizze fuort oan de Suderseestrjitwei en wurde betsjinne troch Systus Gelderlân-busline 100 (Swol-Nunspeet) en de sneltsjinst 200 (Elburch-Swol). De kearn 't Harde leit oan de autosnelwei A28 en oan de spoarline Utert - Swol. Twarres yn it oere per rjochting wurdt 't Harde oandien troch in stoptrein. Sûnt koart hat de gemeente ek har eigen buertbus. Line 514 pindelt tusken 't Harde en Wezep fia de Hoge Enk, Elburch, Oosterwolde, Oldebroek, Mullegen, en ´t Loo.
Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gemeenteried[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De gemeenteried fan Elburg bestiet út 19 sitten. Gearstalling fan de ried sûnt 1994:
Gemeenteriedssetels | |||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Partij | 1994 | 1998 | 2002 | 2006 | 2010 | ||||||||||
CDA | 4 | 4 | 4 | 3 | 3 | ||||||||||
Algemien Belang | 3 | 3 | 4 | 4 | 4 | ||||||||||
KristenUny* | 3 | 4 | 4 | 3 | 3 | ||||||||||
SGP | 4 | 3 | 3 | 3 | 3 | ||||||||||
PvdA* | 3 | 3 | 2 | 3 | 2 | ||||||||||
VVD | 2 | 2 | 2 | 2 | 1 | ||||||||||
Elburch Belied | - | - | - | - | 2 | ||||||||||
Gemeentebelang | - | - | - | 1 | 1 | ||||||||||
Totaal | 19 | 19 | 19 | 19 | 19 |
- Yn 1994 en 1998 die de RPF, ien fan de foargongers fan de KristenUny mei oan de ferkiezingen./GPV
- Yn 1994 en 1998 hie de PvdA in mienskiplike list mei D66.
Boargemasters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 2001-2007 Hendrik Visser (KristenUny). De Elburger boargemaster wie ûnder mear boargemaster fan Arnemuiden (1990-1997) en Nij-Lekkerlân (1997-2001). Hy wie fan maaie 2001 oant en mei oktober 2007 boargemaster fan Elburch.
- 2007- 2017 Frans de Lange (1966). De eardere wethâlder fan Hurderwyk waard unanym foardroegen troch de gemeenteried.
- 2017-2017 Harry Dijksma (VVD) wie waarnimmend boargemaster fan 1 febrewaris 2017 oant en mei 9 oktober 2017.
- 2017- Jan Nathan Rozendaal (SGP) is fan 13 oktober 2017 ôf boargemaster fan Elburch.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
![]() | |
---|---|
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar |