Springe nei ynhâld

Doornspijk

Ut Wikipedy
Doornspijk
Klarenbeek
Klarenbeek
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Elburch
Boargemaster Jan Nathan Rozendaal (SGP)
Sifers
Ynwennertal 4.220 (2019)[1]
Oerflak 21,06 km²
Befolkingsticht. 200 / km²
Oar
Postkoade 1846
Offisjele webside
Doornspijk op Elburg.nl

Doornspijk is in doarp yn de gemeente Elburch yn de provinsje Gelderlân. Oant 1974 wie it noch in selsstannige gemeente.

It âlde Doornspijk yn de floed fan 1825

Doornspijk waard al likernôch om it jier 800 as "Villa Thornspiic" neamd. Eartiids lei it sintrum fan it plak noardlik fan it hjoeddeiske doarp oan de dyk fan de Sudersee. Nei't de Ludgerustsjerke troch de floed fan 1825 en bliksemynslach ferlern gyng, waard der mear it lân yn in nije tsjerke boud. It nije doarpssintrum kaam om dy nije tsjerke hinne te lizzen. Yn it midden fan de 19e iuw is troch de tsjintwurdige kearn de Suderseestrjitwei (Zuiderzeestraatweg) oanlein.

De Tsjerkedyk (Kerkdijk) yn Doornspijk foarmet it paad nei de âlde Ludgerustsjerke, dy't doedestiids de âlde delsetting oan de Sudersee ferbûn mei it achterlân.

Op 1 jannewaris 1974 waard Doornspijk as gemeente opheft en yndield by Elburch.

Doornspijk is in tsjerklik plak. It doarp hat in tal tsjerken, wêrfan't de grutste gemeente de hersteld herfoarmd is.

It doarp leit yn in agrarysk greidelânskip. Súdlik fan it doarp leit de Doornspijkster heide mei in sânferstowing en in boskgebiet. Noardwestlik fan it doarp lei de Feluwemar. Regelmjittich wurde dêr seldsume wetterfûgels sjoen, lykas kranen en flamingo's.

Ofbylden Doornspijk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: