Kraanfûgel
kraanfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Grus grus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel wintergast |
De (gewoane) kraanfûgel of kraan (Grus grus) is ien fan de grutste Europeeske fûgels. It is de ienichste soarte fan de famylje fan de kraanfûgels yn Noard- en Midden-Europa.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kraanfûgel is in 122-122 sm grutte fûgel mei lange poaten en in lange hals. De kop en hals fan de kraanfûgel binne swart mei in reade skedel en wite streken oan de sydkant fan de kop en hals. Hy hat grize fearren, mei opfallende fearren dy't yn in bôge oer de sturt hingje. De spanwiidte fan de wjukken is sa'n 220 sm. Kranen fleane mei útstrekte hals, yn in kloft yn in lange rige of V-formaasje. Fierder falt syn trompet-eftige lúd op.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in skier ferline wie de kraanfûgel in briedfûgel yn Nederlân. Wannear't it lêste pearke yn Nederlân ta in nêst kamen is net bekend, mar healwei de 19e iuw begûn troch it oanmeitsjen fan lân it tradisjonele briedgebiet yn Europa lytser te wurden. Likernôch healwei de 20e iuw briede de fûgel noch yn it noarden fan Dútslân, Noarwegen, Sweden, Finlân en Ruslân. Fieder wiene der noch in pear isolearre populaasjes yn it suden fan Europa. De fûgel bleau lykwols foar ús lân in trekfûgel en striek sa noch wol yn Nederlân del, benammen yn it súdeastlike diel fan it lân, lykas yn de Peel yn East-Brabant.[1]
Sûnt 2001 briedt de fûgel mei troch ynvestearrings yn wiete heide- en feangebieten en nije natuer wer op 'e nij yn Nederlân. De earste nêsten waarden yn it Fochtelerfean boud en fan dêr út fûn de fûgel oare plakken om te brieden yn û.o. it Dwingelderfjild en letter ek yn Oerisel, Gelderlân, Noard-Brabân en Limboarch. Yn 2019 telde it Fochtelerfean 9 pearkes, mar troch de droechte waarden der mar twa piken grutbrocht[2].
De fûgels dy't yn de meast westlike gebieten briede oerwinterje meast yn Marokko en op it Ibearysk Skiereilân. De mear eastlike fûgels meast yn East-Afrika yn de sompen by de Nyl.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kranen begjinne yn it foarjier mei in opfallende balts. Sy dûnsje yn rûntsjes wêrby't se mei de wjukken wiidút om inoar hinne springe en se lúd trompetterje. De fûgels meitsje in nêst fan planteresten, leafst yn de sompen sadat it wetter om it nêst hinne leit. It wyfke leit 2 aaien dy't troch beide âlden yn sa'n 29 dagen útbret wurde. It duorret dan noch 9 oant 10 wiken foar de jonge fûgels fleane kinne, mar ek dan bliuwe se noch oant de winter by harren âlden.
Alhoewol't it tal fûgels yn it lân tanimt, binne de briedsúksessen fan de fûgel noch wol in soarch. Njonken droechte, lykas yn de simmer fan 2019, foarmet ek de rekreaasjedruk in bedriging foar it briedsúkses fan de fûgel. Troch't de kranen mei harren piken om te fûrazjearen fan it nêstplak yn it fean nei it omlizzende lânbougebiet rinne en dêrby paden en diken oer moatte, komt it faak foar dat de rêst fersteurd wurdt en/of der piken deariden wurde.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kraanfûgel is net in sinnige iter, hy mei fan alles. Fan sied en dielen fan planten oant ynsekten en oare lytse dieren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Gewoane kraanfûgel
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Yndia