Springe nei ynhâld

Fochtelerfean

Ut Wikipedy
It Fochtelerfean sjoen fan de útsjochtoer by Ravenswâld ôf
It Fochtelerfean
Paad troch it Fochtelerfean

It Fochtelerfean is in natuergebiet op de grins fan Fryslân en Drinte. It heechfeangebiet leit tusken Easterwâlde en Assen, fuort om it natuergebiet hinne lizze Feanhuzen, De Fochtel en Ravenswâld. It gebiet is sa’n 2500 hektare grut, likernôch like grut as de stêd Utert.[1] It Fochtelerfean is ien fan de minne en best bewarre heechfeangebieten fan Nederlân.

It natuergebiet is in oerbliuwsel fan it grutte Drintsk-Fryske heechfeangebiet, dat om 1660 hinne foar it meastepart ôfgroeven is (benammen de Smilder feanen oant de Drintske Haadfeart). Dat it gebiet bewarre bleaun is in histoarysk tafal en mooglik in gefolch fan de isolearre lizzing op de provinsjegrins. Pas let yn de tiid waard in frijwat beheind kanalestelsel oanlein, sadat in soad fean lizzen bleau en der sels altyd in lytse 'aktive' heechfeankern bestean bliuwe koe.

Yn 1938 waard in earste gebiet fan 200 hektare heechfean oankocht troch de Feriening Natuermonuminten, tegearre mei It Fryske Gea. Wol waard der oant de begjin jierren ’80 noch fean fuortgroeven. [2]

Beskerming en natuerûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Topografyske kaart fan it Fochtelerfean, sept. 2014

It Fochtelerfean is in kearngebiet yn de Ekologyske haadstruktuer, in (troch de Jeropeeske Uny beskerme) Natura 2000-gebiet en oanwiisd as wietlân neffens de konfinsje fan RAMSAR. Fan it gebiet is likernôch 1100 hektare yn it eigendom fan de Feriening Natuermonuminten, dat tegearre mei de likernôch 1400 hektare fan Steatsboskbehear beheard wurdt.

Om de groei fan it heachfean better te meitsjen is it gebiet wieter makke troch de oanlis fan daamwanden, it damjen fan sleaten en it setten fan skuven. Ek wurdt om it eigenlike natuergebiet in buffersône ynrjochte. Fan âlds leit oan de noardside it boskgebiet Bankenbosk en de Koloanje Feanhuzen. Nei it suden en easten ta, by De Fochtel en Ravenswâld, wurde lânbougrûnen ynrjochte as natuergebiet, wat foar de wetterbehearsking ûnmisber is en in soad kânsen jout foar de fauna. It gebiet is gedieltlik tagonklik. Der rint in fytspaad oer in sânrêch troch it gebiet en der binne inkelde kuierpaden. Der stiet in fûgelsjochhutte en tichtby Ravenswâld stiet in bysûndere útsjochtoer dêr men in útsjoch oer it natuergebiet fan ôf hat.

Undersyk yn 2004 hat sjen litten dat it wieter meitsjen fan de grûn goed west hat foar de plantegroei. It brún feanmoas, dat yn Nederlân tige seldsum is, is werom kaam. It bjint, in brúngiele, gerseftige plant dy’t de oerhân krigen hat doe’t it fean útdrûge, krijt hieltiten minder romte. Hjirfoar yn de plak komme no it ienjierrige wolgers en de feanheide.

  • In flinter as it heaflinter hat hjir wer ien fan syn lêste grutte populaasjes.
  • Yn it Fochtelerfean hat yn 2001 foar it earst yn 250 jier in súksesfolle briedgefal fan de kraan west. Dit hat yn de jierren dêrnei in gefolch krigen.
  • Yn guon jierren oersimmeret in slange-earn yn it gebiet.
  • Yn 2004 waard de bosktsjirk wer sjoen. Troch it ferheegjen fan de grûnwetterstân en wurksumens wienen der blabberfjilden en platriden slyk ûntstien dêr’t de bosktsjirk op ôf komt.
  • Yn it Fochtelerfean libje tsientallen paapkes en dêrtroch is it gebiet nei alle gedachten wol it bêste natuergebiet om dizze soarte sjen te kinnen.
  • De ringslange, de njirre en de glêde slange binne fêste bewenners fan it natuergebiet.
  • Yn de maitiid fan 2008 docht in groep fan likernôch tritich readpoatfalken har tegoed oan de wytsnútlibellen yn it Fochtelerfean.[3]

It natuergebiet lûkt yn in jier in soad besikers. Yn it gebiet mei der frij kuiere en fytst wurde op de paden. Foar dit doel binne der inkelde kuier- en fytspaden oanlein. Der binne twa kuierpaden fan likernôch 6 kilometer lingte en in fytsrûte fan likernôch 37 kilometer. By Ravenswâld is yn 1999 in útsjochtoer delsetten fan sa’n 15 meter heech.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1], Fochteloërveen op de webstee fan Natuermonuminten
  2. [2], Fochteloërveen op de webstee fan Natuermonuminten
  3. [3], Rekordtal readpoatfalken yn Fochtelerfean
Natoergebieten fan de Feriening Natuermonuminten yn Fryslân

Aldemardumer KlifFilenspolderFlytsterboskFochtelerfeanIt GrynHaulerpolderHegewiersterfjildLeonserpolderLycklamaboskNasjonaal Park De LauwersmarNasjonaal Park SkiermûntseachRengersmiedeRiisterpolderSkrinsSkrokSlotpleatsSuderfinnenspolderWesterhitsumerbosk