Springe nei ynhâld

Nasjonaal Park Skiermûntseach

Ut Wikipedy
Nasjonaal Park Skiermûntseach
Nationaal Park Schiermonnikoog
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Skiermûntseach
koördinaten 53°29′ N 6°12′ E
oare ynformaasje
status nasjonaal park
oerflak 72 km²
stifting 1989
behear Steatsboskbehear
webside www.nationaalpark.nl
kaart
Nasjonaal Park Skiermûntseach (Nederlân)
Nasjonaal Park Skiermûntseach
Lokaasje yn Nederlân.

It Nasjonaal Park Skiermûntseach (Nederlânsk: Nationaal Park Schiermonnikoog) is in natoergebiet dat fierwei it grutste part fan it Fryske Waadeilân Skiermûntseach beslacht en teffens de dielen fan 'e Waadsee en de Noardsee omfiemet dy't dêr lyk foar de kust lizze. Yn totaal hat dit nasjonaal park dêrmei in oerflak fan likernôch 72 km², oftewol 5.400 ha. It Nasjonaal Park Skiermûntseach waard oprjochte yn 1989 en is it âldste nasjonale park fan Nederlân (neffens de moderne definysje fan sa'n natoergebiet dy't om 1970 hinne troch it regear opsteld is). It bestiet út in wiid ferskaat oan lânskippen, en omfettet in grut tal ferskillende soarten planten, fûgels, ynsekten, fisken, sûchdieren en poddestuollen.

It Nasjonaal Park Skiermûntseach omfiemet hast it hiele eilân Skiermûntseach, mei útsûndering fan it doarp Skiermûntseach en westlik dêrfan in diel fan 'e Westerdunen, mei û.m. de Badwei en de fjoertoer. De Noarderdunen, it Westerstrân, de Westerplasse en it skiereilân It Rif hearre der lykwols al ta. Oan 'e eastkant fan it doarp bliuwt de Banckspolder, dêr't de pear pleatsen fan it eilân sitewearre binne, bûten it nasjonaal park, wat mei-iens in ferbining tusken it doarp en de pier fan Skiermûntseach ferskaft dy't net troch it nasjonaal park rint. Behalven de rest fan it eilân hearre ek de wetters fan 'e Waadsee en de Noardsee om it eilân hinne ta it park. De iennichste korridor dêrtrochhinne wurdt foarme troch de pier.

In lânkaart fan it Nasjonaal Park Skiermûntseach.

Yn 'e histoaryske annalen waard Skiermûntseach foar it earst neamd yn 1296, doe't it bekend stie as Wervmeraeghe, oftewol "Wierumereach". Dat lit sjen dat it eilân doedestiden folle westliker lei as tsjintwurdich. Troch it oanhâldende "wanneljen" fan Skiermûntseach nei it easten ta hat men troch de iuwen hinne ferskate kearen it doarp opbrekke en nei it easten ta ferpleatse moatten doe't it oan 'e westkant fan it eilân yn see drige te bedarjen. De lêste kear dat dat barde, wie yn 'e achttjinde iuw. Syn hjoeddeistige namme tanket Skiermûntseach oan 'e Sistersiënzer mûntsen, dy't fanwegen har grize pijen ek wol "skiere mûntsen" neamd waarden. De Sistersiënzers fan it kleaster Klaarkamp, by Rinsumageast, dat yn 1165 stifte wie, rekkenen yn 'e Midsiuwen nammentlik it eilân, dêr't se in úthôf hiene, ta it besit fan har kleaster.

As tsjerklik goed kaam Skiermûntseach sadwaande yn 1580, doe't yn Fryslân de Reformaasje trochfierd waard, ûnder bestjoer fan 'e Steaten fan Fryslân. Dy ferkochten it yn 1640, en sa waard it eilân partikulier besit, dat iuwenlang fan 'e iene eigner op 'e oare oergie. Party fan dy lju seagen alhiel net nei Skiermûntseach of syn bewenners om, mar oaren diene dat wol. Sa liet mr. John Eric Banck yn 1887 op eigen kosten de Badwei nei it strânhotel oan 'e noardkust oanlizze en bestrjitsje. Uteinlik kaam Skiermûntseach yn 1893 yn eigendom fan 'e Dútske greve fan Bernstorff-Wehningen. Dyselde en syn erfgenamten setten har ek aktyf yn foar de wolfeart fan it eilân en syn bewenners, û.m. troch it prille toerisme te stimulearjen en mei de oanplant fan nullebosken yn 'e dunen benoarden it doarp, om 'e sânferstowing tsjin te gean.

Nei de Twadde Wrâldoarloch waard Skiermûntseach troch de Nederlânske steat konfiskearre, mei't it fanwegen syn Dútske eigner foar fijanlik besit oanmurken wie. Yn dy tiid wie it easten fan it eilân, de Balch, it gebiet foarby de Kobbedunen, noch ien grutte keale sânflakte, dêr't de wyn frij spul hie. Allinnich lei noch 6 km eastliker it isolearre Willemsdún. Oan 'e ein fan jierren fyftich waard úteinset mei de oanlis fan in stodyk tusken peal 7 en peal 10, dy't der yn 'e mande mei guon legere dúntsjes fierderop foar soarge hat dat de Easterkwelder him oant fier foarby it Willemsdún útwreidzje kinnen hat. Letter waarden der fral op it westlike part fan it eilân in grut tal fyts- en kuierpaden oanlein. Yn 1989 waard it Nasjonaal Park Skiermûntseach oprjochte, dat de kwetsbere natoer fan it eilân foargoed in beskerme status jaan moast. Yn 't earstoan wiene fral de Skiermûntseachster boeren dêr hielendal gjin foarstanner fan, mar nei in fearnsiuw hat bliken dien dat beskerme natoer en yntinsive lânbou njonkeninoar op it eilân bestean kinne.

In kwelder.

It Nasjonaal Park Skiermûntseach omfiemet frijwat lânskipstypes, wêrûnder strân, see, dunen, bosk, kwelder, poel en sânbanken. It strân leit oan 'e Noardseekant fan it eilân en is it breedste fan Nederlân. It skiereilân It Rif, oan 'e westkant, en de Balch, de eastlike útein, kinne yn har gehiel as strân beskôge wurde. De bosken, dy't fan 1893 ôf oanplante waarden, binne beheind ta fersnipele dielen fan 'e Noarderdunen, boppe it doarp. De oarspronklike nullebeammen (meast dinnen) wurde op 't heden stadichoan ferfongen troch natuerliker leafbeammen, lykas bjirken. De Westerplasse, yn 'e Westerdunen, súdwestlik fan it doarp, is in swietwetterpoel (of in lyts marke). En de kwelders foarmje it middensuden fan it eilân, oan 'e Waadseekust, in gebiet dat trochsnien wurdt troch withoefolle kreken en see-earms.

In dunelânskip mei op 'e eftergrûn it doarp Skiermûntseach.

Ien fan 'e dielen fan it nasjonaal park dy't it wichtichst binne foar de ekology fan it eilân wurdt lykwols foarme troch de dunen. Dy rinne yn in brede bân fan east nei west troch it middelste part fan it eilân, en krolje oan 'e westkant om it doarp hinne. Dúnfoarming is in dynamysk proses, wêrby't hiderkear wer nije dunen ûntsteane dy't troch planten lykas helmgers fêstlein wurde, wylst se troch wyn en wetter meitiid ek wer weiwurde. Neigeraden dat de dunen mear en langer beskûl biede tsjin 'e see en sadwaande de ferswieting befoarderje, krije mear planten de kâns om op it dún te groeien. Sa ferskine der dan úteinlik strewellen, lykas hagedoarn, dúndoarn en kamperfoelje. De dúnfegetaasje wurdt fretten troch wylde kninen en oare herbivoaren. Sûnt de kninepopulaasje op Skiermûntseach troffen is troch de sykte RHD (rabbit haemorrhagic disease; "kninebloedfloeien") fynt der yn 'e dunen mear fergerzing plak.

In oar tige wichtich part fan it nasjonaal park is de see om it eilân hinne. Fral de Waadsee is in gebiet dat fan grut belang is foar de pleatslike (en regionale) ekology. In protte soarten fisken komme spesjaal yn dy beskutte wetters om te pearjen, en de jonge fisk groeit dêr op. De oerfloed oan fretten dy't dat opsmyt, lûkt wer fûgels by 't folop oan, dy't faak de Waadsee brûke as pleisterplak ûnder har trek nei it noarden of it suden. Ek op 'e sânbanken wurdt drok foerazjearre. Op it Waad besuden Skiermûntseach binne yn augustus 2009 nei in jierrenlange ôfwêzichheid foar it earst wer in hûndermannich pôlen seewier (Zostera marina) oantroffen.

It beaken by it Willemdún.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De natoer fan Skiermûntseach is tige ryk en hiel fariëarre. Der groeie hûnderten en nochris hûnderten plantesoarten, wêrûnder typyske eilânfloara as skieppe-ear (Limonium vulgare), see-aalst (Artemisia maritima), see-aster (Aster tripolium) en kwelderkrûd (Salicornia europaea), en fierders njoggen ûnderskate soarten orgideeën. Ek binne der withoefolle poddestuollen, frijwat koarstmoassen, en kin men oant it strân mear as hûndert ferskillende skelpesoarten fine. It tal ynsektesoarten dat op Skiermûntseach libbet, rint ek yn 'e hûnderten, mei dêrûnder bijen en meepsen, miggen en langpoaten, toarren en teminsten sechstjin soarten flinters.

Troch it jier hinne wurdt Skiermûntseach oandien troch mear as trijehûndert fûgelsoarten, wêrûnder tweintich ûnderskate soarten swannen, einen en guozzen; alve soarten seefûgels en stirnzen; mear as tweintich soarten steltrinners, grillen en wilsterfûgels; alve soarten rôffûgels en ûlen, en teminsten twaenfjirtich soarten sjongfûgels. Guon soarten dy't in protte foarkomme, binne de sulverkob (Larus argentatus), de kob (Larus ridibundus, bekend fan 'e swarte kop), de tjirk (Tringa totanus), de wylp (Numenius arquata), de skries (Limosa limosa), de mients (Calidris canutus) en de strânljip (Haematopus ostralegus).

Waar en wyn.

Wat sûchdieren oanbelanget, is it eilân begryplikerwize wat minder soarteryk. De grutste lânseigen wylde sûchdieren binne de gewoane seehûn (Phocus vitulina) en de grize seehûn (Halichoerus grypus), dy't tsjintwurdich op it Waad wer frij algemien foarkomme. Op it eilân sels libje û.m. de hazze (Lepus europaeus), de wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), de stikelbaarch (Erinaceus europaeus), de hûsmûs (Mus musculus), de fjildmûs (Microtus arvalis) en de hûspipermûs (Crocidura russula). Teffens libbet der in populaasje ferwyldere hûskatten (Felis catus). Soms swimme by leech tij reeën (Capreolus capreolus) oer fanôf it fêstelân. Sa waard yn 2009 foar it earst yn fyftjin jier sa'n bist op it eilân synjalearre. Yn 2014 binne troch it parkbehear de earste wisinten of Jeropeeske bizons (Bison bonasus) op Skiermûntseach yntrodusearre. Dat binne grutte kobisten út East-Jeropa, dy't noch altyd in bedrige bistesoarte foarmje, al kamen dizzen út in keppel yn 'e Hollânske dunen, dêr't se earder út Poalen wei yntrodusearre binne. Op it eilân moatte de wisinten troch beweiding de oanhâldende ferrûging tsjingean.

Fierders komme ferskate amfibyen op it eilân foar, lykas de rêchstreekpodde (Epidalea calamita) en de gewoane salamander (Lissotriton vulgaris). Ek spile geregeldwei kwabben oan op it strân, wêrûnder de blauwe hierkwab (Cyanea lamarckii), de kompaskwab (Chrysaora hysoscella), de earkwab (Aurelia aurita) en de seepoddestoel (Rhizostoma pulmo).

Fûgels yn 'e Westerplasse.

Skiermûntseach is it iennichste nasjonaal park yn Nederlân dat ûnder kategory II fan 'e IUCN falt, de gesachhawwende ynternasjonale organisaasje op dit mêd. Parken fan kategory II omfiemje in natoergebiet dat beheard wurdt foar de beskerming fan it ekosysteem en foar rekreaasje. Yn sokke parken is it ferrin fan natuerlike prosessen liedend en minsklik yngripen tige beheind.

De stifting Natoermonuminten hat it Nasjonaal Park Skiermûntseach yn erfpacht fan 'e Domeinen Unreplike Saken, dat in oerheidsynstânsje is. Lykwols wurdt der oangeande it behear nau gearwurke mei û.m. it foechhawwend ministearje en de pleatslike befolking. Sadwaande is de organisaasje fan it Nasjonaal Park Skiermûntseach tsjintwurdich in gearwurkingsferbân fan 'e terreinbehearders, de ferskillende belutsen oerheidsnivo's en ferskate belangegroepen, lykas natoerbeskermingsorganisaasjes en fertsjintwurdigers fan 'e eilânbefolking. De basis fan 'e bestjoerlike organisaasje fan it park wurdt foarme troch it Oerlisorgaan. Behalven de ôfstimming oer de planning, dy't dêrbinnen plakfynt, wurdt der ek socht nei ôfstimming oer de útfiering; dat bart yn 'e Wurkgroep Behear en de Kommisje Foarljochting en Edukaasje. De doelstellings fan it Nasjonaal Park Skiermûntseach binne fjouwerfâld:

Weidzjende kij en fytstoeristen by de Kobbedunen.

Besikerssintrum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om it bieden fan rekreaasjemooglikheden en it jaan fan foarljochting en ûnderwiis te fasilitearjen, hat it parkbehear it Besikerssintrum Skiermûntseach iepene oan 'e Toerstreek 20, oan 'e foet fan 'e eardere fjoertoer. Dêr kin men folders krije en fêste en wikseleksposysjes oer it nasjonaal park besichtigje, en teffens fungearret it besikerssintrum as startpunt foar de measte begelate ekskurzjes dy't it parkbehear oanbiedt. Men kin der sels learzen en fjirrekikers hiere. Ek kin men dêr terjochte mei alle fragen dy't men oer it nasjonaal park hat.

Ien fan 'e wichtichste beheardoelen binnen it Nasjonaal Park Skiermûntseach, fêstlein yn it Behear- en Ynrjochtingsplan Plus 2011-2022, is om 'e ynfloed fan 'e natoer dynamysker te meitsjen. Dat wol sizze dat men wyn, waar, see en wylde bisten mear de frije hân jaan wol. Yn 'e dielen fan it eilân efter de stodyk krigen reid, dúndoarn, wylgen en bjirken sa njonkelytsen de oerhân. As útfierder fan it behearplan hat Natoermomuninten meganyske middels ynset om sokke ferrûging tsjin te kearen.

Ien fan 'e fytspaden dy't har oer it eilân krinkelje.

De bedoeling is dat yn 'e takomst natuerlike middels foldwaande wêze sille om 'e rûchte yn 'e besnijing te hâlden. Dêrfandinne ek de yntroduksje fan 'e wisinten. Troch de groei fan opgeande krûden en strewellen te beheinen komt der ôfwikseling yn 'e dúnfegetaasje en sille har stadige oergongen ûntwikkelje tusken bosklân en iepen dunen en tusken sâlt wetter en swiet wetter. En sokke oergongssônes binne krekt wat in protte soarten dy't no yn 'e knipe sitte, brek binne.

It Nasjonaal Park Skiermûntseach is in ideaal gebiet om biologysk fjildûndersyk te dwaan. Net allinnich om't der in protte bysûndere soarten planten en bisten foarkomme, mar ek om't in soad natuerlike prosessen der noch altyd sûnder minsklik yngripen ferrinne, wat yn in protte oare dielen fan Nederlân seldsum wurden is. Wittenskiplik ûndersyk is ek fan grut belang foar it nasjonaal park sels, want om planten en bisten te beskermjen, moat men earst witte hokker easken oft se oan har habitat stelle. Pas as men dêr in goed idee fan hat, is it mooglik om 'e juste behearmaatsregels te treffen. Sûnt de milenniumwiksel is der yn it park ûndersyk dien nei û.m. steltrinners, de leppelbek, de trek fan sjongfûgels, it brieden fan strânljippen, de beweiding troch guozzen en hoe't it sit mei de hazzepopulaasje op it eilân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


Natoergebieten fan de Feriening Natuermonuminten yn Fryslân

Aldemardumer KlifFilenspolderFlytsterboskFochtelerfeanIt GrynHaulerpolderHegewiersterfjildLeonserpolderLycklamaboskNasjonaal Park De LauwersmarNasjonaal Park SkiermûntseachRengersmiedeRiisterpolderSkrinsSkrokSlotpleatsSuderfinnenspolderWesterhitsumerbosk