Springe nei ynhâld

Seepoddestoel

Ut Wikipedy
seepoddestoel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme netteldieren (Cnidaria)
klasse skiifkwabben (Scyphozoa)
skift blomkoalkwabeftigen (Rhizostomeae)
famylje blomkoalkwabben (Rhizostomatidae)
skaai echte blomkoalkwabben (Rhizostoma)
soarte
Rhizostoma pulmo
Macri, 1778
IUCN-status: net beoardiele

De seepoddestoel of blomkoalkwab (Latynske namme: Rhizostoma pulmo) is in netteldier út 'e klasse fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa), it skift fan 'e blomkoalkwabeftigen (Rhizostomeae), de famylje fan 'e blomkoalkwabben (Rhizostomatidae) en it skaai fan 'e echte blomkoalkwabben (Rhizostoma). Dizze soarte komt benammen foar yn it noardeastlike part fan 'e Atlantyske Oseaan, en spielt ek geregeldwei oan op 'e Fryske Waadeilannen. It is in kwab sûnder netteltentakels, dy't foar de minske ûngefaarlik is. Syn namme tanket er oan syn likenis mei in poddestoel.

De seepoddestoel dy't om 'e Britske Eilannen hinne foarkomt, stie foarhinne bekend ûnder de wittenskiplike namme Rhizostoma octopus, in fariëteit dy't troch guon saakkundigen as in selsstannige soarte en troch oaren as in ûndersoarte fan 'e seepoddestoel beskôge waard. It iennichste ûnderskie tusken de Rhizostoma octopus en oare seepoddestuollen siet him yn 'e opbou fan 'e schiifrâne. Tsjintwurdich wurde beide fariëteiten algemien as ien soarte beskôge, en is Rhizostoma pulmo de algemien akseptearre wittenskiplike soartnamme.

De seepoddestoel.

Seepoddestuollen komme foar yn it noardeastlike part fan 'e Atlantyske Oseaan, ynklusyf râneseeën lykas de Middellânske See, de Swarte See, de Noardsee en de Eastsee. Se binne fral tige algemien yn 'e Ierske See, de Adriatyske See en it súdlike part fan 'e Noardsee, wêrûnder de wetters foar de Nederlânske en Belgyske kust, en de Dútske Bocht. Yn 'e noardlike helte fan 'e Noardsee binne se folle seldsumer. Behalven út 'e noardeastlike Atlantyske Oseaan binne seepoddestuollen ek bekend út 'e Reade See en út 'e súdeastlike Atlantyske Oseaan foar de kust fan Súd-Afrika en Namybje.

De ûnderkant fan in seepoddestoel.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De seepoddestoel is in grutte kwab, wêrfan't de skiif trochinoar 30-60 sm yn trochsneed is, al kin er yn útsûnderlike gefallen wol 90 sm yn trochsneed berikke. Fan 'e top fan 'e skiif oant de úteinen fan 'e mûletentakels kinne de grutste eksimplaren 120 sm mjitte. Dêrmei binne it guon fan 'e grutste kwabben yn 'e Noardsee, al kin de giele hierkwab (Cyanea capillata) noch grutter wurde (oant 2 m yn trochsneed). Hoewol't se min ofte mear trochskinich binne, hawwe seepoddestuollen foar kwabben dochs in frij solide foarkommen. Se fariëarje yn kleur fan grizich of molkewyt oant ljochte nuânses fan grien, blau, rôze of brún. De kwabflie (Hyperia galba), in lytse kreefteftige mei de lichemsfoarm fan in garnaal, kin oeral yn it lichem fan seepoddestuollen foarkomme, mar meastal yn 'e maachponge (dy't in trêdepart fan 'e "skiifklok" yn beslach nimt) of de holtes fan 'e geslachtsklieren.

De skiifrâne is ferdield yn in stikmannich net folslein rûne, lel-eftige útstyksels, dy't "felêre fâlden" neamd wurde. Under de skiif sit in grut manubrium, dat bestiet út in koarte, pyldereftige stâle dy't oergiet yn sechstjin trijewjukkige epauletten mei ploaide mûle-iepenings. Under dy mûle-iepenings ferdielt it lichem fan 'e seepoddestoel him yn fjouwer pear relatyf grutte, mar frij koarte mûle-tentakels, dy't foarme wurde troch trije wjukte dielen, folge troch trije krektlyk wjukte úteinen.

De lange, sliertige, út nettelsellen besteande rânetentakels, dy't de measte kwabben efter harren oan meislepe troch de see om proaidieren te fangen, ûntbrekke by de seepoddestoel, en dit bist is, nettsjinsteande syn omfang, dan ek ûngefaarlik foar minsklike swimmers. Folgroeide mantsjes hawwe blauwe geslachtsklieren, wylst dy by geslachtsripe wyfkes readbrunich fan kleur binne. As se bleatsteld wurde oan 'e lucht kriget de skiif fan seepoddestuollen in kerlich, wartich oerflak.

In see fol seepoddestuollen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seepoddestuollen ferpleatse har troch de see troch har klokfoarmige skiif fol mei wetter rinne te litten en dat der dan wer út te pompen. Se frette soöplankton (alderhanne lytse seedierkes) en lytse fiskjeguod dat ûnder it swimmen by har tentakels lâns driuwt of swimt. De seepoddestoel plantet him oan it wetteroerflak yn syn medusa-foarm (of kwabfoarm) fuort, wêrnei't de ephyrae of larven, in libbensstadium dat folle ûnopfallender is mar ek folle langer libbet, ôfsakje nei de seeboaiem. Oan it begjin fan eltse simmer ûntsteane út 'e ephyrae nije medusae. De fuortplanting liket beheind te wêzen ta simmermoannen, mei't folwoeksen bisten oan 'e ein fan 'e simmer en yn 'e hjerst by 't folop foarkomme, soms sels yn hiele iezings. Troch hjerst- en winterstoarmen wurde se faak yn grutte oantallen op 'e kust smiten.

In seepoddestoel op in Sovjet-postsegel.

Hoewol't seepoddestuollen ornaris oan it wetteroerflak of deun dêrûnder waarnommen wurde, binne seebiologen fan tinken dat soks foar 't neist in gefolch is fan 'e sterkere tijstream dy't der tichteby de kust stiet. Men giet der fanút dat folgroeide seepoddestuollen de winter trochbringe yn djipper wetter fierder fan 'e kust ôf. It folgjende jiers kinne sokke eksimplaren dan noch oant yn juny waarnommen wurde foar't se ôfstjerre. De wichtichste natuerlike fijân fan 'e seepoddestoel is, foarsafier bekend, de learskylpodde (Dermochelys coriacea).

De seepoddestoel hat de IUCN-status fan "net beoardiele", wat sizze wol dat men noch net oan in beoardieling fan dizze soarte takommen is of dat men fynt dat der noch net genôch oer bekend is om in beoardieling te dwaan. Yn elts gefal hat de seepoddestoel in grutternôch ferspriedingsgebiet en liket de populaasje stabyl te wêzen. Der binne gjin spesifike bedrigings foar dizze soarte bekend.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.