Springe nei ynhâld

Klier

Ut Wikipedy

De klier is by libbene wêzens in orgaan dat ta doel hat om it beskate stoffen te produsearjen of te transportearjen.

Plak fan de flibeklieren

Men ûnderskiedt ferskate soarten klieren:

  • Endokrine klieren of klieren mei ynterne sekreesje, dy't de produsearre of transportearre stof streekrjocht ôfjouwe oan it bloed of oan oare organen. Foarbylden fan dit soarte klieren binne de hypofyse, de skyldklier en de bynieren.
  • Eksokrine klieren of klieren mei eksterne sekreesje, dy't de produsearre of transportearre stof ôfjouwe fia de hûd of yn in lichemsholte lykas de mûle.
  • Endo-eksokrine klieren, dy't in tuskenfoarm binne fan endokrine en eksokrine klieren. Foarbylden binne de alfleisklier en de geslachtsklieren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.