Springe nei ynhâld

Biology

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Biolooch)
Animalia - Bos primigenius taurus
Planta - Triticum
Fungi - Morchella esculenta
Stramenopila/Chromista - Fucus serratus
Bacteria - Gemmatimonas aurantiaca (- = 1 Micrometer)
Archaea - Halobacteria
Virus - Gamma phage

Biology is de stúdzje fan it biologysk libben. It hâldt him dwaande mei de karakteristiken en gedragingen fan organismen, hoe't soarten en yndividuen ûntsteane, en hokfoar ynteraksje se mei elkoar en de omkanten hawwe. Biology wurdt rekkene ta de eksakte wittenskippen. Immen dy't him profesjoneel dwaande hâldt mei biology is in biolooch.

Oersjoch fan de biology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Biology omfiemet in breed spektrum fan akademyske fjilden dy't faak sjoen wurde as selsstannige dissiplines. Meiïnoar bestudearje se it libben op ferskate skaal:

Stúdzjefjilden yn de biology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aerobiology -- Anatomy -- Astro-biology -- Bakteriology -- Bio-fysika-- Biogemy -- Bio-geografy -- Bio-technology -- Bio-ynformatika -- Botany -- Ekology (Theoretyske ekology, Symbiology, Autekology, Synekology) -- Epidemiology -- Etology -- Evolusjonêre biology -- Evolusjonêre ûntwikkelingsbiology -- Firology -- Fycology -- Fylogeny (Fylo-genetika, Fylo-geografy) -- Fysiology -- Fyto-patology -- Gedrachsbiology -- Genetika (Populaasje-genetika, Kwantitative genetika, Genomika, Proteomika) -- Gorology -- Herpetology -- Histology -- Ichtiology -- Ymmunology -- Kryptosoölogy -- Kseno-biology -- Lymnology -- Malakology -- Mammalogy -- Mikrobiology -- Molekulêre biology -- Morfology -- Mykology -- Myrmekology -- Neurowittenskippen (Neuro-anatomy, Neuro-fysiology, Systeem-neurowittenskip, Biologyske psychology, Psychiatry, Psycho-farmakology, Gedrachs wittenskip, Neuro-etology, Psychofysika, Kognitive wittenskip)-- Onkology -- Ontogeny -- Ornitology -- Paleontology (Palaeo-botany, Palae-soölogy) -- Patology -- See-biology -- Selbiology -- Soölogy -- Struktuer-biology -- Swietwetter-biology -- (stúdzje fan) Syktes (fan Genetyske syktes, fan Ynfeksje syktes, Onkology) -- Sytology -- Taksonomy -- Toksikology -- Untwikkelings-biology --

Ferwante dissiplines

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Medisinen -- Fysyske antropology

Evolúsje en biology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan de sintrale konsepten yn de biology is dat alle libben troch in proses fan evolúsje ôfstammet fan it earste mikro-organisme. De troch Charles Darwin formulearre evolúsjeteory, mei de troch him nei foarren brochte natuerlike seleksje as meganisme, stiet oant hjoeddedei sintraal. Genetyske drift wurdt dêrby omearme as in addisjoneel meganisme yn de saneamde moderne synteze. De evolúsjonêre histoarje fan in soart, dy't de karakteristiken fan foarôfgeande soart en de relaasje ta oare soarten beskriuwt, wurdt fylogeny neamd. It grut ferskaat oan wurkfjilden draacht by oan de ynformaasje yn de fylogeny, lykas: it fergelykjen fan DNA yn de molekulêre biology en it fergelykjen fan fossilen en oare resten fan âlde organismen yn de paleontology. Biologen organisearje en analisearje ferwantskip op ferskate wizen. Wichtige ûntwikkelingen yn de evolúsje binne gearfette de evolusjonêre tiidsline.

De klassifikaasje fan libbensfoarmen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wittenskip dy't him dwaande hâldt mei de klassifikaasje fan libbensfoarmen wurdt taksonomy neamd. Ek de termen systematyk en kladistyk wurde hjir wol foar brûkt.

De biologyske taksonomy giet werom op Carolus Linnaeus yn de 18e iuw en wie yn earste ynstânsje basearre op anatomyske fergeliking fan libbene wêzens, bisten, planten ensfh. Dit oarspronklike systeem dielde de wêzens yn yn soarten (species), skaaien (genus), famyljes ( familia), skiften (ordo), klassen (classis), stammen (phylum) en riken (regnum), mar der waard dêrby oannommen dat soarten ûnferoarlik wiene.

Oer dizze yndieling ûntstie yn de 19e iuw in soad diskusje, omdat troch de evolúsjeteory fan Darwin oan dizze yndieling in nije diminsje tafoege waard, nammentlik dy fan stamferwantskip. Ek de stúdzje fan fossilen kaam yn dy tiid op. De faktor tiid en wannear der sprake is fan ferskillende soarten waarden belangrike ûnderwerpen fan diskusje. De klassike yndieling blykte op in soad punten net krekt te wêzen.

Yn de lêste jierren fan de 20e iuw kaam der in tredde boarne fan ynformaasje beskikber, DNA-sibskip, meast fan libbene wêzens, mar ek fan in tal noch net al te lang lyn útstoarne soarten. De gefolgen fan dizze nije revolúsje binne no (2003) noch mar foar in part te oersjen.

Yn de moderne taksonomy wurdt besocht út dizze trije haadboarnen fan ynformaasje (anatomy, fossile foarmen en genetika) in sadanige systematyk op te setten, dat der allinne groepen (taksa, inkelfâld takson) binne dy't monofyletysk binne, dat wol sizze dat:

  • de groep fan ien stamfoarm ôfstammet en
  • alle ôfstammelingen fan dy stamfoarm ta de groep hearre.