Mykology

Ut Wikipedy
In poddestoel

Mykology is de tûke fan 'e biology dy't him taleit op it bestudearjen fan skimmels en poddestuollen. Foarhinne waard dit as in ûnderdiel fan 'e botany beskôge, mar tsjintwurdich wurdt it dêr yn 'e regel los fan sjoen. It wurd 'mykology' komt fan it Grykske μύκης, mukēs ("skimmel"), en -λογία, -logia ("kunde"). Ien fan 'e grûnlizzers fan 'e mykology wie de Sweedsk wittenskipper Elias Magnus Fries. Ut 'e mykology is de wittenskip fan 'e fytopatology fuortkommen, de stúdzje fan sykten by planten, om't fierwei de measte plantesykten feroarsake wurde troch skimmels.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.