Springe nei ynhâld

Oerlis:Biology

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dit wurdt in noch gruttere oersetting as dy oant no ta begryp ik.
Ik bin allinnich net wis oer de Evolúsje teory. Dit is op de râne fan twa fan de F-en. Is it noch Feitlik en ObjektyF? De omskriuwings is goed, mar it bliuwt in teory. Dêr't der gjin eardere soarten bekend binne, sizze de tsjinstanners mei likefolle jildigens dat de soart dêr skepen is. Gjin fan beide is oantoanber oant no ta.
Ik wit net krekt hoe'dat ynpasse wurde moat. Aliter 01.04, 30 nov 2003 (UTC)

Ik haw de tekst sa oanpast dat it wat romte lit foar oare opfettings. B.

Dizze man is in echte redakteur: Ik haw ferlet fan 75 wurden allinnich om it probleem dúdlik te meitsjen; hy feroaret 2 wurden om it op te lossen. Aliter 00.31, 1 dec 2003 (UTC)


Sjoch it haadstikje oer klassifikaasje. It is tink fan belang om dêryn fuort in goede kar te meitsjen sadat der letter net in soad wurk dien wurde moat om i.e.o. eventueel wer rjocht te breidzjen. Op en wiki wurket men noch neffens de 'âlde yndieling. Sjoch bygelyks de side oer de ljip Is der in spesjalist dy't hjir goeie rie jaan kin? B.

Ik hie eins tocht dat yn hiel dy struktuer gewoan trochgeand lytse revyzjes foarkomme. De nije oardering fan it grutte gehiel is wat oars. As men allinnich de soart en it geslacht opnimt, lykas men yn de namme tocht ik meast ek docht, dan soe it probleem net al te grut wêze moatte. De geslacht-siden kinne dan keppelings krije mei de siden oer de hjoeddeistige ferzje fan de stambeam, ensfh., faaks ek wat de skiednis der earder fan tocht.

(Ik wit net op hokfoar side de yndieling fan Lineaus no útkomt, mar: Hoe seit men dat Lineaus eltse groep as in part fan de folgende hie?) Aliter 00.31, 1 dec 2003 (UTC)

Oerlis begjinne oer Biology

Oerlis begjinne