Morfology

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lingwistyk
Algemiene lingwistyk
Fonology
Morfology
Syntaksis
Semantyk
Ferlykjende lingwistyk
Etymology

Morfology is in dielmêd yn de taalkunde, de lear fan wurdfoarmen en wurdfoarming. It lytste betsjuttingshawwende elemint fan in wurd hjit in morfeem. Yn de morfology komme saken as de bûging en opbou fan wurden op it aljemint.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn de grammatika is de morfology de foarmleare fan it wurd, dat omfiemet wurdfoarming, wurdbûging en opbou fan wurden.

Taalwittenskippers brûkten it begryp morfology al yn de 19e ieu, om de stúdzje nei wurdfoarmen mei oan te tsjutten. Oarspronklik komt it begryp morfology fan Goethe, mar it wie August Schleicher dy't it yn 1860 foar de taalkunde brûkte. [1] Leonard Bloomfield bringt it begryp morfeem foar it earste op it aljemint yn 1933.

Morfologyske begripen[bewurkje seksje | edit source]

  • Oflieding, besteand wurd + in net los besteand elemint. Dy net los foarkommende eleminten hjitte affiksen. Dy binne yn twa haadgroepen te ûnderskieden:
  1. Prefiksen, be-, fer- as troch-
  2. Suffiksen, -eftich, -ich as -lik
  • Gearstalling, twa wurden dy't los fan inoar brûkt wurde kinne.
  • Geartallende ôflieding, dat binne wurden as ienaaiïch. By 'ienaaiïch' binne ien en aai de grûnwurden dy't gearstald binne yn ien wurd. Troch it taheakjen fan it suffiks -ich wurdt it in gearstalde ôflieding.
  • Gearkeppeling (ek wol 'gearsetting') binne der yn twa soarten:
  1. Gearsettings dy't mei ferrin fan tiid gearrane binne ta ien wurd. Dat binne wurden as hegeskoalle (hege skoalle) en fuottenein (fuotten ein).
  2. In oare soart gearsetting is dy fan ien of twa eigenskipswurden as ien gehiel. Dat binne wurden as Amerikaansk-Iraansk (it Amerikaansk-Iraanske oparbeidzjen) en sosjaal-ekonomysk (it sosjaal-ekonomysk stelsel).
  • Leksikalisaasje is in proses fan wurdfoarming wêrby't de nije wurden in oare betsjutting krije.

Ferwizing nei boarne[bewurkje seksje | edit source]

  1. Für die Lehre von der Wortform wähle ich das Wort "Morphologie" ("foar de lear fan wurdfoarmen kies ik it begryp "morfology", Mémoires Acad. Impériale 7/1/7, 35)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]