Etymology

Ut Wikipedy

De etymology is it dielgebiet fan de taalkunde dat it komôf fan wurden bestudearret. De etymology fan in wurd is de histoaryske ferklearring foar de wize wêrop't de foarm fan it wurd ta stân komd is; dêrom wurdt it ek wol de wurdôfkomst (Dútsk: Wortherkunft) neamd.

Ien dy't him mei etymology dwaande hâldt is in etymolooch. Etymologen wurkje faak by útjouwerijen fan wurdboeken en ensyklopedyën.

Ferneamde Nederlânske etymologen binne Jan de Vries (1890-1964) en Nicoline van der Sijs (°1955).

Frysk Nederlânsk Dútsk Ingelsk Oergermaansk
(nei) ta (naar) toe zu to *tō-
tsien tien zehn ten *tehun
tiid tijd Zeit tide *tīd-
tún tuin Zaun town *tūn-

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: