Giele hierkwab

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Giele hierkwab
Largelionsmanejellyfish.jpg
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: netteldieren (Cnidaria)
klasse: skiifkwabben (Scyphozoa)
skift: flachbekkwabben (Semaeostomeae)
famylje: hierkwabben (Cyaneidae)
skaai: echte hierkwabben (Cyanea)
soarte
Cyanea capillata
Linnaeus, 1758
IUCN-status: noch net evaluëarre

De giele hierkwab (Latynske namme: Cyanea capillata) is in kwab út 'e stamme fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa), it skift fan 'e flachbekkwabben (Semaeostomeae), de famylje fan 'e hierkwabben (Cyaneidae) en it skaai fan 'e echte hierkwabben (Cyanea). Dit is de grutste bekende soarte kwab. De giele hierkwab libbet yn it noarden fan 'e Atlantyske Oseaan, ynkl. de Noardsee. Guon soölogen binne fan betinken dat alle oare soarten hierkwabben as ûndersoarteen fan 'e giele hierkwab beskôge wurde moatte. Dat wol oaren net oan, û.m. om't de giele kwab yn 'e Noardsee njonken in oare soarte út itselde skaai bestiet, de blauwe hierkwab (Cyanea lamarckii).

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De giele hierkwab libbet yn 'e kâlde wetters fan 'e noardlike Atlantyske Oseaan en de Noardlike Iissee. Hy komt in protte foar yn 'e Noardsee, it Kanaal, de Ierske See, de Skotske See, de Noarske See, it Skagerrak en it Kattegat. Guon eksimplaren driuwe mei op 'e seestreaming nei it westlike part fan 'e Eastsee, dêr't se har net fuortplantsje kinne fanwegen de lege sâltheidsgraad fan it seewetter dêre. Oan 'e eastkust fan Noard-Amearika komt de giele hierkwab foar yn ferskate baaien, lykas de Chesapeakebaai. Ferlykbere kwabben, dy't soms as ûndersoarten beskôge wurde, komme foar yn it noarden fan 'e Stille Oseaan, yn 'e seeën om Japan hinne, en yn 'e Súdlike Iissee by Austraalje en Nij-Seelân. Foar de Nederlânske kust is de giele hierkwab folle minder algemien as de besibbe blauwe hierkwab (Cyanea lamarckii).

In giele hierkwab fan boppen besjoen.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De giele hierkwab bestiet lykas alle kwabben út in sjelei-eftich klok- of paraplufoarmich lichem, mei oan 'e ûnderkant in mûle dy't ek tsjinst docht as anus. It lichem is ferdield yn acht lobben. Om 'e mûle hinne sit in kleurryk tal mûlearmen, dy't folle koarter binne as de withoefolle tinne tentakels dy't út 'e râne fan 'e klokfoarm fuortkomme. Dy tentakels binne groepearre yn acht klusters, dy't elts út 70-150 ûnderskate tentakels besteane. De namme fan 'e giele hierkwab komt fan 'e likenis fan 'e tinne tentakels mei hier. De tentakels binne tige lang en hiel plakkerich, en foarsjoen fan stekkende nettelsellen, sadat de kwab der syn iten mei fange kin.

Giele hierkwabben binne de grutste bekende kwabbesoarte, en har lichem kin in diameter fan mear as 2 m berikke. It grutste eksimplaar dat ea oantroffen is, spielde yn 1870 oan op 'e kust fan 'e Baai fan Massachusetts, yn 'e noardeastlike Feriene Steaten. Dy kwab hie in diameter fan 2.30 m en tentakels dy't 37 m lang wiene. Yn 'e regel fariëarje giele hierkwabben sterk yn grutte, wêrby't eksimplaren dy't yn súdliker, waarmere wetters libje, oansjenlik lytser bliuwe as eksimplaren dy't noardliker libje. Súdlike giele hierkwabben hawwe trochinoar in diameter fan mar 50 sm. De grutte is ek beslissend foar de kleur; grutte eksimplaren binne felread oant dûnkerpears, wylst lytsere eksimplaren dûnkergiel oant oranjich binne.

In model fan in giele hierkwab op wiere grutte yn it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C..

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De giele hierkwab is folslein oanpast oan kâlde wetters en kin net oerlibje yn waarmere klimaatsônes. Hy bringt it grutste part fan syn libben yn 'e iepen see troch, mar tsjin 'e ein fan syn libbensspanne, dy't mar ien jier beslacht, siket er faak ûndjippe kustwetters op. Yn 'e iepen see fungearret de giele hierkwab as in oäze foar lytsere seebisten, lykas garnalen, swartfisken en grutbekken, dy't har tusken de tentakels nei wenjen sette ta beskerming foar rôfdieren, en om mei te iten fan 'e fangst fan 'e kwab.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as oare kwabben kinne giele hierkwabben har sawol geslachtlik fuortplantsje yn har polypfoarm as ûngeslachtlik fuortplantsje yn har medusafoarm. Se hawwe fjouwer libbensstadia: larve, polyp, efyra en medusa. De froulike kwab draacht de befruchte aaikes mei yn har tentakels dêr't se útgroeie ta larven. As dy grutternôch binne, set de kwab se út op in hurde ûndergrûn, dêr't se har ûntjouwe ta polipen. De polipen plantsje har ûngeslachtlik fuort en produsearje dêrby steapels lytse wêzens dy't efyra's neamd wurde. De efyra's brekke los fan 'e steapels en begjinne frij om te swimmen, wêrby't se har ta medusa's ûntwikkelje en echte kwabben wurde.

In giele hierkwab.

Giele hierkwabben bliuwe foar it meastepart deunby it wetteroerflak, en komme selden djipper as 20 m dêrûnder. Troch harren klokfoarmige lichems gear te lûken en wer te ûntspannen kinne se har swakjes op eigen krêft fuortbewege, mar om har oer gruttere ôfstannen te ferpleatsen, binne se ôfhinklik fan 'e seestreamings, dêr't se har op fuortdriuwe litte. Giele hierkwabben wurde it faakst waarnommen oan 'e ein fan 'e simmer en yn 'e hjerst, as se har folwoeksen grutte berikt hawwe en de streamings har tichter by de kust bringe. Natuerlike fijannen fan dizze kwabben binne ferskate soarten seefûgels, gruttere fisken, lykas de moannefisk, ferskate oare kwabbesoarten en seeskylpodden. Oan 'e eastkust fan Kanada libbet de learskylpodde simmerdeis suver allinnich mar fan giele hierkwabben. Sels ite giele hierkwabben soöplankton, lytse fisken en lytsere kwabben, dy't se fange yn har kleverige en stekkende tentakels.

Kontakt mei minsken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de minske feroarsaakje de measte oanrekkings mei de tentakels fan in giele hierkwab tydlike pine en reade ferkleurings op 'e hûd. Yn normale omstannichheden heart soks foar sûne lju net deadlik te wêzen. As men in swak hert hat, bestiet der lykwols kâns dat it in hiel oar ferhaal wurdt. Jittik is in effektyf middel om 'e plakken te behanneljen dêr't men in tentakel fan in giele hierkwab oanrekke hat, mar fanwegen it grutte tal tentakels fan ien inkele giele hierkwab wurdt sterk oanret om yn alle gefallen medyske fersoarging te sykjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.