Springe nei ynhâld

Blomkoalkwabeftigen

Ut Wikipedy
Blomkoalkwabeftigen
In Phyllorhiza punctata.
In Phyllorhiza punctata.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
rangleas takson: weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: radiaaldieren (Radiata)
stamme: netteldieren (Cnidaria)
klasse: skiifkwabben (Scyphozoa)
ûnderklasse: echte skiifkwabben (Discomedusae)
skift: blomkoalkwabeftigen (Rhizostomae)
Cuvier, 1799

De blomkoalkwabeftigen (Latynske namme: Rhizostomae of Rhizostomeae) foarmje in skift fan 'e stamme fan 'e netteldieren (Cnidaria), de klasse fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa) en de ûnderklasse fan 'e echte skiifkwabben (Discomedusae). Dizze groep kwabben hat gjin tentakels oan 'e râne fan 'e klokfoarm sitten, mar ynstee acht sterk fertûke mûlearms dy't tarist binne mei tige lytse mûliepeninkjes dêr't iten troch nei binnen ta sûgd wurde kin. (Dit yn tsjinstelling ta oare skiifkwabben, dy't mar fjouwer fan sokke mûlearms hawwe.) Tichter nei de eigentlike mûle ta, dy't sintraal oan 'e ûnderside fan 'e klokfoarm sit, rane de acht earms gear ta ien struktuer.

Alle kwabben dy't as delikatesse iten wurde yn 'e Easterske koken yn East- en Súdeast-Aazje binne blomkoalkwabeftigen. Guon leden fan dizze groep wurde dêrsanne ek brûkt foar de makkelei fan tradisjonele medisinen. Sadwaande wurdt der benammen yn 'e Súdsineeske See en de Eastsineeske See kommersjeel op sokke kwabben fiske. De kwabben wurde ornaris drûge en/of sâlte. Yn Sina, dat ditoangeande de langste tradysje hat, waard it foar it earst dokumintearre yn it jier 300 (n.Kr.), mar tsjintwurdich stiet fral Japan om 'e praktyk fan it iten fan kwabben bekend. Lykwols komt it ek foar yn Koreä en Súdeast-Aazje.

Der binne (stân fan saken yn 2007) 92 wittenskiplik beskreaune soarten blomkoalkwabeftigen. Dy binne sa ûnderferdield:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.