Flytsterbosk

Ut Wikipedy

De Flytsterbosk is in natoergebiet út 1980 fan Natuermonuminten by Wytmarsum tusken Boalsert en Harns. Yn dit rekreaasjebosk groeie hagedoarn, esken, wylgen, bûken kletterbeammen en elzen. De Flytsterbosk is dêrmei in ôfwikseljend boskje mei in ferskaat oan fûgels, sûchdieren, flinters en ynsekten. Sjongfûgels as it readboarstke en de lytse swartkop komme der massaal foar as briedfûgel. Ek de beamklever en it readsturtsje nestelje hjir. Reeën en hazzen fine hjir ek beskûl.

Troch beammen en strewellen wei te heljen binne de lêste jierren iepen plakken makke om de fariaasje yn de bosk te fergrutsjen. Dêrtroch komt no ek de gielegou hjir foar. Yn en om de bosk lizze kuierpaden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Natoergebieten fan de Feriening Natuermonuminten yn Fryslân

Aldemardumer KlifFilenspolderFlytsterboskFochtelerfeanIt GrynHaulerpolderHegewiersterfjildLeonserpolderLycklamaboskNasjonaal Park De LauwersmarNasjonaal Park SkiermûntseachRengersmiedeRiisterpolderSkrinsSkrokSlotpleatsSuderfinnenspolderWesterhitsumerbosk