Springe nei ynhâld

Koarstmoas

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Koarstmoassen)
Alpenbloedkoarst (Ophioparma ventosa).

In koarstmoas of lichen is in út twa dielen besteand organisme, dat foarme wurdt troch in skimmel en in fotosyntetyske partner. Dat kin in blauwier (in baktearje) wêze, of in grienwier (in alch). Tegearre foarmje dy beide dielen in hiel oar organisme as isolearre skimmels, blauwieren of grienwieren, en de gearwurking (symbioaze) is faak sa inich dat de symbionten bûten har gearwurkingsferbân net oerlibje kinne.

Grut djerremoas (Xanthoria parietina).

Koarstmoas is in losse term yn it deistich spraakgebrûk en in ynformele taksonomyske groep, dy't de klassen Ascomycota, Basidiomycota en Deuteromycota fan it ryk fan 'e skimmels (Fungi) omfiemet. Koarstmoassen binne gjin lânplanten en nettsjinsteande de namme binne se sadwaande hielendal net nau besibbe oan 'e moassen. Se komme foar yn guon fan 'e meast ekstreme biotopen fan 'e wrâld, wêrûnder de Arktyske toendra, de hjitste woastinen, rotsige kusten en op giftige slakkebulten. Se binne lykwols ek rûnom oanwêzich yn reinwâlden en leaf- en nullewâld yn mylde klimaatsônes. Se groeie faak op keale rotsen (wêrûnder ek muorren, dakpannen en grêfsarken), as epifyten op 'e stammen, tûken en blêden fan beammen, en op bleatfallen stikken grûn yn fierders mei stien oerdutsen kriten.

Koarstmoas hat in algemiene fersprieding en der is wol rûsd dat 6% fan it lânoerflak op 'e wrâld dermei oerdutsen is. It kin boppedat tige lang libje, mar in protte soarten binne gefoelich foar miljeufersmoarging. Dat makket har dan wer ynteressant foar de wittenskip by it fêststellen fan 'e mjitte en it aard fan fersmoarging yn in beskate krite. Sa kin loftfersmoarging, de gesteldheid fan 'e ozonlaach en fersmoarging mei swiere metalen ôflêzen wurde oan 'e steat fan ferskillende soarten koartsmoas. Yn it ferline waard koarstmoas gauris brûkt foar it meitsjen fan ferve en rûkersguod, en wie it in wichtich yngrediïnt yn tradisjonele medisinen. De stúdzje nei koarstmoassen wurdt lichenology neamd; op dat mêd is yn Nederlân de Bryologyske en Lichenologyske Wurkgroep aktyf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.