Moassen

Ut Wikipedy
moassen
Anomodon viticulosus.
Anomodon viticulosus.
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
stamme: moassen (Bryophyta)
Schimper, 1836

De moassen of blêdmoassen (Latynske namme: Bryophyta) foarmje in stamme fan it ryk fan 'e planten (Plantae) en it ûnderryk fan 'e lânplanten (Embryophyta). It binne oer it algemien lytseftige, blomleaze, krûdeftige planten dy't deun opinoar groeie yn matten of kjessens op beskade of fochtige plakken, op 'e grûn, op rotsen of as epifyten op 'e stammen fan beammen. Se binne yn 'e regel 1-10 sm lang, hoewol't in diel folle langer is, lykas de dawsonia, de heechste soarte moas op 'e wrâld, dy't wol 50 sm heech wurde kin.

Moassen binne almeast griene planten, gauris mei sawol in stâle as struktueren dy't op blêden lykje (mar as it derop oan komt gjin echte blêden binne). Se hechtsje har mei rizoïden (woarteleftige struktueren), mar beskikke net oer echte woartels; rizoïden wurde, oars as echte woartels, net brûkt foar it opnimmen fan fiedingsstoffen út 'e ûndergrûn. Fierders hawwe se ek gjin wier systeem fan fetten foar it transport fan wetter en fiedingsstoffen, sa't de faskulêre planten (Tracheophyta) dat hawwe. Ek produsearje se gjin sied, mar plantsje se har fuort mei spoaren, krekt sa't rintfearren (farens) en poddestuollen dat dogge.

De stamme fan 'e moassen (Bryophyta) omfiemet sa'n 12.000 ûnderskate soarten. Foarhinne waarden ta dizze taksonomyske groep ek de levermoassen (Marchantiophyta) en de haumoassen (Anthocerotophyta) rekkene, mar neffens moderne ynsichten foarmje dy elts in aparte stamme, en steane se dus binnen it ûnderryk fan 'e lânplanten op deselde hichte mei de moassen en de faskulêre planten. Yn it deistich spraakgebrûk wurde de moassen lykwols noch altyd mei de levermoassen en de haumoassen ûnder de oantsjutting moas beflapt. De koarstmoassen of lichens binne lykwols gjin moassen en sels gjin lânplanten, mar ynstee gearwurkingsfoarmen tusken skimmels en grienwieren en/of blauwieren. De stúdzje nei moassen wurdt bryology neamd; op dat mêd is yn Nederlân de Bryologyske en Lichenologyske Wurkgroep aktyf.

Stamme-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.