Stikelbaarch
stikelbaarch | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Erinaceus europaeus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De stikelbaarch (Latynske namme: Erinaceus europaeus), ek wol ychel, ychelbaarch of ychelswyn neamd, is in wiid ferspraat sûchdier út 'e famylje fan de stikelbargen (Erinaceidae), dat yn Fryslân rûnom foarkomt. Om ûnderskie te meitsjen mei oare stikelbargesoarten wurdt er ek wol oantsjut as de gewoane stikelbaarch, de westlike stikelbaarch of de Jeropeeske stikelbaarch. It is in bekende ferskining yn tunen yn West-Jeropa. De stikelbaarch is benammen bekend om syn stikelpels en syn gewoante om him by gefaar op te rôljen. It is wichtich om oan te jaan dat de stikelbaarch in folslein oar soarte bist is as de kjifstikelbaarch.
Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De stikelbaarch komt yn hast hiel West-Jeropa foar, útsein Yslân en guon lytsere eilannen, lykas de Skotske Hebriden, Orkney- en Sjetlâneilannen en de Baleären. De eastgrins fan it gebiet dêr't er foarkomt, rint troch westlik Poalen, folget de grins tusken Tsjechje en Slowakije, en giet dan fierder súdoan troch Eastenryk en Sloveenje hinne nei de kust fan 'e Adriatyske See. Yn Skandinaavje libbet er oant fier boppe de poalsirkel, mar allinne oan 'e Atlantyske en Botnyske kusten, net yn it Skandinavysk Heechlân. Eastliker komt er ek foar yn hast hiele Finlân en Estlân en yn in flink part fan noardwestlik Ruslân en noardeastlik Letlân. Yn 'e rest fan East-Europa libje de naubesibbe noardlike (Erinaceus roumanicus) en súdlike Eastjeropeeske stikelbaarch (Erinaceus concolor). As eksoat komt de westlike stikelbaarch ek foar yn Nij-Seelân, dêr't er yn 1885 troch de minske útset is by de stêden Dunedin en Christchurch, op it Sudereilân, om ûngedierte te bestriden. Tsjintwurdich is de stikelbaarch folslein algemien op sawol it Sudereilân as it Noardereilân, útsein de hege berchkriten yn it binnenlân.
Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De lingte fan 'e stikelbaarch is ±22,5-27,5 sm. Hy hat in sturtsje fan 1,5-3 sm en wurdt 12-15 sm heech. Stikelbargen kinne yn finzenskip 8-10 jier âld wurde, mar helje yn 'e frije natoer sa'n 4-6 jier. Harren gewicht leit tusken de 0,4 en 1,2 kg. De rêch fan 'e stikelbaarch is oerdutsen mei likernôch seistûzen stikels fan 2-3 sm lingte, en as er him bedrige fielt, rôlet er himsels op ta in bal. Sa'n stikelige bal foarmet in goede beskerming tsjin natuerlike fijannen as de foks, mar is kânsleas tsjin auto's. Hy wikselt syn stikels selden en ûngeregeldwei; trochinoar geane stikels in moanne as achttjin mei. Stikelbargen hawwe faak in karakteristyk patroan yn harren stikels.

Okkasjoneel komt der ris in saneamde "blûne" stikelbaarch foar, mei in krêmkleurich uterlik. Sokke eksimplaren leaut men fan dat se in net faak foarkommend resessyf gen hawwe, al binne it eins gjin albino's. Blûne stikelbargen binne tige seldsum, útsein op it Britske Kanaaleilân Alderney, dêr't in populaasje fan sa'n tûzen libbet.
Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stikelbargen komme foar yn leafbosken en fochtige greiden, dat benammen boskrânen binne hja hjit op. Ek komme se foar yn sândunen, salang't dy begroeid binne, mar net faak yn nuddelbosk, of yn bergen boppe de beamgrins. De stikelbaarch mei ek graach oer tunen, dêr't fanwegen strewelleguod, skudden en skuorkes witwat beskutting te finen is, wylst guon minsken se ek noch byfuorje.
Halden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stikelbargen binne solitêr libjende bisten. Soms kin in pearke in nêst diele, mar dat is mar foar koarte tiid. Groepen stikelbargen binne meastentiids in mem mei jongen. Se hawwe gjin territoarium. It lûd fan stikelbargen bestiet út snuven by it iten en gnoarjen as der gefaar driget. Se kinne goed klimme en swimme. De wichtichste deadsoarsaak is nei alle gedachten ferhongering ûnder de wintersliep, mar yn stedske gebieten is dat it ferkear. De wichtichste natuerlike fijân fan 'e stikelbaarch is de das. Oare gefaren dy't in protte stikelbargen it libben kostje, binne fergiftiging mei ynsektisiden, sleatten en oare wetters mei steile wâlen (dêr't se net wer útkomme kinne, sadat se fersûpe) en meanmasines.

Fan 'e sintugen binne benammen it gehoar en de rooksin tige skerp. Unbekende stoffen of nije geurkes ûndersiket de stikelbaarch mei it saneamde orgaan fan Jacobson, dat ek by slangen en hagedissen tige goed ûntwikkele is. Dat is in ekstra sintúch dat tusken it ferwulft en de noasholte yn leit. Yn spesjale sellen wurde azem en flibe op nije geur- en smaakprikkels ûndersocht. Earst beknaacht of berûkt de stikelbaarch de nije stof mei grutte oandacht, dan produsearret er in hiel soad flibe. As er ienris de síntúchlike ûnderfining ferwurke hat, spuit er de flibe op syn rêch wylst er him yn de frjemdste bochten wringt. It orgaan is no wer skjin en klear foar wer nije prikkels. It himsels 'beflybkjen' is spitigernôch yn in soad gefallen mei in symptoom fan rabiës (hûnsdûmens) ferwiksele, wylst stikelbargen no krekt net folle lêst hawwe fan dy gefaarlike sykte.

Yn 'e hjerst, as de temperatuer sakket en der minder te fretten is, giet de stikelbaarch yn wintersliep. Hy bout dêrfoar in nêst fan gers en blêden. De measte stikelbargen wikselje in pear kear fan nêst yn 'e winter. Nei't er út 'e wintersliep wekker wurden is, begjint yn maaie, juny de peartiid. It djoeien is in langduorjend leafdesspul, wêrby't de bisten hoeden te wurk geane. It mantsje en it wyfke draaie dêrby as in karûssel efterinoar oan.
De draachtiid fan 'e stikelbaarch is 31-35 dagen. In smeet bestiet út trochinoar 3-6 (2-10 komt foar) keale, dôve en bline jongen, dy't al wol (sêfte) stikels hawwe. De jongen wurde berne yn in nêst fan gers en blêden; soms wurde ferlitten kninehoalen brûkt. Sûgjen en grutbringen wurdt allinnich troch it wyfke dien. De jongen kinne har al nei 11 dagen oprôlje, en nei 22 dagen ferlitte se foar it earst it nêst. Se drinke sa'n 4-6 wiken by de mem, wêrnei't dy harren ferstjit en se harsels rêde kinne moatte. Stikelbargen hawwe ien of twa kear yn it jier jongen.
Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It fretten fan 'e stikelbaarch bestiet út slakken, wjirms en ynsekten lykas krobben en rûpen; se binne dêrmei nuttige helpers yn 'e bestriding fan natuerlik ûnrant. Ek frette se spinnen, en in inkele kear gripe se lytse wringedieren as kikkerts, hagedissen of jonge kjifdieren. Ek fûgelaaien en ies ite se inkeld wol, krekt as fruchten en poddestuollen. Bewearings dat se ek slangen deameitsje kinne, binne nea bewiisd. It binne nachtbisten, dy't trochinoar sa'n 70 g. fretten nachts lytsman meitsje.
Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Al hat de stikelbaarch de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet, dochs is de stikelbaarch in beskerme bistesoart, en bejaging en it hâlden yn finzenskip binne ferbean. Foar ferwûne, ferwezen en/of sike stikelbargen kin men de biste-ambulânse belje.
Stikelbargen en minsken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Minsken hawwe komselden stikelbargen iten, mar yn it Dútsk hawwe sigeuners de bynamme fan "Igelfresser" krigen om't se de gewoante (hân) hawwe soene en rôlje stikelbargen yn klaai foar se te roasterjen. De stikels soene dan yn 'e klaai stykjen bliuwe, sadat it bist sûnder beswier opiten wurde koe.
Neffens it byleauwe stelle stikelbargen wol apels op harren rêch en drinke molke út kowejaren. Dêrom waard de stikelbaarch eartiids bestriden.
Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
-
Spoaren fan de stikelbaarch
-
Oprôle stikelbaarch
-
Close-up fan de stikels
-
Stikelbaarch mei Tiken
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Waarnimmings yn Nederlân op waarneming.nl
- Stifting Stikelbargebeskerming Nederlân
- Stifting Stikelbarge-opfang Zoetermeer
- Wikiwurdboek-side - ychelbaarch
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Sûchdieresoarte
- Ynsekte-iter
- Stikelbaarch
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Wales
- Eksoat yn Nij-Seelân