Springe nei ynhâld

Rûp

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rûpen)

In rûp is in larve fan in flinter. Nei in bepaalde perioade komme rûpkes út it aai wei. De lingte fan dizze perioade hinget foaral fan de temperatuer ôf. Sommige flinter aaien binne hiel gefoelich foar fochtichheid. De bêste temperatuer is tweintich graden. As de temperatuer leger wurdt dan duorret it langer foar de aaikes út kommen.

De rûp fan de Deipauëach

In rûp is in echte yt-masine. Se ite sa folle mooglik blêden en blommen fan harren waerdplant. In rûp is allinnich mar dwaande om te iten of om iten te sykjen. Binnen twa of trije wiken wurde sommige skaaien tweintich kear sa lang en 2000 oant 3000 kear sa swier. De kop wurdt seis kear sa breed. Sels it meast elastyske fel kin sa’n enoarme groei net ferdrage. Derom ferfellet de rûp in oantal kear yn syn ûntwikkeling. De âlde krappe hûd wurdt ôfstrûpt en ferfong troch in nij en rommer fel. It groeistadium tusken twa ferfellingen wurdt instar neamd. Meastal binne er fiif of seis instars. Foar in snelle groei is in soad iten nedich. Dat begjint faak al by de aaiskaal. By guon skaaien is it hiel wichtich foar de rûp om de aaiskaal op te iten, oars gean se dea.

Soarten en maten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rûpen binne der yn ferskillende soarten en maten. Der binne hiele lytsen dy't gongen meitsje yn de blêden. Mar der binne ek rûpen dy't wol 10 sm grut wurde kinne. It lichem fan de rûp bestiet út 13 segminten. De toaraks wurdt troch trije segminten foarme. Elts toaraks segmint hat in pear poaten. De oare segminten wurde abdomen neamd. De poaten fan de abdome segminten befine har meastal op it tredde en sechde segmint. It lichem fan de rûp is faak bedutsen mei hierkes. Dizze hierkes groeie faak op it selfde plak, dus is it in goed werkenningspunt om te sjen fan hokker flinter de rûp is.

De rûp fan de Swellesturtflinter

Gefaarlik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rûpen hawwe in gefaarlik libben. In rûp hat in soad fijannen. Lykas fûgels, mûzen, reptilen, en amfibyen, oare ynsekten en soms frette se elkoar op. Guon skaaien hawwe in ferdigening tsjin al dy fijannen. Se hawwe hierkes dy't brânwûnen jouwe by it oanreitsjen. Der binne ek soarten dy in stank ûntwikkelje kinne lykas de swellesturtflinter. Ek binne der giftige soarten.

Rûpen libje hiel ferskillend. Guon rûpen libje yn nêsten. Dy nêsten meitsje se yn planten en wurde as beskerming bedutsen mei spinsel. Er binne ek rûpen dy’t yn it wetter libje. In rûp wurdt úteinlik in flinter. Mar der is dan noch neat te sjen fan de wjukken. Mar as jo in folwoeksen rûp in hiele lytse partsjes snije soene dan sjogge jo it begjin fan in wjuk.

Wannear de rûp folgroeid is dan siket er in plakje op om te ferpopkjen.

De rûp fan de Lytse Wite Koalflinter