Swellesturtflinter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Swellesturtflinter
Papilio machaon01.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Grutte Paazjes (Papilionidae)
soarte
Papilio machaon

De Swellesturtflinter (Papilio machaon) is in soarte yn it skaai fan de Swellesturtflinters (Papilio).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Swellesturtflinter kin op ferskate terreinen fûn wurde, lykas greiden mei in protte krûden, tunen, sompich lân en ekers. De Swellesturtflinter mei graach swalkje. De flinter kin dan ek hiele einen fleane. Yn geunstige simmers kin er ek yn Fryslân sjoen wurde. Mar sommige jierren is er ek net te sjen. Yn Limburch binne altyd Swellesturtflinters.

Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is 32 oant 41 mm. De grûnkleur is giel. De Swellesturtflinter wurdt faak sjoen by heuvels. Dêr moetsje de mantsjes en de wyfkes elkoar.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fleant fan begjin april ôf oant ein juny en fan ein juny oant ein septimber, foaral tusken 25 july oant 5 augustus. Fleant meast yn twa generaasjes, hiel soms yn trije.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp kin 50 mm lang wurde. De rûp is grut mei in ljochtgriene kleur. Elk segmint hat in swarte bân. De kop is gieleftich mei swarte tekens. De rûp feroaret bot tidens it groeien en ferfeljen. De rûpen ûntwikkelje by't simmer. As de rûp him ûnfeilich fielt dan wurdt it osmaterium útskulpe. Dat osmaterium is in soart foarke-eftich orgaan. Dêrmei kin de rûp in stank feroarsaakje om sa oanfallers fuort te jeien.

De rûp fret skermblommigen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]