Krûd (plant)
Appearance

In krûd of in krûdplant is in krûdeftige plant dy't net of mar yn tige lichte mjitte ferhoutet. Sokke planten fertoane net of mar kwealk groei yn 'e omtrek fan 'e stâle, en hawwe dus gjin stam of tûken dy't mei it jier grouwer wurde. Krûden kinne ienjierrich, twajierrich of fêst wêze.
Krûdplanten moatte net betize wurde mei de ‘krûden’ dy't yn 'e koken brûkt wurde foar itensiederij, of medisinale krûden. De meast krûdplanten wurde noch as smaaktafoeging brûkt, noch hawwe se in medisinale wurking (tink oan koalsied). Oarsom hoege krûden dy't by it itensieden brûkt wurde, net krûdeftich te wêzen, sa't bygelyks mei roazemaryn it gefal is.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |