Springe nei ynhâld

Poalsirkel

Ut Wikipedy
In kaart fan de ierde. De poalsirkels wurde oanjûn mei de reade streken.

In poalsirkel is of it Noardpoalsirkel of de Súdpoalsirkel. Op de ierde leit de Noardpoalsirkel op 66˚ 33' 38" noarderbreedte en de Súdpoalsirkel op 66˚ 33' 38" suderbreedte. De gebieten tusken de poalsirkels en de poalen (de noardpoal en de súdpoal) binne de poalgebieten.

Op de poalsirkels komt de sinne ien dei fan it jier net op en giet er ien kear yn it jier net ûnder. It tal dagen dat de sinne net opkomt of net ûndergiet wurdt grutter as hja fan de poalsirkel ôf yn de rjochting fan de poalen geane

It plak dêr’t de sinne ien dei yn it jier net ûndergiet ferskilt per jier. Dan leit it plak noardliker, dan wer súdliker fan de poalsirkel. Elts jier hat dus in eigen poalsirkel. De breedte fan 66,5 is trochstrings it plak fan dit barren.

Krekt op de geografyske Noardpoal en de geografyske Súdpoal giet de sinne in heal jier net ûnder (de poaldei) en komt er in heal jier net op (de poalnacht).

Yn de mjitkunde binne de poalsirkels lytssirkels.