Peartiid

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Twa wapitybokken dy't om dominânsje stride.

De peartiid of (d)joeitiid (Latyn: oestrus) is de perioade dat in bist oandriuw fiele om te pearjen, wat feroarsake wurdt troch hormonale feroarings yn it lichem fan it oangeande bist. De peartiid set yn 'e regel útein mei it djoeisk wurden fan it wyfke, dêr't it mantsje dan op reägearret. Djoeiske bisten hawwe ornaris mar in bytsje oandacht foar oare dingen, lykas it ta har nimmen fan iten, en de peartiid kin dan ek in flinke oanslach op harren kondysje foarmje. De peartiid falt yn 'e regel yn 'e hjerst of by 't maityd, ôfhingjend fan 'e lingte fan 'e draachtiid. Dêrby giet it derom dat de jongen te wrâld komme yn 'e tiid fan it jier dat der de measte kâns op oerlibjen bestiet trochdat der fretten by 't folop beskikber is. Sawol by manlike as froulike bisten binne ûnder de peartiid yn 'e regel dúdlike feroarings op it mêd fan hâlden en dragen, rook en soms ek uterlik waar te nimmen.

Troch de ferhege hoemannichte testosteron yn har bloed wurde de mantsjes faak agressiver, wat har oanset om te rivalisearjen mei manlike soartgenoaten, faak troch fysike gefjochten oan te gean, mar soms ek wol troch beskate ymposante poazes oan te nimmen om dêrmei te besykjen en yntimidearje de konkurrinsje. Wyfkes wurde ûnrêstiger en sille, by soarten dy't solitêr libje, geurspoaren útsette sadat gaadlike mantsjes harren fine kinne. Froulike bisten dy't yn koloanjes of keppels libje, sille aktyf neieroankommen sykje mei mantsjes.

Foar wyfkes einiget de peartiid almeast as se ien of mear kearen peare hawwe en drachtich rekke binne. (Al komt it ek foar dat binnen de peartiid ferskate kearen jongen te wrâld brocht wurde, en dat de hiele syklus dus ek ferskate kearen trochrûn wurde moat.) In drachtich wyfke sil yn elts gefal itsij (troch in oare rook) net mear ynteressant wêze foar mantsjes, itsij mantsjes mei agresje ôfwarje. Meastal kinne froulike bisten net djoeisk wurde as se noch jongen oan it grutbringen binne. Dat is fral by gruttere sûchdieren it gefal. Manlike liuwen dy't in troep oernimme fan in âldere of ferswakke rivaal, sille dêrom de libbene jongen oer it algemien deadzje, sadat se harsels mei de liuwinnen fuortplantsje en har eigen genen trochjaan kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.