Draachtiid

Ut Wikipedy

De draachtiid, soms ek wol dracht neamd, is de perioade dat in embryo en letter foetus yn it limoer fan 'e mem trochbringt fan 'e befruchting ôf oan 'e befalling ta. As men it oer in "draachtiid" hat, tsjut dat almeast op sûchdieren, mar ek by libbenbernjende fisken kin fan in draachtiid sprutsen wurde.

By de minske wurde draachtiid rekkene fanôf de earste dei fan 'e lêste menstruaasje. De doer fan it swierwêzen leit by froulju om 'e 40 wiken (280 dagen) hinne, mar kin per gefal ferskille. Ien oant twa wiken langer of koarter wurdt sadwaande noch altyd as in normaal swierwêzen beskôge. It bertegewicht fan 'e poppe is fansels keppele oan 'e doer fan 'e draachtiid en sil heger wêze neigeraden dat de draachtiid langer duorret.

Der besteane grutte ferskillen oangeande de doer fan 'e draachtiid by ûnderskate soarten sûchdieren. Sa duorret de draachtiid by de Afrikaanske oaljefant mar leafst 18-22 moannen, by in walfisk likernôch in jier, by in hynder rom 11 moannen en hat in ko in draachtiid dy't ferlykber is mei dy fan 'e minsken: 9 moannen. By skiep is it 144-155 dagen; by bargen 100 dagen; by hûnen 63-67 dagen; by katten 60-65 dagen; by kninen 30-32 dagen; by rotten 21-23 dagen; en by mûzen 18-21 dagen. De goudhamster hat fan alle sûchdieren de koartste draachtiid, mei 16 dagen. Inkeld bûdeldieren hawwe in noch koartere draachtiid, mar dy hantearje in hiel oar systeem, wêrby't de foetus nei de berte noch in hiel hoart yn 'e bûdel fan 'e mem bliuwt en dêrbûten net oerlibje kin. Guon soarten kenne in ferlinge draachtiid, in adaptaasje dy't bedoeld is om 'e jongen yn 'e geunstichste tiid fan it jier te wrâld komme te litten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.