Springe nei ynhâld

Goudhamster

Ut Wikipedy
goudhamster
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai goudhamsters (Mesocricetus)
soarte
Mesocricetus auratus
Waterhouse, 1839
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De goudhamster (wittenskiplike namme: Mesocricetus auratus), ek wol de Syryske hamster of de Syryske goudhamster neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e hamsters (Cricetinae) en it skaai fan 'e goudhamsters (Mesocricetus). Dit is de bekendste hamstersoarte. Yn it wyld komt er foar yn dielen fan Syrje en Turkije, dêr't er no in bedrige bistesoarte is. De goudhamster is lykwols populêr as húsdier, dat fanwegen de grutte populaasje dy't yn finzenskip libbet, bestiet der gjin kâns op útstjerren.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it wyld libbet de goudhamster yn in steppe- oant woastyneftich biotoop yn noardlik Syrje. Dat is in frij beheind gebiet, dat him útstrekt fan 'e westigge fan 'e rivier de Eufraat oant de omkriten fan 'e stêd Aleppo. Teffens komt er foar yn in lyts oangrinzgjend diel fan súdeastlik Turkije. Yn 'e omkriten fan Jeruzalim komme yn Israel en Palestina ek wylde goudhamsters foar, mar dêrby giet it om troch minsklik yngripen yntrodusearre eksoaten.

De Westerske wittenskip, yn 'e persoan fan 'e Britske soölooch George Robert Waterhouse, ûntdiek de goudhamster yn 1839. Yn 1930 fong Israel Aharoni, in perfester yn 'e soölogy oan 'e Hebriuwske Universiteit fan Jeruzalim, yn noardlik Syrje in wyfkesgoudhamster mei in nêst jongen. Hy naam de bisten mei werom nei Palestina, dêr't er se fokte om se as proefdieren te brûken. Guon fan 'e flugge bistkes ûntsnapten troch in gat yn 'e flier fan it fertrek dêr't Aharoni se hold, en it tinken is dat de wylde populaasje yn Israel en it Westjordaanlân ôfstammet fan dy pear ûntkommelingen.

In bûnte goudhamster.

Yn 1931 waarden guon ôfstammelingen fan Aharoni syn goudhamsters oerbrocht nei Grut-Brittanje, dêr't se oan it saneamde Welcome Bureau of Scientific Research ("Wolkomsburo fan Wittenskiplik Undersyk") tabetroud waarden. It die bliken dat de bistkes har yn finzenskip maklik fuortplanten, en yn 1932 krige it Soölogysk Genoatskip fan Londen nochris twa pear út Jeruzalim yn besit. Guon neikommelingen dêrfan kamen yn 1937 foar it earst as húsdier yn eigendom fan priveepersoanen. Yn 1971 waarden in pear wylde hamsters oerbrocht nei de Feriene Steaten, mar út resint DNA-ûndersyk hat bliken dien dat de tsjintwurdige Amerikaanske populaasje goudhamsters (yn elts gefal yn 'e froulike line) folslein ôfstammet fan ien wyfke – wierskynlik itselde dat Aharoni yn 1930 fongen hie. Sterker noch, frijwol alle goudhamsters dy't hjoed de dei yn finzenskip holden wurde, stamje nei alle gedachten ôf fan dat iene wyfke.

Nei Aharoni syn fangst út 1930 binne noch mar selden goudhamsters yn it wyld waarnommen yn har natuerlike ferspriedingsgebiet. Uteinlik waarden yn septimber 1997 en maart 1999 twa ekspedysjes nei noardlik Syrje útfierd mei as spesifyk doel om te fêst te stellen hoe't it de goudhamster yn it wyld fergie. De ûndersikers fûnen 30 goudhamsterhoalen, dy't elts bewenne waarden troch op syn heechsten ien inkele goudhamster. Se fongen sân mantsjes en seis wyfkes, wêrfan't ien drachtich wie en yn finzenskip seis jongen te wrâld brocht. Alle 19 fongen goudhamsters en dêrtopta nochris 3 dy't al op 'e Universiteit fan Aleppo holden waarden, waarden oerbrocht nei Dútslân om fia in úttocht fokprogramma mear genetyske fariëteit yn 'e finzen goudhamsterpopulaasje te yntrodusearjen.

In swartbûnte goudhamster.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De goudhamster hat trochinoar in kop-romplingte fan 13-18 sm, mei in sturtlingte fan 1-1½ sm en in gewicht fan 110-140 g. Hy hat fan natuere in pels dy't op 'e rêch ljochtbrún oant oranje-eftich is, en op 'e bealch ljochtgrizich of witich, mei faak in dûnkere streek fan 'e wangen oant yn 'e nekke. Ek it hier boppe de eagen en op 'e rêch hat dûnkereftige úteinen. Domestisearre eksimplaren kinne lykwols troch selektyf fokken ek oare kleurfarianten hawwe, lykas bûnt (wêrby't de witige en brún/oranje flakken ûnregelmjittich oer it lichem ferdield binne), swartbûnt (witich mei swart) of hielendal swart, wyt, oranje, krêm, brutsen wyt of brún. Dêrnjonken besteane der yn finzenskip ek langhierrige, saneamde "angoara"-goudhamsters, dy't ek wol "teddybearkes" neamd wurde.

Krekt as alle hamsters hat de goudhamster oprekbere wangpûden dy't er by it fretten folstoppet mei safolle mooglik yn lytse stikjes haffele foer, oant se útpuolje oan 'e skouders ta. As der neat mear by kin, keart er gau werom nei de feilichheid fan syn hoale om it miel dêr yn alle rêst te beplúzjen. Dit is in evolúsjonêre strategy dy't yn it wyld de tiid ferminderet dat goudhamsters bleatsteane oan predaasje, en sa dus har kânsen om te oerlibjen ferbetteret; yn finzenskip tsjinnet it gjin doel, mar is it fermaaklik om te sjen. De pleatslike namme yn it Noardlevantynsk-Arabyske dialekt fan Aleppo is أبوجراب, wat "sealtasmantsje" betsjutte soe, dêrmei ferwizend nei de wangpûden. As der fretten by 't folop is, lizze goudhamsters yn har hoalen ek op grutte skaal itensfoarrieden oan foar mindere tiden.

In goudhamster.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it wyld is de goudhamster in tige skou bistke, en oer de wylde populaasje is oant op 't heden suver neat bekend. Ynstee is hast alles dat we witte oer goudhamsters basearre op observaasje fan finzen eksimplaren. Dêrtroch hat men lang tocht dat it nachtdieren wiene, mei't goudhamsters yn finzenskip altyd nachts aktyf binne. Mar troch observaasje fan 'e eksimplaren dy't yn 1997 en 1999 yn it wyld fongen binne, hat men ûntdutsen dat de nachtlike libbenswize fan 'e domestisearre goudhamster in adaptaasje is oan in rôfdierfrij bestean; wylde goudhamsters binne suver útslutend yn 'e skimerperioaden yn 't spier, wierskynlik om nachtrôfdieren lykas ûlen te ûntrinnen.

Goudhamsters bringe it grutste part fan 'e tiid troch yn eigengroeven hoalen dy't oant 2 m djip wêze kinne. Se libje solitêr en binne tige territoariaal. As ien bist it territoarium fan in oaren binnenkringt, folget der in gefjocht op libben en dea. Utsûnderings dêrop binne as in mantsje in djoeisk wyfke benei komt, mar likegoed hat it wol kâns dat it wyfke it mantsje dan nei de pearing dochs noch oanfalt. Sels nêstgenoaten, dy't mei-inoar grutbrocht binne, sille inoar as folwoeksenen yn 'e regel net yn har om-en-by duldzje. Ynfantiside is net ûngewoan by goudhamsters, en yn finzenskip deadzje wyfkes soms har eigen (sûne) jongen as dy oppakt binne troch in minske, mei't der dan in frjemde rook oan sit, en eltse frjemde rook wurdt troch it wyfke ûnderfûn as in bedriging foar de oare jongen. Yn finzenskip en yn it wyld frette wyfkes ornaris har eigen deade jongen op, wat in evolúsjonêre oanpassing is om foar te kommen dat de rôfdieren de lykstank fan it deade jong nei it nêst ta folgje.

In goudhamster mei jongen.

De goudhamster hat gjin spesifike peartiid. Folwoeksen wyfkes wurde ien kear yn 'e 4 dagen djoeisk. Goudhamsters hawwe mei 16 dagen de koartste draachtiid fan alle plasintadieren. Hoewol't de draachtiid soms oant 18 dagen duorret, hat dat frijwol altyd te krijen mei komplikaasjes. De wyfkes kinne benei de 7 nêsten jongen yn in jier produsearje, wêrby't de grutte fan 'e smeten útinoar rint fan 4-20 jongen, al leit it gemiddelde op 8. De jongen wurde blyn berne en de eachjes geane nei 2 wiken iepen. Mei 3 wiken wurde se ôfwûn en mei 4-5 wiken binne se geslachtsryp. Yn finzenskip wurde de jongen mei 4 wiken by de mem weihelle om fjochterij foar te kommen. Tagelyk wurde dan de mantsjes fan 'e wyfkes skaat. Groepkes jongen fan itselde geslacht kinne byinoar bliuwe oant se 8 wiken âld binne en har territoriaal begjinne te hâlden en te dragen. In wyfke mei in nêst jongen kin op 'e nij djoeisk wurde, pearje en drachtich reitsje wylst it al in nêst jongen hat. De druk dêr't it lichem fan it wyfke dan ûnder komt te stean, resultearret faak yn tige swakke en ûnderfette jongen. De libbensferwachting fan 'e goudhamster is 2-3 jier.

In goudhamster dy't syn wangpûden folstoppet mei tiksel.

Goudhamsters frette benammen gerzen en nôt, mar litte ek oar plantaardich materiaal, lykas sied en nuten net stean. It binne gjin spesifike herbivoaren, dat ek dierlik guod stiet op it menu. Dêrûnder binne ynsekten (toarren, miggen, eamels, kakkerlakken, wantsen en meepsen), wjirms en slakken.

De goudhamster hat de IUCN-status fan "kwetsber" (wat de leechste gradaasje fan "bedrige" yn 'e bredere sin is), om't er yn it wyld mar in beheind ferspriedingsgebiet hat, dêr't er efterútbuorket troch habitatferlies feroarsake troch lânbou en troch opsetlike útrûging troch minsken. Lokkigernôch bestiet der troch de grutte en rûnom fersprate finzen populaasje gjin gefaar foar útstjerren.

In goudhamster oan 'e kuier.

Goudhamsters binne populêr as húsdier, om't se meigeand en fan natuere nijsgjirrich binne, en in hege "aaiberheidsfaktor" hawwe. In protte goudhamsters wurde lykwols yn te lytse koaien holden; neffens de Humane Society of the United States, in bistebeskermingsorganisaasje, kin in habitat nea te grut wêze foar in goudhamster, en eigners fan 'e bistkes wurdt dan ek oanret om in sa grut mooglike koai te nimmen. Fierders wurde goudhamsters beskôge as in gaadlik húsdier foar jonge bern, mar dat is sa net. Hoewol't de bistkes opmerklike robúst binne foar har postuer, hoecht in bern mar ien ûntrochtochte beweging te meitsjen, en dan is it de ein fan it ferhaal foar de hamster. Saakkundigen fine it hâlden fan goudhamsters dêrom pas gaadlik foar bern fan 10 jier ôf, en dan nòch moat der eins in folwoeksene tafersjoch hâlde as it bistke út syn koai helle wurdt.

Ofsjoen fan har populariteit as húsdier wurde goudhamsters ek noch altyd as proefdieren brûkt yn laboratoaria. Sa tsjinnen neffens gegevens dy't sammele waarden troch de Canadian Council for Animal Care ("Kanadeeske Rie foar Bistesoarch"), yn 2006 yn Kanada 6.402 goudhamsters as proefdier. Behalven foar poer biologysk ûndersyk wurde de bistkes ek faak brûkt foar de medyske wittenskip, wêrûnder ûndersyk nei ferskate hertkwalen (dêr't se fanwegen har yntylt tige gaadlik foar skine te wêzen) en alkoholisme (troch har grutte levers brekke se alkohol fluch ôf).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.