Aleppo

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aleppo
Alde stêd fan Aleppo
Alde stêd fan Aleppo
Sifers
Ynwennertal 2.738.000 (2011)
Oerflak 190 km²
Polityk
Lân Syrje
Gûvernemint Aleppoa
Oar
Tiidsône EET (UTC+2)
*Simmertiid (UTC+3)


Aleppo (Arabysk: ﺣﻠﺐ, Halab) is in stêd en ek in provinsje yn it noardwesten fan Syrje, deun by de Turkske grins. Mei it tal fan 2.738.000 ynwenners is it de grutste stêd fan Syrje.[1] Mei Damaskus stride it om de ear hoeke stêd it de langst oan ien stik bewenne west hat op de wrâld.

Ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

Aleppo is ien fan âldste steden op de wrâld en leit op in strategysk plak tusken de Midlânske See en de Eufraat. Meastepart fan de ynwenners binne Arabieren, mar der wenje ek Koerden en Armeenjers en lytse tallen Griken en Turken. Likernôch 20% binne kristenen.

Namme[bewurkje seksje | edit source]

De akkadyske namme fan de stêd wie Halab, ek Halap, Hallaba, Halba, Halbi of Halpa skreaun. Yn Egyptyske boarnen hite de stêd 'hlp; yn it Arameesk en in Oegarit waard hlb skreaun. Yn de Aldheid wie de Aleppo bekend as Halpa, yn de Seleusidyske tiid as Beröa.

De Arabieren hawwe de namme Halab hâlden dy't yn harren taal de ferline tiid fan molke is. Neffens oerlevering rêste Abraham dêr út op de tocht fan syn berteplak Ur nei it Beloofde Lân. Hy soe syn ko asch-Schahba molke hawwe boppe op de heuvel dêr't no de sitadel stiet en de molke ferdield hawwe ûnder de bevolking. Yn it Syrysk-Arabysk hjit de sêad Halaba asch-Schahba.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De stêd, dy't troch de Hettiten stiften is, waard boud op in kloft heuvels yn in wiid fruchtbere delling oan beide siden fan de Kwuwaik. Yn 636 waard it troch de Arabyske islamityske legers ferovere. De folgjende tûzen jier hawwe ferskillende machten om de stêd fochten. De sitadel wie boud op in heuvel yn it sintrum fan de stêd. It wie ien fan de sterkste boarchten op de wrâld.

Wichtige bouwwurken[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Aleppo[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. (2011)