Springe nei ynhâld

Nekke

Ut Wikipedy
In röntgenfoto fan 'e minsklike nekke.

De nekke is it dorsale diel fan 'e hals. By sûchdieren bestiet de nekke út behierre hûd, spieren en it boppeste diel fan 'e wringe of rêchbonke (Nederlânsk: ruggengraat), dy't op syn beurt wer bestiet út ferskate ôfsûnderlike wringen of draaibonken (wervels). Hast alle sûchdieren hawwe 7 fan sokke bonkjes yn 'e nekke, behalven de loaierts, dy't der 6 oant 9 hawwe kinne. Hoewol't de hals fan in sjiraffe folle langer is as dy fan in minske, hat ek dy mar sân nekwringen, al binne dy folle grutter en langer. Ek walfiskeftigen hawwe sân nekwringen, mar by harren binne dy troch har evolúsjonêre ûntwikkeling krekt sterk ôfplatte en faak min ofte mear mei-inoar fergroeid.

By de minske is de nekke ûnder normale omstannichheden wat hol (hat in lichte lordoaze), om te kompinsearjen foar de lichte bolheid (kyfoaze) fan 'e boarstwringen (borstwervels). De yndividuële nekwringen wurde fan boppenôf yn medysk jargon C1-7 neamd. De C stiet foar cervix, dêr't it eigenskipswurd foar de nekke, "servikaal", fan ôflaat is. De nekwringe C1 wurdt ek wol de atlaswringe neamd en C2 hjit fan aksiswringe. De oare fiif hawwe gjin selsstannige nammen. De atlaswringe wurdt sa neamd om't er de holle draacht (nei Atlas, dy't yn 'e Grykske mytology de wrâld droech). De atlaswringe stiet op in opsteand stikje fan 'e aksiswringe ("aksis" betsjut "as"), en dêrtroch is men by steat en draai de holle.

By ûngemakken mei in protte enerzjy kin der op it plak dêr't de atlaswringe en de aksiswringe gearkomme in brek ûntstean. Dat is tige gefaarlik, want as it rêchpiid (ruggenmerg), it binnenste fan 'e wringen, op dat punt skansearre rekket, sil men dat foar 't neist net oerlibje. De nervus phrenicus, in senuw dy't nei it mulruft ta rint en it sykheljen beävensearret, rint hjir nammentlik troch it rêchpiid, dat it ôfsnijen fan dy senuw betsjut dat der net mear sykhelje wurde kin. De atlaswringe en de aksiswringe binne de iennichste draaibonken dy't net skaat wurde troch in tuskenwringeskiif. Soms kin it m dy skiven op oare plakken heal tusken de draaibonken wei skowe, wat in tige pynlike nekhernia opsmyt, dy't mooglik ek liede kin ta krêftsferlies oan ien kant fan it lichem en in dôf gefoel yn ien fan 'e earms.

De nekwringen wurde stabilisearre troch de nekspieren en in ûnbidich grut spierbanne-apparaat, dat teffens grutdiels it gewicht fan 'e holle draacht. By beskate ûnferwachtse hurde bewegings (lykas in oanriding fan efteren) kinne dy spieren en/of spierbannen ferrutsen of ferstûke reitsje, wat in whiplash ("swypslach") neamd wurdt. Soks is tige dreech om wer te genêzen, en kin faak jierren lêst jaan. Ek pineholle (yn 'e foarm fan spanningspineholle) wurdt faak feroarsake troch in te grutte spanning op 'e nekspieren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.