Grykske mytology
Dit artikel is in stobbe oer kultuer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
De Grykske mytology is de kennis fan de Grykske myten en sêgen en bestean út ferhalen oer goden, healgoden en de ynteraksje tusken goden en minsken. De mytology jout ferklearrings foar it ûntstean fan de wrâld, de himellichems, de minsken, de goden, it kwea, sykten, natoerferskynsels, en de oereleminten ierde, wetter, fjoer en loft. Hja foarme de grûnslach foar it leauwen en tinken fan de âlde Griken.
Polyteïsme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Griken leauden dat der in protte ferskillende goaden en oare mytyske wezens bestienen. It meastepart dêrfan wiene healgoaden. Hja wienen dêrom polyteïstysk (poly = soad en teos = god) en ferearen in mannichte panteon oan goden en goadinnen. Dat polyteïsme hat ûnder mear de oarsaak west dat lokale kulten feriene waarden ta ien pan-Helleenske godstsjinst, lykas dat ek in gefal wie mei de Egyptyske mytology. De goadenferhalen waarden mûnling oerlevere, wat nei alle gedachten de reden is dat út en troch pleatslike farianten en tsjinstridige feiten opdûke.
Yn de Grykske wrâld waarden offers brocht om de goaden geunstich te stimmen of harren te tankjen. Soks barde meastentiids op in alter. Sa'n alter stie yn in temenos, in hillich domein, dêr't soms oek in timpel yn stie. It offer wie faak in lânbouprodukt; in bloedgave wie meatal in (sûn) bist. Yn myten wurdt wol sein fan minske-offers, bygelyks it ferhaal dêr't Agamemnon syn dochter Ifiginea offert om fan Artemis in geunstige wyn te krijen om nei Troaje ôffearen te kinnen.
De Grykske goaden beskikten oer in ferskaat oan bûtengewoane kreften, koenen minske stalten oannimmen en gedroegen har ek as minsken, mei ynbegryp fan alle gebrekken. Under-inoar waarden faak machtspultsjes spile, en emoasjes as wellust, woede, frolijkheid en jaloezy wienen harren net frjemd.