Skiermûntseach (eilân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Skiermûntseach
Flagge fan de gemeente Skiermûntseach    Wapen fan de gemeente Skiermûntseach
(Flagge fan Skiermûntseach) (Wapen fan Skiermûntseach)
Lokaasje fan de gemeente Skiermûntseach
Provinsje Fryslân
Boargemaster Sjon Stellinga
Haadplak Easterbuorren
Gebiet
- wetter
199,07 km²
-  158,53 km²
Ynwenners 992
Ferkearsieren ---
Netnûmer 0519
Postkoades 9166
Offisjele webstee www.schiermonnikoog.nl
Fjoertoer
Strân by Peal 3
Fearboat Monnik tusken Lauwerseach en Skiermûntseach
Fearboat Rottum tusken Lauwerseach en Skiermûntseach
Langestreek

Skiermûntseach of Skiermuontseach (Offisjeel: Schiermonnikoog), yn it lokale Frysk Schiermonnikeich, Lytje Pole of gewoan it Eilaun, is ien fan de fiif Westfryske eilannen. It is in gemeente mei 1.001 ynwenners (1 jannewaris 2003). De gemeente hat in oerflak fan 199,07 km2, dêr't fan 158,53 km2 wetter, en 44,2 km kust is.

Eilân[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt 1989 is it grutste part fan it eilân in Nasjonaal park. Fan Skiermûntseach giet in fear nei Lauwerseach.

It eilân feroaret, lykas oare Fryske eilannen, ûnder ynfloed fan de Noardsee en Waadsee, hieltiid fan foarm. Om't de wettelike grinzen fan de gemeente, en fan de provinsje, útgongen fan de lytste omfang, lei om 2000 hinne de eastpunt fan it hjoeddeiske, gruttere eilân yn Grinslân, yn de gemeente Iemsmûn. Op 1 jannewaris 2006 is de grins dêrom oanpast, dat dy no troch de Eilannerbalch rint. Op himsels wie it in foardiel om dúdlikens te hawwen oer de ferantwurdlikens oer it eilân, bygelyks by rampbestriding. Lykwols moast de provinsje Fryslân foar de 0,7 km2 lân- en 7 km2 wettergebiet 274.000 euro oan Grinslân betelje, en de gemeente Skiermûnseach nochris 23.000 euro oan Iemsmûning. Dat hie der mei te krijen dat de ferdieling fan it gemeentefûns en fan it provinsjefûns beide basearre binne op gebiet. De lizzing fan it eilân sil no alle tsien jier op 'e nij besjoen wurde.

Skiermûntseach hat ien persoan dy't folslein ferantwurdlik is foar de hiele wetterketen op it eilân, sa wol foar it drinkwetterbedriuw en Wetterskip Fryslân. De meiwurker hâldt tafersjoch op de drinkwetterproduksje, it suverjen fan ôffalwetter, it peilbehear en de dykbewaking. Yn 2010 is it drinkwetterbedriuw renovearre. It bedriuw kin maksimaal 60.000 liter drinkwetter yn de oere produsearje. Dêrneist kin der op it eilân 300 kubike meter drinkwetter opslein wurde.

Plakken[bewurkje seksje | edit source]

It ienichste doarp op it eilân is Easterbuorren, meastal allinnich "it doarp" neamd om't Westerbuorren yn 1719 troch it wanneljen fan it eilân ferlern gien is.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It eilân waard foarme nei de Wettersneed fan 1287.

It eilân hjit nei de Skiere Muontsen fan it Kleaster Klaarkamp, by Rinsumageast. Yn 1440 wurdt de namme Skiermûntseach foar it earst neamd yn akte (fan Philips fan Bourgondje). It wie yn de Midsieuwen yn besit fan dat kleaster en in part fan de mûntsen wenne op it eilân. Yn 1580 waard Fryslân protestantsk, en dêrtroch waard Skiermûntseach eigendom fan de provinsje.

Om't de provinsje te min jild hie waard it eilân yn 1638 ferkocht, en fan 1640 oant 1859 wie it yn it besit fan de famylje Stachouwer. Yn 1859 waard it koft troch John Eric Banck, dy't in nije waaddyk oanlei en helm plante tsjin it stosân.

Yn 1893 waard it eilân ferkocht oan de Dútske greve Hartwig Arthur von Bernstorff-Wehningen, dy't der nullebeammen plante as produksjebosk. Nei de Twadde Wrâldkriich is it as fijannich kaptaal oan Nederlân kaam. Greve Bechtold Eugen von Bernstorff hat yn 1964 noch besocht it eilân werom te krijen, mar moast it yn 1983 dwaan mei in skeafergoeding fan mar 80.000 Dútske Marken.

Wassermann[bewurkje seksje | edit source]

De Wassermann is in 27 meter lange bunker noardeast fan it doarp. De ± 1943 boude Marineflakbatterie-bunker wie part fan de Atlantikwall, in ferdigeningsliny fan de Dútsers yn de Twadde Wrâldkriich.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

Op Skiermûntseach wurdt in dialekt fan it Frysk sprutsen. It Skiermûntseagersk Frysk wykt sa'n soad ôf fan de fêstewâldialekten dat oare Friezen it net maklik ferstean kinne.

Troch tanimmende ynfloeden fan bûtenút (ûnder oare fan it toerisme) waard it dialekt stadichoan ferkrongen troch it Frysk en it Nederlânsk. Op it heden binne der noch mar in hûndert minsken dy't it dialekt praten kinne. Hja neame har eilân "Lytje Pole", dat letterlik betsjut 'Lytse Poalle' (lyts stikje grûn).

Folkloare[bewurkje seksje | edit source]

Om Pinkster hinne wurdt Kallemoai fierd, in feest dat allinnich noch op Skiermûntseach foarkomt.[1][2] Op en om 5 desimber wurdt Klozem fierd.[3]

Gallery[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Meertens Instituut: Kallemooi
  2. Webside gemeente Skiermûntseach: Kallemooi
  3. Webside gemeente Skiermûntseach: Kallemoai en Klozum


Gemeenten yn de Provinsje Fryslân Flagge fan de provinsje Fryslân
Achtkarspelen | It Amelân | It Bilt | Dantumadiel | Dongeradiel | Eaststellingwerf | Ferwerderadiel | Flylân | Frjentsjerteradiel | De Fryske Marren | Harns | It Hearrenfean | Kollumerlân Littenseradiel | Ljouwert | Ljouwerteradiel | Menameradiel | Opsterlân | Skiermûntseach | Skylge | Smellingerlân | Súdwest-Fryslân | Tytsjerksteradiel | Weststellingwerf
wizigje
 
Fryske eilannen
Waddeneilanden.PNG
German Bight.jpg

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Tessel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottum (eilân) - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise