Springe nei ynhâld

Sint-Egbertuskapel (Skiermûntseach)

Ut Wikipedy
Sint-Egbertuskapel
Sint-Egbertuskapel
Sint-Egbertuskapel
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Skiermûntseach
plak Skiermûntseach
adres Badwei 69
koördinaten 53° 29' 11" N 6° 9' 18" E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-katolike Tsjerke
bisdom Grins-Ljouwert
patroanhillige Egbertus fan Rathmelsigi
Arsjitektuer
arsjitekt A.Th. van Elmpt
boujier 1915
boustyl rasjonalisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 512350
Webside
Side fan de kapel
Kaart
Sint-Egbertuskapel (Skiermûntseach)
Sint-Egbertuskapel

De Sint-Egbertuskapel is de roomske tsjerke op it Fryske Waadeilân Skiermûntseach. De kapel oan 'e Badwei datearret út 1915, en hat sûnt 1999 de status fan ryksmonumint. It gebou is wijd oan 'e hillige Egbertus fan Rathmelsigi, in Angelsaksyske abt út it Keninkryk Noardumbrje. Sûnt de ein fan 'e jierren 2000 is de Sint-Egbertuskapel op 'e noed fan 'e jezuïten.

De kapel koart nei de bou

De Sint-Egbertuskapel is boud yn 1915, nei in ûntwerp fan 'e Grinzer arsjitekt Antonius Theodorus van Elmpt. It is in gebou yn 'e rasjonalistyske styl, mei in krúsfoarm wêrby't de beide sealdakken inoar kruse. Op 'e krusing fan 'e dakdielen is in dakruter oanbrocht dêr't in liedklok yn hinget. Oan 'e efterkant fan 'e kapel befynt him in apsis en oan 'e foarkant is in foarportaal tafoege. It gebou is yn mear as in iuw tiid frijwol yntakt bleaun. Yn 'e glês-yn-leadruten binne kristlike symboalen ferwurke, lykas in do en in wyntsjelk.

Fuort njonken de kapel waard om 1921 in fakânsjehûs boud, dat tsjinstdie as roomske fakânsjekoloanje en diel útmakke fan it kompleks fan 'e Sint-Egbertus. Nei 1940 kaam dat fakânsjehûs yn oare hannen, mar it behold syn funksje oant yn 1967. Doe waard it omboud ta in hotel, dat de namme Hotel Egbertsduin krige. Mear as 35 jier lang wie dat eigendom fan 'e Dútske wolwêzensynstelling Caritas, mar yn 2003 waard it ferkocht. Yn 2004 kaam it yn 'e hannen fan 'e Nederlânske Stichting Philadelphia Zorg, dy't it lykwols yn 2009, fanwegen finansjele swierrichheden, wer te keap set hat.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Noten, op dizze side.